It Dambûn Frysk Spul siket mei gauwens jonge Fryske spilers, fan op syn heechst 16 jier, dy’t online Frysk damjenleare wolle. Dy nije stjerren sille Fryslân fertsjintwurdigje op in ynternasjonaal toernoai yn Itaalje yn novimber.
Fan 18 oant en mei 20 novimber reizgje wy nei Aosta (Itaalje) om mei te dwaan oan in ynternasjonaal Frysk damtoernoai. Dêrfoar sykje wy nije spilers dy’t it spul noch net kenne, mar it al leare wolle. Yn in rige fan 10 online toernoaien kin eltsenien it spul oanleare. Dy toernoaien en de begelieding wurde oanbean troch it Bûn mei stip fan ’e Provinsje Fryslân.
Ynskriuwe kin fia lidraughts.org/italie en meidwaan oan dizze lessen kin fia lidraughts.org/fd. Om it spul op ’e kaart te setten by de jongerein hat dy webside no in spesjale ynteraktive kursus: lidraughts.org/fd. Sa wurdt online Frysk damjen noch nijsgjirriger! Boppedat wurdt it sa in stik makliker om it spul te learen.
Under alle dielnimmers oan ’e toernoaien binnen it team op lidraughts.org/team/dfs-interland-aosta-2023 wurdt in seleksje makke dy’t meigiet nei Itaalje. Om dêr kâns op te meitsjen moatte minsken op syn minst oan 8 fan ’e 10 toernoaien meidien hawwe.
Over de auteur