Oankommene sneon 21 febrewaris is de barraazje fan it Frysk Kampioenskip. Jelle Wiersma en Henk Haanstra hawwe elk seis punten helle yn it reguliere toernooi yn de Kampioensklasse. Dan wurde der yn elts gefal twa partijen spile yn in barraazje. Mocht der dan noch gjin beslissing fallen wêze,wurdt der ien partij trochspile oant dat wol sa is.
De barraazje begjint om 10 oere.Meastentiids is de twadde partij dan fan in oere as 14 oant 14.30 los. Mocht der noch in tredde partij nedich wêze, dan is dat op in oare dei.
De partijen binne ‘live’ te folgjen op www.kndb.nl en gean dan nei toernooibase en dan nei (semi)live.
Plak en tiid 10 oere Kluphús Sie-Sa te Blauhús
Der wienen twa ôfsizzingen en doe bleauwen der mar seis dammers poer. Dy dammers waarden noch even bypraten oer de resultaten fan de dammers op de persoanlike kampioenskippen. Jelle Wiersma kin noch kampioen wurde, mar dan moat er wol winne yn de baraazjepartijen tsjin Henk Haanstra. Willem Schaap hanthavene him yn de kampioensklasse troch de lêste twa partijen te winnen. Hy kaam mei in heal puntsje yn Aldegea en gyng mei twa en in heal punt werom nei Jirnsum. Yn de twadde Acht pakte Cor Kooistra ien en in heale punt en einige op it sechde plak.
Kees Castelein liet him moandeitejûn fan syn bêste kant sjen. Hy struts hiel
sterk nei winst yn syn partij tsjin Bauke Bos. Hy boude de partij moai op en
kaam mei twa houtsjes op de keale lange hoeke fan Bauke ôf. Ien houtsje koe Bauke noch wol de baas, mar twa wie him te mânsk. Kees krige dus in daam en doe wie it mei Bauke bekeken.
Heit spile tsjin de grutte man Jelle Wiersma. De lêste joech twa houtsjes foar. Ja en dan wurdt it fansels in hele toer om der winst út te heljen. Dat slagge ek net. Willem Schaap hie suver wat begrutsjen mei de foarsitter: hy stelde foar om de ferliezende set werom te nimmen, mar dat woe de foarsitter net, fansels net! Se spilen de partij út en Willem wûn.
Utslaggen: Jelle Wiersma – Jan Castelein 0 – 1; Cor Kooistra – Willem Schaap 0 – 1; Kees Castelein – Bauke Bos 1 – 0.

De helte fan it Frysk kampioenskip is west no´t fjouwer fan de sawn omlopen ferspile binne. Oars wie de omloop trochdewykse yn Jorwert al west, mar is om de izel in wike útsteld. En betsjut dat de favoriten elkoar allegearre noch tsjin komme. Kampioen Jelle Wiersma en Marten Walinga hawwe beide alles wûn en outsider Henk Haanstra folget op in heal punt. Rekôrkampioen Taeke Kooistra folget noch op twaddel punt. De bruorren Marten en Siebe Walinga troffen elkoar yn de twadde omloop.
M.Walinga – S.Walinga, Skearnegoutum 2-e omloop, PK, earste acht, 31.1.2026
1.32-27 20-25 2.27-22 17×28 3.33×22 18×27 4.31×22 12×32 5.38×27 25-30 6.40×18 8×26 7.34-30 14-20 8.30-24 20×29 9.39×8 2×13 10.35-30 15-20 11.30-25 7-12 12.25×14 13×15 13.43-39 It is in deeglike partij sûnder aventoeren. Meastal is ito ars by de Walinga’s. 13. …9-14 14.37-31 26×37 15.42×31 14-20 16.39-34 20-25 17.41-37 10-14 18.44-40 14-20 19.40-35 20-24 20.34×14 15×13 21.35×15 5×25 Swart hie ek omheech ôfruilje kind. 22.45-40 13-19 23.50-45 4-10 24.48-43 19-24 25.40-35 10-15 26.49-44 3-9 27.43-39 25-30! In ferrassende set om 39-34 foar te wêzen. 28.31-26 15 20? Hjir hie 28. ..12-17 moatten. Swart kriget it dreger en wêrom dizze set? Is swart bang foar 39-33, 44-39 en dan 39-34? Dat wat keard troch 30-34 at swart skiif 9 stean lit. 29.37-31 12-17?

Wyt hie taslaan kind mei 30.44-40! 30×50 31. 47-41 en hoe as swart mei de daam slacht, it is út. 31. ..50×28 as 50×33 32.31-27 17×37 33.41×3 31. …50×22 32.26-21! 17×37 33.41×12 11×13 34.35-30 24×35 35.45×23 30.31-27? 17×37 31.47×27 11-17? Swart hie noch spul hawn nei 31. ..9-14 32.27×7 1×12 En wyt mei in moaie kombinaasje no wol dien wurk.

33.26-21! 16×27 34.44-40! 30×50 35.36-31 50×41 36.46×19 Promovendus Bernard Kroon hat it dreech en moast yn de fjirde omloop te Lollum tsjin Jelle Wiersma wer in ferlies by skriuwe. Nei 31.42-37 oars net as

31. ..18-23? 32.30-24 19×30 33.35×22 21×23 34.32-27 15×35 35.45×25 26×28en Wiersma wint.
Twa nije problemen fan Stellinga-Baron

Nû.21 sw. 3,5, 9,13,14,16, 21, 22, 25, 27 wyt 15, 33-36, 42-45, 49

Nû.22 sw.6,7,12,14,18,20, 22, 23, 28, 30 wyt 16, 26, 32, 36, 37, 39, 41, 43-45
Oplossingen noch net stjoere.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
Oan de ein fan de damjûn murk de skriuwer op dat by alle partijen swart de winnende kleur wie. Dochs wie dit noch net sa fanselssprekkend. Nim no de partij tusken Bauke Bos en Cor Kooistra. Bauke rekke al ga uien foar en liet de foarsitter bot skrikke. Spitich foar him makke hy letter in foutsje
en doe wûn de foarsitter de partij tsjin de skriuwer. Tineke Teigeler spile har twadde partij tsjin Ype Boelens. Tineke damde, nei eigen sizzen, al better dan de earste partij mar moast dochs wer belies jaan. Heit en soan Castelein spilen harren earste partij tsjin mekoar. Heit Jan wie benaud en soan Kees stuts him de gek oan. Jan seach in mearslach oer de holle en Kees hie hjir wakker wille om en sei neat. Mar letter oerkaam Kees itselde en doe seach Jan it wol. Jan wiisde Kees wol op de rigels fan it spul en doe moast Kees wol slaan. Men mei syn of har tsjinstanner der wol op wize (as it him/har) út komt om dochs noch te slaan en de krekt diene set werom te lûken, mar faaks docht men dit allinne as it yn it foardiel is. No kaam it Jan wol út en wûn er de partij. As treast hat er de kofje mar betelle foar syn soan. De spullen fan Tineke en Jan wiene gau út en sadwaande woene se wol tsjin mekoar omdat se beide wolris in kear in jûn oerslaan. Dit wie fansels gjin probleem en dit waard ek in nuver spul. Beide seagen se mearslach oer de holle. Tineke fergeat in kear trije yn plak fan twa te slaan en dit hie Jan ek net sjoen. Op it momint dat Jan twa foar stie, koe Tineke allinne mar wei jaan en joech Jan de hân. Omstanners sjogge faaks mear dan de dammers sels en sa seach Ype dat Tineke de partij winne kinnen hie troch in pear setten earder in daam te jaan en dan wat houtsjes en sa de winst pakke kinnen hie. Mar ja, sa is it damjen….
Utslaggen: Kees Castelein Jan Castelein 0-1; Bauke Bos – Cor Kooistra 0-1; Tineke Teigeler – Ype Boelens 0-1; Tineke Teigeler – Jan Castelein 0-1

By it damjen fan de Stadige Strikers en ek by oare klups Frysk Spul wurdt der faaks gesellich op los praat. De Stadige Strikers dienen yn it ferline wol mei oan in gemeentelik toernoai wêr’t ek dammers Hollânsk Spul oan mei dienen. It ferskil tusken de beide groepen siet him dan foaral yn it lûd wat de dammers fan beide kanten produsearren. De iene groep kletste der gesellich op los, wylst de oaren allinne mar sssst, ssst útbrochten. Wy neamden dêrnei dy groep altiten de fytspompen.De Stadige Strikers hearre fansels net by de kategory fytspompen.
Oars wurdt it fansels as jo begjinne te praten oer in partij dy’t noch dwaande is. Dêr meist fansels neat oer sizze en dat docht men dan ek net. Wol is it sa dat wannear der in spul is dat yn de einfaze sit, der mear belangstelling is fan oaren. Dan ek moatte jo de snappert ticht hâlde. Allinne mar nei sjen en fierder neat.
Moandeitejûn lêstlyn waard der wer moai en sportyf spile. De kompetysjelieder hie de útslaggen yn it foar ek wol opskriuwe kinnen: it nivoferskil wie dizze jûn te grut.
Utslaggen: Bauke Bos – Jelle Wiersma 0 – 1; Ype Boelens – Tineke Teigeler 1 – 0; Cor Kooistra – Kees Castelein 1 – 0; Willem Schaap – Jan Castelein 1 – 0.

Damklup ‘De Rûge Wolf’ fan Lollum mocht okkersneons de kampioenstsjelke heechhâlde. It klupkampioenskip foel harren foar de twadde kear ta. It wie wikkerdewik as de Aldegeaster promovendus Nocht&Kriich wie it wurden. Sy pakten de kampioen yn de lêste omloop noch, mei winst oan alle fiif de boppeste buorden. De Lollumers hienen lykswols de punten op de trije leechste buorden. Soks brocht noch wol wat neipraat fansels. Te mear dat it Lollumer achttal by elkoar swile is mei dammers om utens en gastspilers.
Sy benammen ek soargen foar de oerwinningen op Hartwert en Skearnegoutum. De ôfgeand kampioen degradearre nei ûnder mear in dik pak foar de broek fan de Lollumers. Bûnsfoarsitter en treddeboerdspiler fan Lollum Liuwe Westra tekene yn de twadde omloop syn puntsje by tsjin Skearnegoutumer Dicky van der Meer.
L.Westra – D.v.d.Meer, Easterein, 16.1.2026, Lollum-Skearnegoutum
1.32-27 19-24 2.33-29 24×33 3.34×32 Wyt wykt ôf fan de fêste paden en 3. ..20-25 4.39-34 17-21 5.27-22 21×23 hie it dreech krigen nei 4. ..18-23! en bygelyks 5.27-21 17×26 6.32-27 26×28 7.38×29 as 5.43-39 12-18!. No wurdt der ôfruile nei in lykweardige posysje. 6.34-30 25×34 7.44×22 18×27 8.32×21 .11.37-31 14-20 12.31-26 7-11 13.41-37 20-25 14.37-31 13-19 15.46-41 9-14
De spilers bouwe op yn de lange hoeke.16.41-37 19-24 17.37-32 14-20 18.43-38 10-14 19.42-37 5-10 19. ..2-7 is better. 20.27-21 16×27 21.32×21 11-17 22.21×12 8×17 23.38-32 14-19?
Mei 23. ..6-11 hie swart der noch wol út kommen. Wyt slacht no ta.

24.26-21! 17×46 25.32-28 46×23 26.40-34 23×40 27.45×52 5×45 28.5×46 Mei de neislach is wyt mei de daam ien hout efter en sil nei de winst strike.
T.Kooistra-M.Walinga, Easterein, 16.1.2026, Hartwert-Lollum
Earste-boerd-spilers Taeke Kooistra en Marten Walinga hienen ek gau dien.1.32-27 20-25 2.27-22 12×32 3.38×27 19-23 4.31-26 14-19 5.33-29 17-21 6.26×17 11×31 7.36×27 7-12 8.37-32 19-24 9.29×20 25×14 10.43-38 12-17Fansels kinne dizze matsjedoaren de iepeningstéory. 10.42-37 is ek goed spylber. 11.27×7 2×11 12.49-43 18-22 13.32×12 8×17 14.38-32 17-21 15.39-33 21-26 16.32-28 23×32 17.33×31 26×37 18.42×31 13-18 19.43-38 16-21 20.31-26 14-19 21.26×17 18×16 En beide spilers hawwe it hout wer moai te plak. 22.38-32 11-17 23.34-29 19×39 24.44×33 15-20 25.40-34 20-24 26.34×14 10×19 27.48-43 19-24 28.43-39 9-14 29.45-40 16-21 30.39-34 24×44 31.40×49 6-11 32.35-30 14-19? Swart sil drege farianten trochrekkene ha. Mar oersjocht hjir in ienfâldige kombinaasje.

33.30-24! 19×30 34.33-29 30×37 35.47×27 Swart strykt noch efkes, mar it is gau dien. Lokkich foar Walinga wienen der Lollumers oan de oare buorden. Soks is moarn oars by de earste twa omlopen fan it Frysk kampioenskip. Dy binne te Skearnegoutum, thúshaven fan Jelle Wiersma dy’t acht kear (!) op in rige kampioen wurden is. As kin rekôrkampioen Taeke Kooistra nochris flamme? Misskyn kin wrâldkampioen Marten Walinga nei 25 jier einliks syn twadde Fryske titel pakke. De primeur is Bernard Kroon as earste Blauhúster yn de Kampioensklasse, doel hanthavenje.
Nû.17 sw. 4, 6, 8-11, 13, 14, 16, 25 wyt 26-30, 36, 40, 42, 44, 49
Nû.18 sw. 4, 5, 9, 10, 13, 16, 21, 26 wyt 15, 18, 25, 28, 30, 41, 44, 49
En twa nijen fan Stellinga-Baron

Nû.19 sw. 6, 7, 10, 13, 15, 19, 25, 29, 30 wyt 17, 21, 27, 28, 36, 38, 39, 42, 44

Nû.20 sw. 6-10, 15, 17, 18, 24 wyt 16, 31-33, 35, 36, 39, 42, 45
Oplossingen stjoere foar 13 febrewaris.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com