Spulrigels

Spulrigels en wedstriid reglementen:

Spelreglementen2019oktober

1. Lis it boerd sa, dat it fjild loftsûnder donker is. Der wurdt op’e donkere fjilden spile.

2. Wyt begjint.

3. In houtsje mei 1 fjild skean foarút skood wurde.

4. In houtsje mei foarút likegoed as efterút slaan yn 8 rjochtings(dus ek horizontaal en fertikaal).

5. In houtsje dat op’e daamline komt wurdt in wolf, op sa’n houtsje wurdt in oar houtsje setten.(Tink derom: as in houtsje by in slach oer de daamline komt, dan bliuwt it in houtsje).

6. In wolf mei skean foarút en skean efterút skood wurde safier as dat mooglik is.

7. Mei in wolf mei mar trije kear efterinoar skood wurde, dêrnei moat er frij makke wurde troch in slach(eventúeel mei deselde wolf) of in set fan in oare wolf of in houtsje. Dizze beheining ferfalt wannear’t ien inkeld mar wolven hat.

8. In wolf mei slaan yn 8 rjochtings (ek de wolf mei horizontaal en fertikaal slaan). De wolf(daam) hoecht net lyk efter in sleine stik delset te wurden.

9. Slaan is ferplichte.

10. Mearslach giet foar. Twa houtsje hawwe mear wearde as ien wolf. Ien houtsje hat minder wearde as ien wolf.

11. Daamslach giet foar. Kinne in wolf en in houtsje in like grutte wearde slaan, dan giet de wolfslach foar, oars giet mearslach foar.

12. Pas nei de slach wurde de sleine stikken fan it boerd krigen.

13. By it slaan mei ien wol faker as ien kear oer itselde fjild komme, mar net faker as ien kear oer it selde stik.

14. Oanreitsje is sette.

15. As ien spiler 2 wolven hat en syn tsjinstanner hat 1 wolf, dan hat de spiler mei 2 wolven 7 setten om de partij út te meitsjen, oars is it kamp.

16. As in spiler it net mear winne kin is de partij kamp(elk ien wolf).

17. De partij is wûn as de tsjinstanner gjin stikken mear oer hat of fêst stiet.

HJIR is in Spul- en Wedstriidreglemint te besjen en del te heljen