Dizze kear giet de titel fan dit stikje net oer de striid tusken beide klups, mar oer de striid foar de Fryslân Kup. Striker Willem Schaap moast nei Aldegea om it op te nimmen tsjin Jolke Groenveld en wûn dizze partij. Jolke syn broer, Folkert, wie dizze jûn yn Skearnegoutum om it op te nimmen tsjin Striker Dicky van der Meer en Folkert frege him al gau ôf hoe’t men sa’n nuvere stân op in damboerd krije kin. Se pleagen mekoar wakker en nei oardel oere damjen stie der noch in bulte hout op it boerd. Oant Dicky der in slach út helle en in daam helle. Dizze daam pleage Folkert noch mear en dan is it ekstra oppassen. Mar Dicky joech gjin belies en wûn de partij. Sa binn der no twa strikers troch nei de folgjende ronde fan de Fryslân Kup, It oantal Stadige Strikers wie dizze jûn net sa grut. Bauke Bos hie gjin dammer en koe sjen hoe’t de oare dammers it diene. Tineke Teigeler en Sjoerd Jan Bakker hiene earst efkes oefene en doe koene se ek tsjin mekoar foar de kompetysje. Oant in stân fan fiif tsjin fiif bleau it moai lykop, wêrby sein wurde moat dat Bakker wol wat gelok hie. Spitich foar Tineke ruile se krekt op de ferkearde manier ôf, want oars hier de kâns op Kamp of remise grut west. No gyng se mei in nul nei Sibrandabuorren. It spul tusken Cor Kooistra en Jan Castelein wie ek in aardichheid om te sjen. Cor sei: ik doch it ris raar en dizze set hie Jan wol ferwachte. Hy miende nei in ôfruil ien houtsje achter te kommen, mar dit foel ta. Oant in stân fan fjouwer tsjin fjouwer bleau it lyk oant Jan offerje moast. Mearslach giet foar, dat wie no ek wer sa, mar nei dizze mearslach hie Jan noch mar ien houtsje oer. En mei dit iene houtsje koe hy ús foarsitter net de baas. Mar Jan genietet fan eltse partij en it is moai hoe’t hy it spultsje al ûnder de knibbel krigen hat yn dy pear jier dat hy no op ‘e klup sit.
Utslaggen: Jan Castelein – Cor Kooistra 0-1; Tineke Teigeler – Sjoerd Jan Bakker 0-1. Fryslân Kup: Folkert Groenveld – Dicky van er Meer 0-1; WWillem Schaap – Jolke Groenveld 1-0
Yn de groepsapp fan de Stadige Strikers stjoerde Willem Schaap dat er mar foar de helte oanwêzich wêze soe. Mar ûndanks dat er net hielendal fit wie, wie hy der en as kompetysjelieder joech er himsels twa tsjinstanners omdat der in ûneven oantal dammers wie en sadwaande wie hy dochs hielendal oanwêzich. Jan Castelein wie de iene dammer en dizze aksele aardich tsjin, oan it praat te hearren. Hy woe in driging oplosse, im daam moat men net útpoetse, mart Willem poetsste de wite houtsjes fan Jan fuort en wûn sa de partij. De oare tsjinstanner wie nimmen minder dan Cor Kooistra en dizze hie fuort yn it begjin al swierrichheden trochdat er in ferkearde opbou hie. Ek dizze partij kaam dus op namme fan Schaap te stean. Soan Castelein, by ús Kees neamd, siet tsjin Ype Boelens. Ek Ype sloech foar master op en helle der in bêste ôfruil út. Hy joech Kees in daam en doe noch twa houtsjes en pakte fjouwer wer werom en stie sadwaande ien foar. Wie dit in rot streek? Nee, sei Kees, ik ha it sels dien en ik hie itselde dien. Letter kaam der noch in slachje yn en doe koe Ype op trije manieren slaan en doe wie der gjin salve mear oan te striken. De Strikers wiene wakker bliid dat Sjoerd Jan Bakker wer fan de partij wie. Hy hie troch omstannichheden al in skoft net mear op ‘e klup
west en wie al bang dat er it damjen ferleard hie. Hy moast tsjin syn sjauffeur Bauke Bos en it like neffens syn praat as wie it net bêst. Lokkich kinne wy dat praat en falt it dan meastal wol mei. Nei in skoft kaam der in ôfruil yn dy’t foar Bauke minder útpakte as foar Sjoerd Jan en nei wat tsjinakseljen fan Bauke gyng de winst mei yn de auto nei Snits
Útslaggen: Willem Schaap – Cor Kooistra 1-0; Jan Castelein – Willem Schaap 0-1; Kees Castelein – Ype
Boelens 0-1; Sjoerd Jan Bakker – Bauke Bos 1-0
In iuw en langer lyn wienen de measte dammers Frysk Spul te finen yn de Bouhoeke. Dêr wienen ek in protte klups as Aldebiltsyl, Tsjummearum, Doanjum, Marrum, Minnertsgea, Menaam, Ferwert, Sint Anne, Rie, Hallum en Sint Jabik. It damjen hat him ferlein en om Snits en Boalsert hinne is it no te rêden. Okkerdeis oerlange Hein de Vries my in nijsgjirrich stapeltsje. Yn it winterskoft ’83-’84 hawwe syn omke Willem de Vries en Feike Vogel, beiden fan Minnertsgea, tritich kear ûnderling damd en ek alles opskreaun. De klup, om 1950 hinne de sterkste fan Fryslân, wie opdûkt en de twa matsjedoaren praten dan mar tegearre ôf. De Vries waard twa kear Frysk kampioen (yn 1952 en 1954) en ek Vogel wie in topper.
F.Vogel – W.H.de Vries, Minnertsgea, 6 jannewaris 1984
1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 11-17 5.47-41 19-24 Dit is de Bildtse iepening, tapaslik foar de streek en dy jierren. 6.34×14 10×19 No kin ek 7.40-34 as de ôfruil mei 35-30 7.32-27 17×37 8.41×32 12-17 9.33-28 7-11 Op 9. …7-12 folget wyt mei 32-27 en 28-22. Dan stiet de ‘rún’, skiif 47, wer op stâl. 10.39-34 16-21! Swart set in hout op slach, in ûnderstreek, mar de âld-kampioen kin dit spul út de pen.

11.35-30 kin net, want wyt komt letter mei 17-21, likemin as tichstrike 11.46-41? 19-23 12.28×19 13×24 13.34×14 15×13! 14.35×24 18-23 15.24×22 17×46 16.26×17 46×7 11.34-30 25×34 12.35×33 21×41 13.36×47 17-21 14.26×17 18×16 15.44-39 16-21 16.46-41 11-16 17.41-37 20-25 18.40-35 19-23 19.28×19 13×24 Swart hat de kanten beset en wyt stiet mear oer de midden. 20.50-44 24-30 21.35×24 25×23 22.33×13 8×19 23.44-40 19-24 24.40-35 9-14 25.39-34 24×44 26.49×40 1-7 27.40-34 21-26 28.34-30 16-21 De oanfal 28. …26-31 29.37×26 16×36 keart wyt mei 30.42-37 en dan 37-31. 28. …7-11 is skerper. 29.43-39 7-11 Swart stiet de trije-om-trije ôfruil ta en hie dat mei 14-19 keard. 30.30-24! 14×41 31.47×27 11-1632.32-28 15-20 33.35-30 20×40 34.45×34 5-10

Sa as faker komt it der op oan mei elk seis as fiif skiven. Vogel liket minder te stean, mar dat falt ta en hie mei 35.48-43 goed partij jaan kinnen. Hy nimt no in pear kear de ferkearde kar en dêr wit De Vries wol rie mei. 35.48-42? 10-14 36.34-29 3-8 Wyt hie better 36.34-30 37.37-32 8-12 De ôfruil 38.27-21 is keard. 38.27-22 14-19 39.29×9 4×13 40.38-33 16-21 41.28-23 13-19 42.23×14 21×41 43.14-10 12-18 Wyt sil noch in daam helje, mar dan is it ek gau út. 44.32-27 41-46 45.10-5 18-22 46.5×1 22×31 47.1×41
De problemen út 1947 binne fan Ulbe Hamersma út Tsjummearum.

Nû.5 sw. 2, 4, 6-10, 13, 17-20 wyt 27, 29, 31, 33, 36, 37, 39, 43, 46-48, 50

Nû.5 sw. 7, 9, 12, 16, 19, 24, 26, 29, 30 wyt 32, 33, 36, 38, 41, 44, 46, 48
Oplossingen noch net stjoere.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
Ferline wike binne de Stadige Strikers wer begûn en op de earste jûn is altyd de ledefergadering. Faaks is dit gau klear en kinne de houtsjes noch efkes tefoarskyn tovere wurde, mar dizze kear wie der wat mear te bepraten, dus de houtsjes, klokken en dambuorden krigen noch in wike rêst. Dizze jûn waard wer begûn mei de kompetysje en de sfear siet der goed yn en wêrby opmerkelik wie dat alle dammers dy’t wyt hiene harren partij wûnen. Kees Castelein en Jelle Wiersma wiene as earste út
en Kees hie in moaie set oer de holle sjoen en as er dit al sjoen hie dan wie de partij wierskynlik hiel oars ôfrûn. Jan Castelein waard stadichoan ôfslachte troch Ype Boelens en makke, neffens eigen sizzen, in klassike fout. Cor Kooistra iepene tsjin Tineke Teigeler wat oars as Tineke wend wie en de tredde set wie in ferrassende foar Tineke en doe wie se alhiel út har spul en ferlear de partij. De partij fan de jûn wie dy tusken Willem Schaap en Bauke Bos en dizze duorre frij lang. Willem moppere wat oer in waardeleaze stân en siet yn de Attack-modus. It gefoel by him wie dat er ien achter stie, mar it bleau lang lyk. Hoe kom ik fan dy Bauke ôf, spile troch syn holle, want der kamen de hiele tiid lûkjes yn dy’t er moai foarkomme koe. Op it ein kaam it dochs noch goed foar him, want hy wûn de partij dochs noch en Bauke fûn dat er mei eare ferlern hie.
Utslaggen: Jelle Wiersma – Kees Castelein 1-0; Ype Boelens – Jan Castelein 1-0; Willem Schaap – Bauke Bos 1-0; Cor Kooistra – Tineke Teigeler 1-0
Mei rjocht en reden kin Taeke Kooistra fan Hartwert in grut kampioen neamd wurden. Mar leafst achttjin kear is hy Frysk kampioen wurden. En hat fierder alle dammerijen en grutte toernooien wûn en as earste-boerd-spiler fan de eigen klup ek withoefolle kampioenskippen behelle. De lêste jierren komme der nije toernooien op de dam-agenda en behelje ek dammers fan bûten Fryslân prizen. By it Fryslân Open fiif jier lyn mochten Russen noch meidwaan en behelle de ferneamde Aleksander Georgiev de preemje. En dy wie fan it maitiid foar Lukasz Kosobudzki út Poalen. Mar de winst wie foar Kooistra. En soe hy yn de twakamp tsjin wrâldkampioen Marten Walinga syn palmares dan noch moaier meitsje?
T.Kooistra – M.WalingaWarkum, WK 2026, tredde omloop 31 july 2026
1.32-27 20-25 2.27-22 12×32 3.38×27 19-23 4.31-26 14-19 5.33-29 17-21 6.26×17 11×31 7.36×27 7-12 8.37-32Nei 7.41×21 16×27 8.37×17 18×16 9.29×20 as 7.37×26 25-30! 8.35×22 18×27 9.26×28 19-23 etc. is de iepening foarby mei in rêstich spul. Wyt spilet no de skerpste fariant. 8. …19-24 9.29×20 25×14 10.43-38 2-7 Sekuurder is 6-11 om nei 1-6 wyt te twingen ta in foar swart posysjoneel geunstige trije-om-trije ruil troch 27-21. Wyt kin no oanfalle mei 11.27-21 16×27 12.32×21 23-29 13.39×17 7×16 14.38-32 12-18 15.32-27 18-22 16.27×18 13×22 17.42-37 22-27 18.37×17 16×18 19.48-42 8-12 20.42-37 12-17 21.37-31 17-21 22.31×11 6×17 De dûbele hoeke fan swart wurdt hieltiid mear úttinne. En wyt giet noch mear dy kant út. 23.49-43 17-21 24.43-38 14-20 25.34-30 18-22Nei 34.41-37 hie wat wat better bleaun. De partij komt no folslein yn it lykwicht 26.41-36 20-25 27.36-31 21×41 28.46×37 25×34 29.35×33 9-13 30.47-41 10-14 31.37-32 22×42 32.38×47 13-18 33.33-28 18×38 34.44-39 38-42 35.41×43 4-9 En op nei it einspul.36.43-38 9-13 37.38-32 1-6 38.32-27

38. ..3-8 wie de set. En bygelyks 39.47-41 13-18 40.27-21 18-22 41.21×23 8-13! 42.23×3 14-20 43.3×25 15×33 en sil kamp wurde.38. …6-11? 39.47-41 11-16 40.41-37En wyt kin it opbouwe yn de dûbele hoeke en swart stomp rinne litte.40. ..13-18 41.37-32? Swart hat de kâns. Sa as faker kantelt it spul oan de ein.

Kamp wurdt it nei 41. …18-22! 42.32×12 3-8! 43.12×3 14-20 44.3×25 15×33 45.50-44 5-10 as 42.27×18 3-8 43.32-28 16-21 en 44.39-34 14-19 45.18×20 15×35 46.45×25 5-10 as 44. …16-21 45.18-12 8×17 46.28-22 17×28 47.34-29 28×30 48.40×9 41. …3-8? 42.39-33 8-13 43.40-34 5-10 44.34-30 14-19 45.45-40 18-23 46.33-28 10-14 Kooistra strykt it kreas út. 47.40-35 14-20 48.30×10 15×4 49.35-30 23-29 50.30-25 16-21 51.28×30 21-26 52.32-28 4-10 53.25-20 26-31 54.20×9 31×33 55.9-4 En sa kaam de útdager op 2,5 – 0,5 mei noch acht partijen te gean.
Nû.1 sw. 6-8, 11, 13-15, 18, 20, 24 wyt 16, 28, 31-33, 38-40, 41, 43
Nû.2 sw. 10, 11, 13, 14, 16, 17, 19, 21, 23, 26, 27 wyt 25, 30, 32, 35, 36, 38, 40, 41, 46, 48, 50
En twa problemen út de jierren ’50 fan Brant Annes Siebesma fan Seisbierrum

Nû.3 sw. 7, 8, 12, 13, 17-19, 22-24, 29, 30, 35 wyt 21, 31, 33, 37-39, 43, 44, 49

Nû.4 sw. 2, 4, 6, 9, 10, 13, 15, 17-20, 23 wyt 16, 26, 31, 32, 34-36, 39, 42-44, 49
Oplossingen stjoere foar 16 oktober.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
Mei it beheljen fan de fjirde wrâldtitel yn suksesje hat Marten Walinga in prestaasje fan formaat del setten. Te mear omdat de Lollumer as driuwende krêft fan de stifting WFD (Worldchampionship Frisian Draughts) in grutte rol yn de organisaasje hat. Nei twa toernooien yn 2018 en 2024 en in eardere match yn 2021 wie it no oan de winner fan it lêste Fryslân Open Taeke Kooistra om de striid oan te gean. It waard in tige spannende twastriid mei wikseljende kânsen. Yn de lêste fan alve omlopen, wêrfan mar trije kamp, helle de útdager de winst. En moasten der twa barraazjes mei hieltiid koartere tinktiid oan te pas komme foar in beslissing.
T.Kooistra – M.Walinga, Harns 9.8.2026 WK 2026, twadde barraazje-partij
Bysûnder wie dat de wytspiler lykas yn alle oare partijen 32-27 as earste set die. Ek Walinga spile oars net as dit. Soks betsjut faaks in minder dreech begjin. 1.32-27 20-25 2.27-22 7×28 3.33×22 8×27 4.31×22 12×32 5.38×27 11-17 6.27-22 17×28 7.34-30 25×34 8.40×27 19-24 9.37-31 39-34 is skerper 9…14-20 10.31-26 24-30 11.35×24 20×29 12.39×19 13×24 13.43-39 24-30 14.41-37 7-11 15.42-38 30-35 16.45×25 15×35 17.37-3110-15 18.38-32 15-20 19.39-34 35×33 20.32×34 20-25 Wyt koe oerdwers ôfruilje, faaks goed yn it begjin, mar strykt no nei de midden. 21.34-29!? 25-30 21. …9-14 is better

Mei 22.29-23 hat wyt de kâns om goed ôf te ruiljen. 22…8-12? om 23-18 en 27-21, lykas 22. ..9-14? om 23-19 etc. Dus 22…5-10 23.23-18 8×28 24.27×29 30×28 25.27-21 16×27 26.31×33 Mar wyt ruilet daalk en kriget op fjild 29 in minne skiif. Dy wurdt hieltiid mear in bongel oan ‘e poat. 22.44-40? 30×28 23.27×29 9-14 24.40-35 14-20 25.31-27 8-12 26.46-41 12-17 Wyt woe ôfruilje troch 29-24 en 27-21, mar dat stiet swart net ta. 27.27×7 1×12 28.35-30 20×40 29.50×30 12-17 30.41-37 3-9

Wyt hie noch goed spul nei 31.37-32! En bygelyks 31. …2-7 32.32-27 17×37 33.47×27 9-14 34.49-44 14-20 35.30×10 5×14 36.29-24 14×34 37.44×24 11-17 38.27-21 16×27 39.26×28 Mar no wurdt it in dreech ferhaal. 31.49-44 9-14 32.44-40 14-20 33.30×10 5×14 34.37-31 14-20 35.31-27 17×37 36.47×27 4-10 37.40-34 11-17 Der is gjin ferwin mear. Swart strykt it út38.27×7 2×11 39.48-42 16-21 40.26×17 11×22 41.42-37 6-11 42.37-31 11-17 43.31-26 20-25 44.36-3110-15 Wyt hat neat mear en jout it terjochte op. De wrâldtitel is wer foar Walinga.
De problemen foar de ledderwedstriid binne beide fan Stellinga-Baron

Nû.1 sw. 6-8, 11, 13-15, 18, 20, 24 wyt 16, 28, 31-33, 38-40, 41, 43

Nû.2 sw. 10, 11, 13, 14, 16, 17, 19, 21, 23, 26, 27 wyt 25, 30, 32, 35, 36, 38, 40, 41, 46, 48, 50
Oplossingen noch net stjoere.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
Harns – De finaledei begûn mei in koarte taspraak fan Durk Talsma, sekretaris fan de SKS. Hy beklamme de histoaryske bân tusken Frysk Damjen en Skûtsjesilen as Fryske sporten. Hjirnei begûn de alfde partij, wêryn’t beide spilers derfoar keazen ien fan de meast komplekse iepeningen te spyljen. Dit type spul einiget faak yn in kombinaasje yn it foardiel fan ien fan de spilers, en sa gie it no ek. Walinga (swart) spile bewust in aventoerlike fuortsetting op ’e njoggende set. Kooistra wachte syn kâns ôf, en wist de stelling hieltyd mear nei syn hân te setten. Walinga besleat op de 19de set ta in set dy’t ta in ôfruil liede kinnen hie, mar troch in ferkearde slachkar útrûn op in winnende kombinaasje foar Kooistra. Dêrmei wie de partij nei krekt wat mear as 2½ oeren spyljen beslikke. Sa waard de langste partij fan de match folge troch de koartste, wie de stân op ’en nij lyk mei 5½-5½ en moast der in barraazje hâlden wurde. Yn oerienstimming mei de regleminten fan de Stifting WFD folge dy koart op de lêste partij, mei omkearde kleuren (Walinga wyt), en de helte fan de spyltiid: 45 minuten foar elke spiler, mei hieltyd 15 sekonden ekstra de set.
Yn de praktyk die bliken dat der net ien, mar sels twa barraazjes nedich wiene. De earste ferrûn tige lykmjittich en einige yn in trochbraak foar beide partijen yn de lange hoeke. It einspul fan twa tsjin twa houten waard folslein korrekt útspile, dat it resultaat wie kamp. Dêrnei waard de spyltiid op ’en nij troch de helte dien: 22 minuten de spiler, en foar elke spile set 8 sekonden derby. Op ’en nij keazen de spilers foar in net te drege fariant, dêr’t yn heech tempo de nedige skiven yn opromme waarden. Sa bleau der, krekt as yn de earste barraazje, genôch tiid oer om it einspul it omtinken oandacht te jaan dat nedich wie. Lange tiid ferrûn de partij lykwichtich, wêrby’t beide spilers op de rjochterkant fan it boerd (foar wyt) spilen. Mar yn de rin fan it spul kaam Walinga hiel stadich wat komfortabeler te stean. Uteinlik besleat Kooistra ta in ôfruil dêr’t er in wat te fier nei foaren pleatste skiif oan oerhold. Walinga bútmakke dit goed út, en by einsluten die bliken, doe’t beide spilers noch 4 houten op it boerd hiene, dat de stân foar Kooistra ferlern wie. De stân wie sa goed as symmetrysk, mar swar hie krekt wat mear frijheid en wyt wie twongen om te offerjen. Omdat der noch gjin akute tiidneed wie, joech Kooistra sportyf Walinga de hân, wêrmei’t dy foar de fjirde kear de wrâldtitel binnenhelle.
By de priisútrikking ferklearre wethâlder Hendrik Sijtsma fan Harns dat der praat wurde koe fan twa topwiken op sportyf mêd yn Fryslân: kampioenskippen fan SKS en IFKS, de PC en de Freule en net te ferjitten it Fierljeppen. Mar, sa ornearre Sijtsma, it meast spannende kampioenskip wie dizze kear it WK Frysk Damjen. Dêrnei hong er Walinga de fertsjinne krânse om it skouder.
Ek no waard it live kommentaar fersoarge troch Alexander Shvartsman, bystien troch Folkert Groenveld. In pear tsientûzenen taskôgers út de hiele wrâld hawwe syn analyze dizze wiken folge.
It earstfolgjende WK Frysk damjen stiet pland foar 2028. Der sil dan wer striden wurde troch 16 titelkandidaten. It is net fansels dat Walinga by harren wêze sil: ek hy sil him yn ’e rin fan it foarôfgeande jier pleatse moatte.
Harns – Marten Walinga hat de tsiende partij fan de wrâldtitelmatch Frysk damjen wûn. Yn de oant no ta langste partij fan de match moasten beide spilers ta it uterste gean. Uteinlik foel it beslút pas yn it einspul, doe’t de tiid op de klok foar beide spilers krap waard. Walinga nimt dêrtroch mei in 51 july 2 -41 foarsprong de lieding mei nei de beslissende lêste partij.
Yn it iepeningswurd spruts Ids Hellinga, foarsitter fan de PC, de spilers en oanwêzigen ta. Hellinga fertelde oer syn eigen kennismakking mei it Frysk damjen. Hy hie foarôfgeand oan de match ferskate partijen op Lidraughts spile en wie dêrtroch ta in dúdlike konklúzje kaam: Frysk damjen is in echte Fryske sport. ” Friezen hâlde net fan remize. Ast oan in wedstriid begjinst, giest foar de winst. ” Neffens Hellinga jildt dy ynstelling net allinnich efter it damboerd, mar is sy kenmerkjend foar de Fryske sporten.
Ek op it boerd waard dy striidlust fuort sichtber. Nei in pear ruiljen yn in gambytiepening moasten beide spilers al betiid in wichtige kar meitsje oer it fierdere ferrin fan de partij. Der ûntstie in skerp oanfallend spul op de dûbele hoeke, in spylwize dy’t ûnder kenners bekend stiet as in kar wêrby’t beide spilers mei klam foar de winst gean.
Walinga keas foar in drege ferdigenjende opstelling, en syn oanfal waard al betiid ôfslein. Yn it lette middenspul like Kooistra dêrfan profitearje te kinnen. Der siet in protte ûnthjit fuortsetting yn de stelling, mar de lange rige setten dy’t dêrfoar nedich wie, bliek amper út te rekkenjen.
Kooistra bleau ûnderwilens nije drigingen yn de posysje flechtsjen, dy’t troch Walinga hieltyd op tiid herkend en parearre waarden. Nei ferskate ruiljen ûntstie úteinlik in tin einspul. Dêryn like it foardiel krekt nei Walinga te ferskowen. Kooistra moast as earste in skiif offerje om in trochbraak te forsearjen. Ek doe stie Walinga foar in drege kar: hokker skiif moast rjochting de damline en op hokker posysje? De restearjende skiven blieken nammentlik dreech te ferdigenjen.
Troch sterk tsjinspul fan Kooistra ûntstie úteinlik in einspul dêr’t Walinga in skiif mear yn hie, mar dêr’t teoretysk noch kamp mooglik wie. Mei foar beide spilers noch mar in pear minuten op ‘e klok wie it finen fan dy remizegong lykwols hast in ûnmooglike opjefte.
Uteinlik briek in skiif troch en wie de beslissing fallen. Walinga giet dêrtroch mei ien punt foarsprong de lêste partij fan de match yn. De spanning kin amper grutter: Kooistra moat winne om de wrâldtitelmatch yn lykwicht te bringen en in barrazjepartij ôf te twingen, wylst Walinga oan kamp genôch hat om de wrâldtitel Frysk damjen te feroverjen.
Ek njonken de twakamp wie der folop omtinken foar it Frysk damjen. Op de Barentszwerf waard in toernoai Frysk damjen organisearre. De oerwinning gie nei de Tsjechise Petra Dušková, wêrmei’t opnij dúdlik waard dat de belangstelling foar it Fryske spul yntusken oant fier bûten Fryslân rikt.
De lêste partij seit dêrmei ta in wiere apoteoaze te wurden fan in match dêr’t beide spilers inoar amper wat tajûn hawwe. Ien partij, ien punt ferskil en in wrâldtitel dy’t op it spul stiet.
HARLINGEN – De ûntknoping fan de WK Match Frysk damjen bliuwt oant de alderlêste dei bewarre. Nei in senuwslopende njoggende partij holden regearjend wrâldkampioen Marten Walinga en útdager Taeke Kooistra inoar op ‘e nij yn lykwicht. Mei noch twa partijen te spyljen is de tuskenstân ûnferoare, wêrtroch’t de wrâldtitel pas op de slotdei beslist wurde sil.
De wrâldtitelstriid wurdt dit jier net allinnich by histoaryske Fryske lokaasjes del spile, mar hat ek in symboalyske oerienkomst mei de Alvestêdetocht. Fan Ljouwert fia Warkum nei Harns wurkje beide spilers de match om sa te sizzen ôf by de Fryske alve stêden del, alle dagen draacht de partij de namme fan ien fan de alve stêden.
WFD bestjoerder Liuwe H. Westra luts foarôfgeand oan de njoggende partij in treffende parallel mei de reedrydsklassiker. “Fan Harns ôf begjint de tocht pas echt,” fernaam er mei in knypeach op. “Lykas by de Alvestêdetocht wachtet fan hjir ôf faak de tsjinwyn.”
Foar wat luchtichheid soarge dêrnei de bekende Harnzer Wiebe van Dijk, politikus én sjonger, dy’t de seremoaniële earste set ferrjochte. Hy fertelde dat er eartiids sels ek Frysk damme hie, al heakke er der mei gefoel foar humor oan ta: “Ast gau in partij ferlieze woest, moast foaral Frysk begjinne te damjen.” Syn opmerking soarge foar de nedige glimkje ûnder de oanwêzigen.
Op it boerd wie fan luchtichheid lykwols gjin sprake. Beide grutmasters keazen foar in skerpe iepening dy’t dúdlik ôfwykte fan de eardere partijen yn de match. Nei in lytse ûnsekuerens fan Kooistra like Walinga stadichoan de regy yn hannen te krijen. Syn posysje ferbettere stadichoan en de regearjend wrâldkampioen like ôf te gean op in belangrike oerwinning.
It ferrin fan de partij krige lykwols in ferrassende kear doe’t in krúsjale ôfruil folslein oer de holle sjoen waard. Ynienen wist Kooistra syn drege posysje om te bûgjen nei in kânsryk einspul. Mei noch mar fjouwer skiven de spiler op it boerd like Walinga sels te min tempo oer te hâlden om de remizehaven noch te berikken.
Lykas sa faak yn dizze wrâldtitelstriid bliek ek dit einspul fol ferburgen winskingen te sitten. De sterkste fuortsettingen waarden troch beide spilers mist, wêrnei’t úteinlik oan wjerskanten in daam helle waard. Hoewol’t Kooistra boppedat twa ekstra skiven yn it sintrum hie, bliek de resultearjende stelling yn de analyzekeamer net mear te winnen. Ek Kooistra kaam ta dy konklúzje en besleat yn te stimmen mei remize.
Nei njoggen partijen is de stân noch altyd folslein yn lykwicht. Dêrmei is ien ding wis: de striid om de wrâldtitel Frysk damjen wurdt pas op de lêste spyldei beslist. De spanning yn Harns is dêrmei grutter as ea.
As by-aktiviteit waard op ‘e Barentszwerf in toernoai FRYSK! spile mei as winner Liuwe Westra.
Harns – Taeke Kooistra hat de achtste partij fan de wrâldtitelmatch Frysk damjen wûn en dêrmei de stân wer folslein yn lykwicht brocht. Nei in partij fol ferrassingen, yngewikkelde farianten en kânsen oer en wer luts de útdager yn it einspul oan ‘e langste ein. Mei noch trije partijen te gean is de tuskenstân 4 -4.
De seremoaniële iepeningsset waard dien troch Stephan Rekker, foarsitter fan de stichting Friese Rijwiel Elfstedentocht. Rekker is net ûnbekend mei it Frysk damspul; yn syn jeugd spile er it spul yn Winsum. Yn syn iepeningswurd stie er stil by it feit dat dizze tocht al sûnt 1912 de moaie Fryske alve stêden oan docht. De jierlikse fyts Alvestêdetocht lûkt yntusken sa’n 15.000 dielnimmers en heart dêrmei ta de grutste sporteveneminten fan de provinsje. Ek beide wrâldtitelkandidaten, Marten Walinga en Taeke Kooistra, hawwe de tocht meardere kearen folbrocht.
Mei de achtste matchpartij is de symboalyske rûte fan de WK-match yntusken oankaam yn Boalsert. Al betiid yn ‘e partij ferskynde in noch net earder fertoande fariant op it boerd, wêrtroch’t beide spilers daliks ta it uterste twongen waarden. Wat folge wie in fassinearjend taktysk gefjocht dêr’t oanfal en ferdigening inoar hieltyd yn ôfwikselen. Drigingen moasten oan beide kanten sekuer neutralisearre wurde, wylst ek yn de analysearomte koartseftich socht waard nei mooglikheden om earne in beslissend foardiel te ûntdekken. Dy bliek lange tiid net oanwêzich.
Pas yn it einspul wist Kooistra stadichoan de rezjy nei him ta te lûken. Hy boude sawol in tempofoardiel as in komfortabele foarsprong op de klok op en sette Walinga dêrmei hieltyd fierder ûnder druk.
Krekt de tiidsdruk spile de regearjend wrâldkampioen úteinlik parten. Yn in einspul mei noch elk fiif skiven ûntbruts de tiid om de iennige kampfariant te finen. Kooistra profitearre optimaal en fierde it restearjende einspul feilleas nei winst. Troch dizze oerwinning is de spanning yn de wrâldtitelmatch folslein werom.
Mei in likense stân en noch mar trije partijen te spyljen binne beide spilers noch altyd folslein yn de race foar de wrâldtitel. Alles wiist derop dat it beslút pas op de lêste spyldei falle sil, wêrtroch’t leafhawwers harren opmeitsje kinne foar in triljende ûntknoping fan dizze bysûndere twakamp.