Categorie archief

doorfriesdammen

Dit wurdt neat mear, ik jou de hân.

Dy hân wie net in teken of in tajaan fan it ferlies. Nee dy hân fan Jan Castelein betsjutte: it is kamp lokwinske der mei. It is altiten wat sneu as jo sels in houtsje mear hawwe as jo tsjinstanner en dan dochs konkludearje moatte, dat der gjin salve mear oan te striken falt. Sa kaam der in ein oan in boeiende partij tusken Tineke Teigeler en Jan Castelein. Sy wienen wol dejingen dy’t de langste partij fan de jûn spilen.


De oare twa spullen wienen binnen de koartste kearen bekeken. Nim it spul
tusken Dicky van der Meer en Jelle Wiersma. Dat wie al út foar’t se goed en wol út ein gienen. Teminsten sa like it wol. Der waard aardich flot strutsen en doe wie it ek heel flot út. Jelle liet wer even sjen dat er de teory fan it spul ta it uterste behearsket. It wie foar de mannen it earste spul dizze kompetysje. It twadde spul woenen se dan ek fuortendaliks mar spylje. Sa waarden de houtsjes op ‘e nij opsetten. No dat gyng folle better. Der kaam in nijsgjirrige stân op it boerd. Healwei it spul like der noch net safolle fan te sizzen. Men seit dan yn de taal fan de dammers: Oan de ein fan de fûke fangt men de fisk. De fanger lústere nei deselde namme as de winner fan it earste spul.

In oar spul dat hiel rap besljochte wie, wie de partij tusken Cor Kooistra en Bauke Bos. Bauke spile mei wyt. Hy seach yn de earste set fan swart al dat it oars wie as dat er wend wie. Bauke wist der net rjocht rie mei en die fuortendaliks al in ferkeardenien. It soe foar Kooistra in makje wurde en nei noch wat spinpoatsjen fan Bauke sei dy: Ik kin no ek wol ophâlde want ik stean twa houtsjes efter. Dêr hie er ek gelyk oan.

Utslaggen: Jan Castelein – Tineke Teigeler 0,5 – 0,5; Dicky vd Meer – Jelle
Wiersma 0 – 1; Bauke Bos – Cor Kooistra 0 – 1; Jelle Wiersma – Dicky vd Meer 1 – 0.

doorfriesdammen

Ut as poep-kak

Dizze moandei wiene der wer seis dammers en frij gau wie al dúdlik wa’t winne soene. Uteraard waard der earst noch stil stien by ús degradaasje by de klupkampioenskippen fan ôfrûne sneon. Winst en ferlies stean soms ticht by mekoar. Och, ha we it oare jier wer kâns op promoasje! Tineke
Teigeler makke tsjin de foarsitter gelyk yn de iepening in foutsje, wêrnei Cor Kooistra ien foar kaam en it spul gau út wie. Hjirnei waarden noch ferskate spultsjes spile, want, sa sei ús foarsitter: we binne hjir om wat te learen, wêrnei de ponghâlder sei: dat mei ek wol nei ôfrûne sneon! Dizze
ponghâlder, Ype Boelens, hoechde yn syn spul tsjin Bauke Bos niks te learen want nei in ferkearde set fan Bauke seach er gelyk dat er foar komme koe en doe wie der gjin salve mear oant te striken foar ús skriuwer. Sjoerd Jan Bakker die it ek net goed tsjin Willem Schaap en it spul wie, as lêste fan de
trije spullen, sa út as poep-kak, in bekende útdrukking fan Bakker, wat ek wer fan tapassing wie op dit spul.

Utslaggen: Cor Kooistra – Tineke Teigeler 1-0; Ype Boelens – Bauke Bos 1-0; Sjoerd Ja n Bakker – Willem Schaap 0-1

doorfriesdammen

Lollum klupkampioen Frysk damjen



Easterein – Dat de krêftsferskillen tusken de klups yn it Frysk damjen mar hiel lyts binne, waard sneon yn seal Bergsma yn Easterein op ‘en nij oantoand. It iene jier seit it oare yn dy tinksport net. Waarden De Stadige Strikers ferline jier noch as kampioen huldige, no moasten de Skearnegoutumers nei ôfrin nota bene as degradant wer op hûs oan. It wie dit jier it achttal fan De Rûge Wolf út Lollum dat mei tsjelke en blommen it feest yn gean koe.
De Lollumers leine de basis foar harren einoerwinning al yn ‘e earste omloop. Mei 5-3 waard doe it altyd deeglike Hartwert ferslein. Dêrmei kamen se fuortendaliks al allinnich oan kop, want Skearnegoutum en Aldegea (SWF) dielden de punten. It koe yn dit kampioenskip dus noch alle kanten út.Dat de klups hiel ticht byelkoar sieten, lieten de útslaggen ek sjen. Trije kear koe it hiele lytse ferskil 5-3 notearre wurde, en twa kear sels it lykspul fan 4-4. Mar ien kear wie der in klapper. Yn ‘e twadde omloop sljochte Lollum it Skearnegoutumer bolwurk mei mar leafst 6,5-1,5. Foar Skearnegoutum wie dat in dreun dêr’t de ploech net mear oerhinne komme soe. De lêste omloop tsjin Hartwert soe ek ferlearn gean, ek al wie de útslach fan 3-5 dan wol wat draagliker.Foar de Lollumers hie dy meunsteroerwinning it oangename foardiel dat se tagelyk yn ien klap ek in hiel soad buordpunten byinoar skarrelen. En noch moaier, de konkurrinsje, no yn ‘e foarm fan Aldegea en Hartwert, hold inoar yn dy twadde omloop al wer mei 4-4 yn it lykwicht, en ferskiet sa op ‘en nij in heal wedstriidpunt. Dêr hie Lollum op dat stuit al twa fan, en dy oare beiden mar ien.It kampioenskip koe Lollum yn ‘e lêste omloop dus eins al net mear ûntgean. Mar in triomftocht waard it ek net. Dêr struts Aldegea mei in kreaze oerwinning fan 5-3 in skoatteltsje foar. It betsjutte foar de promovendus in knap twadde plak, mei mar oardel buordpunt minder as de úteinlike kampioen.It is de lêste jierren tradysje dat Blauhús wat hinne en wer pendelet tusken de kampioensklasse en de twadde klasse. No mochten de mannen wer omheech, ek al wie de oerwinning op Jorwert mar minimaal. Troch de ploegen ûnderyn redusearjen nei 6 spilers koe der dit jier wer in folweardige tredde klasse foarme wurde. Dy waard alhiel neffens ferwachting wûn troch de twadde ploech fan Hartwert.

Utslaggen en einstannen
Kampioensklasse: Skearnegoutum – Aldegea 4-4, Hartwert – Lollum 3-5; Lollum – Skearnegoutum 6,5-1,5, Aldegea – Hartwert 4-4; Hartwert – Skearnegoutum 5-3, Aldegea – Lollum 5-3.Einstân (mei tusken heakjes de buordpunten): 1. Lollum 2 (14,5); 2. Aldegea 2 (13); 3. Hartwert 1,5 (12); 4. Skearnegoutum 0,5 (8,5).
Twadde klasse: Blauhús – Jorwert 3,5-2,5, De Gaastmar – Aldegea II 4-2; Aldegea II – Blauhús 1-5, Jorwert – De Gaastmar 4-2; De Gaastmar – Blauhús 2,5-3,5, Jorwert – Aldegea II 4,5-1,5.Einstân: 1. Blauhús 3 (12); 2. Jorwert 2 (11); 3. De Gaastmar 1 (8,5); 4. Aldegea II 0 (4,5).
Tredde klasse: Hartwert II – DFS-tiim 5-1, Lollum II – Blauhús II 2,5-3,5; Blauhús II – Hartwert II 2-4, DFS-tiim – Lollum II 0,5-5,5; Lollum II – Hartwert II 2-4, DFS-tiim – Blauhús II 2-4.Einstân: 1. Hartwert II 3 (13); 2. Blauhús II 2 (9,5); 3. Lollum 1 (10); 4. DFS-tiim 0 (3,5).

doorfriesdammen

Rubryk 16-1-2026

Moarn wurde te Easterein de Klupkampioenskippen ferspile. Rekôrkampioen Hartwert sil it opnimme tsjin titelhâlder ‘De Stadige Strikers’ fan Skearnegoutum, ‘De Rûge Wolf’ fan Lollum en promovendus ’Nocht&Kriich’ út Aldegea-SWF. Alle klups binne oan elkoar weage. Soks wie yn de jierren ’60 ’70 en ‘80 wol oars doe’t earst Hartwert, letter Wurdum en wer Hartwert der fier út rûnen. Oare damdoarpen wienen yn de breedte net sterk genôch. Lykas O.K.K. út Jorwert as it Gaastmarder ‘Stryk Op’. Al slagge it O.K.K. yn 1988 dochs ien kear klupkampioen te wurden. Twa fan de foaroanmannen fan dizze twa klups troffen elkoar by it PK fan 1965.

Yde v.d. Kooy – Augustinus v.d. Goot PK 1965, 7-e rûnte, Ljouwert, 20.2.1965 

1.32-27 20-25 2.27-22 12×32 3.38×27 14-20 4.31-26 10-14 5.37-31 17×37 Fansels net 6. ..16-21 en 7.31-27 18-22 etc. jout mear spul. 6.41×32 5-10 7.32-27 18-22 8.27×18 19×17 9.31-27 17×37 10.42×31 11-17 11.33-29 13-19 12.29-23 19×28 Nei 11. ..13-18! 12.29-24 25×23 (ferpl.) 13.34-30 (driget 30-35) 6-11! 14.26×6 17-21! 15.6×28 21×41 16.46×37 20-24 17.30×19 14×41 18.36-31 41×21 en lyk. No folget de oergong nei posysjoneel striken yn it middenspul. 13.34-30 25×34 14.35×11 1×41 15.46×37 20-25 16.39-34 14-19 17.37-31 10-14 18.40-35 19-24 19.43-39 14-20 20.34×14 4×24 21.39-34 24-30 22.35×24 20×40 23.45×34 9-14 24.50-45 8-13 Wyt stiet wat sterker oan de rjochterkant. 25.44-40 14-20 26.49-44 3-8 27.48-43 13-19 28.43-38 19-24 29.34×14 20×9 30.40-35 7-12 Swart driget mei it heakje troch 6-11. 31.47-41 12-17 32.38-32 9-13 

Dit is it brekpunt fan de partij. 33.41-37 wie de set foar wyt mei bygelyks 33. ..2-7 34.31-27 13-18 35.37-31 17×28 36.26-21 16×27 37.31×11 6×17 38.44-40 as 33. ..13-18 34.32-28 18×38 35.37×39 34.31-27? 17-21! 35.26×19 25-30! (dat earst) 36.35×24 16-21 37.27×16 6×46 (de swarte daam stiet wol fêst) 38.44-40 8-13 39.19×8 2×13 40.40-34 13-18 41.24-19 etc. wurdt noch kamp. Swart hellet in daam nei de wite misser: 33.44-40? 16-21! 34.31×22 15-20! 35.35×24 13-18 36.22×13 8×50 37.26-21 2-8? Hjir hie 50-39 moatten om de daam frij te spyljen. 

No 38.36-31 en der folget (ek op 8-12) 39.21-17! 50×11 40.41-37 11×41 41.37×46 mei winst foar wyt. 38.32-27(driget noch mei 21-17 en 27-21, mar dat wurdt keard.) 38. ..8-12 Wyt spinpoatet noch wat, mar swart pakt troch 39.36-31 50-33 40.31-26 33-47 41.41-37 47-29 42.21-16 12-17 43.16×18 29×1 44.27-22 6-11 45.37-31 11-17 46.22×11 1×41 47.45-40 41-28 Mei de winst foar Stinus van der Goot dy’t sa nei de Kampioensklasse promovearre. En dêr grutte furore meitsje soe mei tolve titels. Lange tiid hie hy dat rekôr oant Hartwerter Taeke Kooistra him ynhelle. 

Twa problemen fan Lollumer dammers: gastspiler Ties Slagter út Den Bosch en wrâldkampioen Marten Walinga 

Nû.17 sw. 4, 6, 8-11, 13, 14, 16, 25 wyt 26-30, 36, 40, 42, 44, 49 

Nû.18 sw. 4, 5, 9, 10, 13, 16, 21, 26 wyt 15, 18, 25, 28, 30, 41, 44, 49  

Oplossingen noch net stjoere. 

Folkert Groenveld 

Riperwei 6 

8623 XH  Jutryp 

groenveldf@hotmail.com 

doorfriesdammen

De kosmische klapper mocht net komme

Dizze jûn wiene der mar seis dammers mar de gesellichheid wie der net minder om. It begûn al nuver trochdat ien fan de buorden net goed del setten wie en sadwaande krigen Jelle Wiersma en Willem Schaap it idee om in oefenpotsje te spyljen wylst de lange hoeke oan de rjochterkant fan it boerd wie en dit foel noch net mei.

Dan it echte damjen. It spul tusken Tineke Teigeler en Ype Boelens wie gau
út. Tineke makke in foutsje nei de iepeningen dat waard troch Ype fuort ôfstraft. Willem Schaap spile tsjin Jelle Wiersma en woe in kosmische klapper helje, sa sei er sels, troch te prebearjen om der yn de iepening in moai stantsje op te krijen en dus op in spesjale manier te iepenjen. Spitich foar Willem mislearre dit en rekke hy twa houtsjes achter. Nei in spul, wat ek wol like op in Hollânsk spul wûn Jelle der partij neidat it noch in moaie partij waard.

De dammers dy’t it langste wurk hiene wiene Bauke Bos en Sjoerd Jan Bakker. It kantsjespul gie moai lykop en yn in stân fan trije tsjin trije, wêrby it like dat Bauke de bêste winstpapieren hie, die Bauke it net goed, sadat Sjoerd Jan ôfruilje koe en Bauke in hout offerje moast. De hearen krigen beide in daam mar dochs gie de winst nei de Bakker en net it Bosk yn.

Utslaggen:
Ype Boelens – Tineke Teigeler 1-1; Willem Schaap – Jelle Wiersma 0-1; Bauke Bos – Sjoerd Jan Bakker 0-1

doorfriesdammen

In nij begjin, mar hoe ’t it ferrinne of eindigje sil…

Hartwert. It âlde jier is ôfrûn, 2026 tsjinnet him oan lykas in nije dampartij: do witst hoe’t it begjint, mar net hoe’t it ferrinne of eindigje sil. In dammer wol net deselde flaters meitsje en graach mei goede foarnimmens begjinne (om der dêrnei efter te kommen dat dit net sa maklik fol te hâlden is). Dat kin tradysjegetrou yn Hartwert dêr’t it earste damtoernoai Frysk Spul fan it jier organisearre wurdt troch de pleatslike damklup.

By it Fryske Spul hat men in soad mooglike iepeningssetten, mei elk har eigen karakter. Elke iepeningsset seit wat oer de spiler dy’t him ferrjochtet. Je binne in klassike spiler, as giest graach tsjin de stream yn? Hâldst fan wissichheid as biist op syk nei oarloch op it boerd? As bin je in romantikus? Hâldst mear fan gokken en giest foar kompleksiteit? Al dizze karakters wiene dizze dei wol oanwêzich op dizze prachtige damdei yn Hartwert.

De A-klasse, bestie út twa groepkes. Groep 1 hie as grutte winner de Ljouwerter Hein de Vries, hy wûn al syn partijen. Der efter folgen trije man mei elke ien winstpartij. Yn groep 2 liet Cor Kooistra sjen dat hy noch wol damje kin. De man út Nylân hie de moarns tsjin de frou sein dat der gjin party winne soe. Oars die bliken, miskien wat gelokkich yn de earste twa partijen, mar de lêste partij makke hy prachtich út. Hy liet syn tsjinstanner mei in berekkene lêste set, smoare yn de koarte hoeke. Syn broer Taeke waard twadde.

De spilers yn de B-klasse wiene oaninoar weage. De trije klupleden Fedde, Klaas en Germ gunden inoar allegear in winstpartij en dêrmei dielden se de earste priis mei-inoar. De mannen sille wol tinke, we moatte noch de hiele winter mei elkoar op de klup. Yn de C-klasse liet Anne de Boer fan him hearre. De boer yn rêst ferdjippet him goed yn it damjen en pakt de lêste tiid faak in priiske op toernoaien. Ek no wie er op dreef en wûn er al syn trije partijen, wêrby’t de winst op de normaal op heger nivo spyljend Sjoerd Kooistra ferrassend neamd wurde mocht. Dy waard úteinlik twadde.

In slagge damdei yn Hartwert mei prachtige partijen. De priiswinners wûnen in amer fol itenswaren. De ferliezers giene ek net mei lege hannen nei hûs. Elkenien krige in pûdsje Fryske dúmkes.

Folsleine útslach:
A-klasse groep 1: 1. Hein de Vries (3p), 2. Tjerk Wijbenga, Dicky van der Meer, Liuwe Westra (1p). A-klasse groep 2: 1. Cor Kooistra (3p), 2. Taeke Kooistra (2p). B-klasse: 1. Fedde Wiersma, Klaas Abma, Germ Bruinsma (1p). C-klasse: 1. Anne de Boer (3p), 2. Sjoerd Kooistra (2p).

doorfriesdammen

Rubryk 2-1-2026

Yn de earste rubryk fan it nije jier sjogge we werom nei in partij út it Frysk kampioenskip fan 1960. Regearjend kampioen Dirk H. de Vries naam it yn de fiifde omloop op tsjin Willem Bakker. Dy hie de titel ek al mear as ien kear wûn. De twa matsjedoaren makken der in moai spul fan mei wikseljende kânsen.

D.H. de Vries – W. Bakker 1.2.1960, 5-e omloop PK te Ljouwert 

1.32-27 20-25 2.27-22 12×32 3.38×27 14-20 4.31-26 10-14 4.38-32 is in moaie set. 5.37-31 17×37 6.41×32 20-24 De ôfruil troch 6. …16-21 7.26×17 7×29 8.34×12 8×17 9.35-30 25×34 10.34×8 3×12 liket wat minder goed. 6. ..5-10 as 18-22 binne better spylber. 7.34-30 25×34 8.40×20 14×25 9. ..11-17 10.33-29 17×37 11.47×27 wurdt dreech spul foar beiden. 9.32-27 25-30 10.35×24 19×30 De ôfruil troch 11.33-29 kin ek. 11.42-38 11-17 12.45-40 17×37 13.40×20 15×24 14.31×42 24-30 15.42-37 7-11 16.37-31 11-17 17.37-32 mei de driging 36-31 17.47-42 1-7 18.42-37 7-12 19.37-32 4-10 20.32-27 17×37 21.31×42 10-15 22.42-37 15-20 23.37-31 12-17? Der drige 26-21, 16×27, 31×22, 12×34 etc. en 23. ..20-25 as 30-35 hie moatten. 

Wyt kin taslaan en spilet 24.31-27 17×37 25.26-21 6×27 mar nimt hjir de ferkearde kar. 26.39-34! 37×28 27.34×21 as 26. …30×28 27.38-32 27×38 28.43×25 en wyt wint de swarte skiif op fjild 37. 26.33-28? 27×29 27.39×17 37×39 28.43×12 2×11 En der in daalk in lykweardich einspul begjinne. 29.48-42 9-14 30.42-37 5-10 31.44-40 10-15 32.40-34 8-12 33.50-45 11-16 It is skowen om de goede posysje. 34.49-43 14-20 35.43-38 12-17 36.36-31 17-21 37.31×11 16×7 38.46-41 7-12 39.41-36 12-17 40.34-30 20×4040.36-31 as 38-32 is better, lykas 42. …7-21  41.45×34 15-20 42.38-33 3-9 43.33-28 9-13  

It is kamp nei 44.36-31 17-21 45.31×11 6×17 46.34-29 20-25 47.37-31 25-30 48.28-22 as 31-26 44.37-31? 17-21 En wyt komt daalk oan en moat in hout jaan. 45.31×11 6×17 46.36-31 13-19 47.31-26 20-25 48.28-22 17×28 Beide spilers kinne op de daam komme.49.26-21 28-32 50.21-17 32-37 51.17-11 37-41 52.11-7 19-23   52. ..47-41 53.7-2 (ferpl.) 47-15 54.2×30 15-33! 55.34×32 25×34 wint swart.  53.7-2 41-461 54.2-11 46 -412 En wyt hat in kâns op kamp.  

55. …11-392  56.41-4739-433  En swart moat no mei in skiif strike, bgl.57.23-28 34-30 58.25×34 43×26. 55.11-50 41-46 56.50-6 46-41 57.34-30 25×34 58.6-50 41-46 59.50-45 34-39 60.45×12 39-43 Swart strykt nei de twadde daam mei winst. De âlde master Sjoerd Tigchelaar soe yn 1960 wer kampioen wurde.

De problemen fan Stellinga-Baron 

Nû.13 sw. 11-14, 16, 20, 21, 23, 36 wyt 25, 32-34, 38, 42, 44, 47, 50 

Nû.14 sw.10, 11, 13, 16, 17,19,21,26, 27 wyt 33-37, 44, 46, 48, 49 

Nû.15 sw. 8, 12, 14, 17, 19, 20,23,24, 26 wyt 21, 25, 32, 35, 37, 42, 43, 45, 49 

Nû.16 sw. 6, 7, 10, 13, 15, 19, 25, 29, 30 wyt 17, 21, 27, 28, 36, 38, 39, 42, 44  

Oplossingen stjoere foar 16 jannewaris. 

Folkert Groenveld 

Riperwei 6 

8623 XH  Jutryp 

groenveldf@hotmail.com 

doorfriesdammen

Jelle Wiersma Nederlânsk Kampioen FRYSK!

Op 30 desimber 2025 waard op Tresoar yn Ljouwert foar de 9de kear in Nederlânsk Kampioenskip FRYSK! holden.

FRYSK! is Frysk Damjen, mar dan mei 5 skiven (ynstee fan 20) foar elke spiler. It spul FRYSK! is ûntwikkele mei stipe fan de Provinsje Fryslân om it Frysk Damjen tagonklik te meitsjen foar nije spilers. Dy opset docht bliken suksesfol te wêzen: sûnt de lansearring yn 2016 is it tal wedstrydspilers fan it Frysk Damjen mear as ferdûbele, mei in protte nije spilers fan bûten Fryslân en sels bûten Europa.

Op 30 desimber wiene der 13 dielnimmers dy’t strieden om de titel. Nei sân omlopen stiene Jelle Wiersma (notiids Frysk kampioen Frysk Damjen) en Marten Walinga (notiids wrâldkampioen Frysk Damjen) beide op 6 punten. Nei in spannende barraazje loek Wiersma by eintsjebeslút oan de langste ein.

It spul FRYSK! hat troch de tinne basisopstelling gjin iepeningsteory, mar winst en ferlies lizze noch altyd tige ticht byinoar. Dat die wol bliken út it feit dat bygelyks Niek Tolsma út Lollum, in dammer dy’t it spul yn ’e koroanatiid ûntdutsen hat, tsjin regearjend Nederlânsk Kampioen FRYSK! Hein de Vries kamp spylje koe. Ek fierders wiene der in protte spannende partijen en ûnferwachte útslaggen.

Alle útslaggen en de einstân binne te finen op ’e webside fan ’e Stifting WFD: https://www.frisiandraughts.com/2pagina/150/12/14/wcf-2026.html

Jelle Wiersma hat him mei dizze titel kwalifisearre foar it folgjende wrâldkampioenskip FRYSK!, dat spile wurde sil op 8 maart 2026 yn Frjentsjer. Oare spilers dy’t har dêr al foar kwalifisearre hawwe, binne Joseph Niyongabo út Rwanda en Pavel Noga út Tsjechië. Op 18 jannewaris 2026 wurdt der yn Itaalje om ’e nasjonale titel FRYSK! damd, en de winner dêrfan mei ek in wraam dwaan op ’e wrâldtitel.

Foar fragen: Liuwe Westra, skriuwer Stifting WFD, 06-30837586

Regearjend kampioen Hein de Vries (l) tsjin Niek Tolsma (foto Stifting WFD)
Barraazje tusken Marten Walinga (l) en de nije kampioen Jelle Wiersma (foto Stifting WFD)
Siward Walinga (l) tsjin de nije kampioen Jelle Wiersma (foto Stifting WFD)


doorfriesdammen

De striid tusken damklup Hartwert en de Stadige Strikers hat wer west.

Wy kinne hast wol sprekke fan in tradysje: Al jierren wurdt sa oan de ein fan it jier damme tusken beide boppesteande klups. Dit jier waard it treffen holden yn Hartwert. Om kertier foar achten stienen der mear Stadige Strikers yn it gesellige en smûke ûnderkommen as dat der spilers fan de thúsploech wienen. De Strikers tochten hast al dat de gasthearen it ferjitten hienen. Allinne wisten se ek wol dat it wol goed siet, want de dambuorden stienen moai op de tafeltsjes te plak.

Tsjin achten kaam der mear reuring yn de seal. De dammers dy’t wend wienen om om acht oere oanwêzich te wêzen kamen no yn in grut oantal binnen drippen. It praat gyng foaral oer it OKT yn it Hearrefean, mar nei’t de foarsitter it wurd naam en de gasten út Skearnegoutum yn it bysûnder wolkom hjitte, wie it praat oer it riden ek wer oer. No moast der damd wurde. Nei in lyts oerke spyljen mochten alle dammers de klokken even stil sette. Doe waarden de priiswinners fan de priisdammerij yn Skearnegoutum eefkes yn it sintsje setten. Op dat stuit wie der noch mar ien partij beslist. En dat betsjutte dat de Strikers al in punt binnen hienen. Geandewei de jûn hienen de Strikers net te kleien oer te min seges. Nee der kamen noch heel wat punten by. Uteinlik wûnen de Strikers mei 2 – 6.

De persoanlike útslaggen: Tsjerk Wybenga – Jelle Wiersma 0 – 1; Hein de Vries – Willem Schaap 0,5 – 0,5; Taeke Kooistra – Dicky vd Meer 0,5 -0,5; Germ Bruinsma – Ype Boelens 1 – 0; Klaas Abma – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Ids Boersma – Cor Kooistra 0 – 1; Tom Vellinga – Bauke Bos 0 – 1; Meinte Wesselius – Tineke Teigeler 0 – 1.

doorfriesdammen

Tweintich dammers yn Skearnegoutum.

Op sneontemiddei 27 desimber kamen tweintich dammers Frysk Spul op it
toernoai ta, dat organisearre waard troch damklup De Stadige Strikers. Mei dat oantal wie it bestjoer fan de krekt neamde klup wakker tefreden. Men wit nea yn it foar as sa’n dei, sis mar de tredde krystdei, wat yn de belangstelling stean sil by de dammers. No dat pakte dus goed út.

Der waard de hilele middei moai troch damme en oan de ein fan de middei wie der mar ien groepke wêr”t yn trije spilers likefolle punten hienen. Alle trije wûnen se fan de selde en ferlearen foierders ien. Alle trije dus twa
punten.Tineke Teigeler de iennige frou yn it hiele selsskip, moast om fiif oere fuort. Dat wie fan tefoaren bekend. Sy gong dus fuort en doe bleauwen der twa oer en it ûnderlinge resultaat tusken dy twa wiisde de winner oan.

Alle groepswinners krigen ek noch in moaie priis as bones fan ien fan de
sponsors fan de wedstryd. No dat gyng deryn as in goeie preek yn in âlderling. De folgjende winners steane hjir ûnder.

Utslaggen: Eare klasse I : 1 Marten Walinga, Waaksens; 2 Taeke Kooistra,
Hartwert. II 1 Fedde Wiersma, Easterein; 2 Willem Hoekstra, Aldegea SWF; III Tsjerk Wybenga, Arum; 2 Folkert Groenveld, Jutryp. HA 1 Ype Boelens,
Menaam; 2 Cor Kooistra, Nijlân. 2de klas: 1 Anne de Boer, Boalsert; 2 Meinte
Wesselius, Wommels.