Categorie archief

doorfriesdammen

Rubryk 27-2-2026

En wer is it Jelle Wiersma slagge  Frysk kampioen te wurden. Foar de njoggende kear op in rige (!) en mei elkoar trettjin kear. De Wommelser is hurd op wei rekôrhâlder Taeke Kooistra (achttjin kear) benei te kommen. Eardere matsjedoaren as Sjoerd Tigchelaar en Dirk H. de Vries (elk tsien kear) en Augustinus v.d. Goot (tolve kear) is hy no foarby. Der wie diz’kear in barraazje nedich. Aldegeaster Henk Haanstra mocht yn it reguliere toernooi hoopje doe’t hy fan Marten Walinga wûn en op seis punten kaam. Jelle Wiersma siet noch tsjin Taeke Kooistra en dat like op kamp út te draaien. Foar de Hartwerter wie it syn 50-ste kear yn de ‘earste acht’ en dat einige mei in luzich setsje.

 J.Wiersma / T.Kooistra, PK 2026 7-e omloop, Aldegea-SWF, 14-2-2026 

Wiersma kaam lyk mei Haanstra nei 43. …6-11? 44.25-20! 14×25 45.29-24 25×32 46.41-37 32×41 47.47×27 De sneon derop waarden twa barraazje-partijen ferspile. Yn de earste gie it lyk op, mar mistte Haanstra in kamp-fariant en wie yn de twadde partij de piip leech.  

J.Wiersma – H.Haanstra, PK 2026 barraazje-1, Blauhús, 22-2-2026 

1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 11-17 5.47-41 7-11 6.41-37 1-7 7.31-27 17-21 8.26×17 11×31 9.37×26 16-21 10.26×17 18×16 In iepening sa as dy faaks spile wurdt. 11.42-37 19-24 12.34×14 4×24 Dit kin wol, mar wurdt net sa faak spile. 13.37-31 12-17   Wyt kin no in daam helje, Mar dat soe ferkeard rinne. Swart kin de daam mei ien hout ôfnimme en sil dan foar komme.

14.32-27!? 17×26 15.35-30! 25×32 16.38×27 26×28 17.39-33 8×33 18.43×1  14.48-42 24-29 15.33×24 20×29 16.39×19 13×24 17.38-33 9-14 18.33-29 24×33 19.32×34 14-20 Swart koe dizze ôfruil oerdwers net foar wêze. Der folget no in lang middenspul mei lykwicht. 20.43-38 8-12 21.38-32 7-11 22.42-37 17-21 23.49-43 21×41 24.36×47 12-17 25.37-31 2-7 26.47-41 17-21 27.41-36 21×41 28.36×47 11-17 29.47-41 17-21 30.32-27 21×32 31.34-30 25×34 32.35×31 3-8 33.43-38 8-12 34.38-32 12-17 35.40-35 10-14 36.45-40 14-19 Beide spilers litte gjin stekken falle. 37.50-45 5-10 38.41-36 7-11 39.40-34 17-21 40.44-40 21×41 41.36×47 16-21 Hjir stier swart ta dat wyt geunstich ôfruilje kin en de oerhân oan de linkerkant kriget. Better wie 41. …10-14 en bygelyks 42.35-30 11-17 43.30×10 15×4 as 42.32-27 20-24! 43.34-30 14-20 44.30×10 15×4 as 43.46-41 24×44 44.40×49 11-17. 42.32-27 21×32 43.34-29 19×39 44.40×27 20-25 45.46-41 11-17 46.27×7 6×8 47.41-37 8-12 48.37-32 48. …12-17! 49.32-27 17×37 50.47×27 10-14 51.27-22 14-20 52.22-17 25-30 53.35×24 20×29 en swart is op tiid foar in daam en wurdt it kamp. 48. …10-14? Jout wyt romte 49.32-27 14-20 50.27-21 20-24 51.47-42 12-18 52.21-16 18-23 53.42-38 23-28 54.38×18 24-29 55.18-12  En swart jout terjochte op. 

Nû.21 sw. 3,5, 9,13,14,16, 21, 22, 25, 27 wyt 15, 33-36, 42-45, 49 

Nû.22 sw.6,7,12,14,18,20, 22, 23, 28, 30 wyt 16, 26, 32, 36, 37, 39, 41, 43-45  

En twa nijen fan Ties Slagter. 

Nû.23 sw. 3,6,9,10, 12,14, 15, 20, 23, 28 wyt 16, 30-32, 34, 37, 39, 40, 43, 44 

Nû.24 sw. 3, 6-8, 10, 18-20 wyt 16, 17, 27, 36-38, 45, 48 

Oplossingen stjoere foar 13 maart. 

Folkert Groenveld 

Riperwei 6 

8623 XH  Jutryp 

groenveldf@hotmail.com 

doorfriesdammen

It is op it heden allegearre damjen en Jelle Wiersma Frysk Kampioen 2026.

Foar sa’n lytse klup as de Stadige Strikers falt it noch net ta om alle damaktiviteiten goed har gerak te jaan. Moandeitejûn wie it sa dat de beide
topdammers fan de klup net oanwêzich wienen. De iene, Willem Schaap, wie nei Aldegea om dêr de striid oan te gean mei Pieter Hoogterp. Dy twa spilen foar de folgjende ronde fan de Fryslân Kup.

En Jelle Wiersma woe wol even sûnder de houtsjes. Hy hie ôfrûne sneon twa lange partijen spile tsjin Henk Haanstra út Aldegea en dy partijen soenen útslútsel jaan fan wa’t him persoanlik kampioen Frysk Spul neamme koe. Dat waard wûn troch Jelle Wiersma, hy wûn beide partijen. Hy waard dêrmei wer Frysk kampioen. De Stadige Strikers binne fansels grutsk om sa’n kampioen yn har gelederen te hawwen.

De striid tusken Pieter Hoogterp en Willem Schaap einige yn in oerwinning fan Schaap. De lêste sit no yn de finale fan de winners. Moai wurk Willem. Der waard fansels ek spile yn de klupkompetysje. Jan Castelein hie net folle
moederaasje mei Tineke Teigeler. Hy wûn frij maklik tsjin har. Tineke hie har bêste jûn net, mar dat ha jo soms. Jan woe noch wol in potsje. Sa’n oerwinning smakke nei mear. It mear is noait fol… Dochs koe er it net hâlde tsjin Bauke Bos. Dy wie op syn iepenst en joech Jan gjin kâns.

De tredde partij gong tusken Cor Kooistra en Ype Boelens. It like in hiele
ynteressante partij te wurden, mar dan moast Ype it wol goed dwaan. Dat die er net. Hy seach de teoryset net goed genôch en rekke in hout achter en in daam tsjin. Doe wie de partij eins sa goed as út.

Utslaggen: Tineke Teigeler – Jan Castelein 0 – 1; Cor Kooistra – Ype Boelens 1 – 1; Jan Castelein – Bauke Bos.

doorfriesdammen

Jelle Wiersma dochs wer kampioen Frysk damjen


Blauhús – Hy hie der twa ekstra wedstriden foar nedich, mar dochs is it Jelle Wiersma slagge om wer persoanlik kampioen yn it damjen Frysk spul te wurden. Dat ek al wer foar de trettjinde kear, en sûnt 2017 ek net mear ûnderbrutsen. Mar it gong dit jier net fan in laaien dakje. Yn it reguliere toernoai einige de Wommelser wol boppeoan, mar de ferrassende Henk Haanstra út Aldegea (SWF) hie likefolle punten. It reglemint skriuwt dan foar dat der noch twa beslissingswedstriden spile wurde moatte, dêr’t beide kandidaten in kear wyt en in kear swart yn ha. Ferline wike spilen de mannen noch kamp tsjininoar, mar dy útslach kaam sneon yn Blauhús net mear foar. Al koe fan in grut krêftsferskil net praat wurde, oan ‘e ein fan beide strategyske partijen kaam Haanstra dochs krekt even tekoart. En sa is oan Wiersma syn gloarjetocht dus noch net in ein kaam.

doorfriesdammen

Barraazje Frysk Kampioenskip yn Blauhús

Oankommene sneon 21 febrewaris is de barraazje fan it Frysk Kampioenskip. Jelle Wiersma en Henk Haanstra hawwe elk seis punten helle yn it reguliere toernooi yn de Kampioensklasse. Dan wurde der yn elts gefal twa partijen spile yn in barraazje. Mocht der dan noch gjin beslissing fallen wêze,wurdt der ien partij trochspile oant dat wol sa is.

De barraazje begjint om 10 oere.Meastentiids is de twadde partij dan fan in oere as 14 oant 14.30 los. Mocht der noch in tredde partij nedich wêze, dan is dat op in oare dei.

De partijen binne ‘live’ te folgjen op www.kndb.nl en gean dan nei toernooibase en dan nei (semi)live.

Plak en tiid 10 oere Kluphús Sie-Sa te Blauhús

doorfriesdammen

Kees Castelein strykt sterk nei winst.

Der wienen twa ôfsizzingen en doe bleauwen der mar seis dammers poer. Dy dammers waarden noch even bypraten oer de resultaten fan de dammers op de persoanlike kampioenskippen. Jelle Wiersma kin noch kampioen wurde, mar dan moat er wol winne yn de baraazjepartijen tsjin Henk Haanstra. Willem Schaap hanthavene him yn de kampioensklasse troch de lêste twa partijen te winnen. Hy kaam mei in heal puntsje yn Aldegea en gyng mei twa en in heal punt werom nei Jirnsum. Yn de twadde Acht pakte Cor Kooistra ien en in heale punt en einige op it sechde plak.

Kees Castelein liet him moandeitejûn fan syn bêste kant sjen. Hy struts hiel
sterk nei winst yn syn partij tsjin Bauke Bos. Hy boude de partij moai op en
kaam mei twa houtsjes op de keale lange hoeke fan Bauke ôf. Ien houtsje koe Bauke noch wol de baas, mar twa wie him te mânsk. Kees krige dus in daam en doe wie it mei Bauke bekeken.

Heit spile tsjin de grutte man Jelle Wiersma. De lêste joech twa houtsjes foar. Ja en dan wurdt it fansels in hele toer om der winst út te heljen. Dat slagge ek net. Willem Schaap hie suver wat begrutsjen mei de foarsitter: hy stelde foar om de ferliezende set werom te nimmen, mar dat woe de foarsitter net, fansels net! Se spilen de partij út en Willem wûn.

Utslaggen: Jelle Wiersma – Jan Castelein 0 – 1; Cor Kooistra – Willem Schaap 0 – 1; Kees Castelein – Bauke Bos 1 – 0.

doorfriesdammen

Kampioenskip Frysk damjen noch net út

Aldegea (SWF) – Neidat de folle sân omlopen ferspile binne, is der noch altyd gjin ein kaam oan it persoanlik kampioenskip yn it damjen Frysk spul. Henk Haanstra en Jelle Wiersma einigen mei seis punten gelyk boppeoan. Foaral foar Haanstra is dat in geweldige prestaasje; as de wjerstânspunten meiteld hiene, dan hie er sels kampioen west. Mar dêr kocht de Aldegeaster neat foar, it reglemint skriuwt yn dit gefal foar dat der beslissingswedstriden komme moatte. De finalesneon stie yn it foar al grôtfol spanning. Trije dammers stiene mei 4,5 punt gelyk boppeoan. Haanstra en Wiersma moasten de moarns fuortendaliks al tsjin elkoar. It kantspul waard hielendal útmolken, mar de spilers seagen yn in trije om trije yn dat der net mear as kamp yn siet. Harren grutte konkurrint Marten Walinga moast it ûnderwilens opnimme tsjin Taeke Kooistra. De achttjinfâldich kampioen hie yn dit toernoai in minne start, mar syn streken is er noch altyd net ferleard. Walinga liet ta dat er op daam kaam, en dêr makke de Hartwerter goed gebrûk fan. De middeis mocht Walinga him revansearje tsjin Haanstra, mar dat slagge him net. Walinga liet yn it einspul syn lofterkant wat slûpe. Troch in offer koe hy ek trochbrekke, mar hy wie te let. Alle eagen rjochten har doe op ‘e partij tusken Wiersma tsjin Kooistra. Dy like lykop te gean, oant Wiersma der wat in blyn slachje yn frissele, en Haanstra dus dochs (noch?) gjin kampioen waard. Underyn wie it net minder spannend. Willem Schaap knokte him mei oerwinnings op Bernard Kroon en Pieter Hoogterp boppe de degradaasjestreek, wylst er nota bene by it begjin fan ‘e sneon noch de reade lantearne droech. Siebe Walinga koe himsels ek rêde mei in oerwinning op Kroon en in kampspul tsjin Hoogterp. Foar de lêste einige it kampioenskip dus yn in teloarstelling, en dat wylst er twa wike lyn mei in oerwinning op Taeke Kooistra noch sa goed úteinsette. Hoogterp en Kroon wurde takom’ jier yn ‘e kampioensklasse ferfongen troch Folkert Groenveld en Hein de Vries, dy’t nei har degradaasje fan ferline jier it paad omheech dus al wer fûn hawwe. Foar De Vries, dy’t sneon fan Groenveld ferlear, is de promoasje oars in knikkert op ‘e kant. De ferrassend goed spyljende Fedde Wiersma hie krekt in pear wjerstânspunten minder. Siebren Dyk koe it yn ‘e twadde acht lang net oprêde, en ek bûnsfoarsitter Liuwe Westra sil it it oare jier yn ‘e tredde acht besykje moatte. Rein Jan Walinga en Hidde de Vries nimme dan har plak yn, en makken dus har favoriterol yn ‘e tredde acht hielendal wier.

Utslaggen en einstannen Kampioensklasse, sechsde omloop: Henk Haanstra (Aldegea-SWF) – Jelle Wiersma (Wommels) 0,5-0,5, Taeke Kooistra (Hartwert) – Marten Walinga (Waaksens) 1-0, Pieter Hoogterp (De Gastmar) – Siebe Walinga (Aldegea-SWF) 0,5-0,5, Bernard Kroon (Blauhús) – Willem Schaap (Jirnsum) 0-1; sande omloop: Wiersma – Kooistra 1-0, M. Walinga – Haanstra 0-1, Schaap – Hoogterp 1-0, S. Walinga – Kroon 1-0. Einstân: 1/2. Haanstra en Wiersma 6; 3. M. Walinga 4,5; 4. Kooistra 3,5; 5. S. Walinga 3; 6. Schaap 2,5; 7. Hoogterp 1,5; 8. Kroon 1. Twadde acht, sechsde omloop: Cor Kooistra (Nijlân) – Hein de Vries (Ljouwert), Folkert Groenveld (Jutryp) – Liuwe Westra (Lollum), Tsjerk Wijbenga (Arum) – Willem Hoekstra (Aldegea-SWF), Siebren Dyk (Jorwert) – Fedde Wiersma (Easterein); sande omloop: De Vries – Groenveld, Westra – Kooistra, Wiersma – Wijbenga, Hoekstra – Dyk. Einstân: 1. Groenveld 6,5; 2. De Vries 5 (12,75); 3. Wiersma 5 (12,25); 4. Wijbenga 4; 5. Hoekstra 3,5; 6. Kooistra 2,5; 7. Westra 1; 8. Dyk 0,5. Tredde acht, sechsde omloop: Sietze de Jong (Aldegea-SWF) – Jurjen Frankena (Blauhús) 1-0, Anne de Boer (Wommels) – Hidde de Vries (Langsweagen) 0-1, Niek Tolsma (Lollum) – Sjouke Attema (De Gastmar) 0-1; sande omloop: Frankena – De Boer 0-1, De Vries – De Jong 0-1, Attema – Walinga 0-1. Einstân nei 6 partijen: 1. Walinga 5; 2. De Vries 4,5; 3. De Jong 4; 4. De Boer 3; 5. Frankena 2,5; 6. Attema 2; 7. Tolsma 0.


“Foar Henk Haanstra (lofts) en Jelle Wiersma is it kampioenskip noch net dien”
doorfriesdammen

Rubryk 13-2-2026

De helte fan it Frysk kampioenskip is west no´t fjouwer fan de sawn omlopen ferspile binne. Oars wie de omloop trochdewykse yn Jorwert al west, mar is om de izel in wike útsteld. En betsjut dat de favoriten elkoar allegearre noch tsjin komme. Kampioen Jelle Wiersma en Marten Walinga hawwe beide alles wûn en outsider Henk Haanstra folget op in heal punt. Rekôrkampioen Taeke Kooistra folget noch op twaddel punt.  De bruorren Marten en Siebe Walinga troffen elkoar yn de twadde omloop.

M.Walinga – S.Walinga, Skearnegoutum 2-e omloop, PK, earste acht, 31.1.2026 

1.32-27 20-25 2.27-22 17×28 3.33×22 18×27 4.31×22 12×32 5.38×27 25-30 6.40×18 8×26 7.34-30 14-20 8.30-24 20×29 9.39×8 2×13 10.35-30 15-20 11.30-25 7-12 12.25×14 13×15 13.43-39 It is in deeglike partij sûnder aventoeren. Meastal is ito ars by de Walinga’s. 13.  …9-14 14.37-31 26×37 15.42×31 14-20  16.39-34 20-25 17.41-37 10-14 18.44-40 14-20 19.40-35 20-24 20.34×14 15×13 21.35×15 5×25 Swart hie ek omheech ôfruilje kind. 22.45-40 13-19 23.50-45 4-10 24.48-43 19-24 25.40-35 10-15 26.49-44 3-9 27.43-39 25-30! In ferrassende set om 39-34 foar te wêzen. 28.31-26 15 20? Hjir hie 28. ..12-17 moatten. Swart kriget it dreger en wêrom dizze set?  Is swart bang foar 39-33, 44-39 en dan 39-34? Dat wat keard troch 30-34 at swart skiif 9 stean lit. 29.37-31 12-17?  

Wyt hie taslaan kind mei 30.44-40! 30×50 31. 47-41 en hoe as swart mei de daam slacht, it is út. 31. ..50×28  as 50×33 32.31-27 17×37 33.41×3 31. …50×22 32.26-21! 17×37 33.41×12 11×13 34.35-30 24×35 35.45×23 30.31-27? 17×37 31.47×27 11-17? Swart hie noch spul hawn nei 31. ..9-14 32.27×7 1×12 En wyt mei in moaie kombinaasje no wol dien wurk. 

33.26-21! 16×27 34.44-40! 30×50 35.36-31 50×41 36.46×19 Promovendus Bernard Kroon hat it dreech en moast yn de fjirde omloop te Lollum tsjin Jelle Wiersma wer in ferlies by skriuwe. Nei 31.42-37 oars net as  

31. ..18-23? 32.30-24 19×30 33.35×22 21×23 34.32-27 15×35 35.45×25 26×28en Wiersma wint.  

Twa nije problemen fan Stellinga-Baron 

Nû.21 sw. 3,5, 9,13,14,16, 21, 22, 25, 27 wyt 15, 33-36, 42-45, 49 

Nû.22 sw.6,7,12,14,18,20, 22, 23, 28, 30 wyt 16, 26, 32, 36, 37, 39, 41, 43-45  

Oplossingen noch net stjoere. 

Folkert Groenveld 

Riperwei 6 

8623 XH  Jutryp 

groenveldf@hotmail.com 

doorfriesdammen

Topspanning yn persoanlik kampioenskip

Jorwert – Troch izel moast de tredde omloop yn it persoanlik kampioenskip in wike ferskood wurde, mar dêr waard it fanwegen de spanningsopbou hielendal net minder om. Mei noch trije omlopen te gean moasten yn ‘e kampioensklasse alle favoriten noch tsjininoar, en nei Jorwert binne se noch mear tsjininoar oan krûpt. Henk Haanstra, Marten Walinga en Jelle Wiersma ha no allegearre 4,5 punt. Allinnich Taeke Kooistra is nei tiisdeitejûn definityf ôfheakke. Mar dy kin it de oaren yn ‘e finale fan kommende sneon fansels noch wol hiel lestich meitsje. It measte omtinken gong út nei de moeting tusken regearjend kampioen Jelle Wiersma en Marten Walinga. It waard in strategysk gefjocht. Walinga kaam lang om let as earste op daam, mar Wiersma hie it hout sa tûk opsteld dat de Waaksenser dêr net al te folle mei koe. It waard úteinliks kamp. Dêr profitearre Henk Haanstra fan. Taeke Kooistra hie krekt wat temin materiaal oan syn linkerkant, wat Haanstra de gelegenheid joech om fia in offerke op daam te kommen. En doe wie it út. Underyn kin it ek noch alle kanten út, foaral omdat Bernard Kroon no fan ‘e nul ôf is. Hy twong Pieter Hoogterp ta in soarte fan offer, en dat hout ekstra wie genôch foar de oerwinning. Folle spektakulêrder gong it yn ‘e partij tusken Siebe Walinga en Willem Schaap om en ta. Schaap waard hielendal yn ‘e tange naam. Dat koe op ‘e langere doer net goed gean. Mei in seisklapper waard it skiep úteinliks de deastek tabrocht. Yn ‘e twadde acht gong Folkert Groenveld syn partij tsjin Cor Kooistra net troch, dat Hein de Vries koe sa allinnich oan kop komme. Yn wat miskien wol de moaiste pot fan ‘e jûn wie fersloech er Liuwe Westra. Kamp waard it tusken Fedde Wiersma en Willem Hoekstra, en tusken Tsjerk Wijbenga en Siebren Dyk. De lêste is dêrmei ek fan ‘e nul ôf. Dat jildt noch net foar Niek Tolsma yn ‘e tredde klasse. Tolsma hold it tsjin Rein Jan Walinga lang fol, oant er twa dammen foar him oer krige. Walinga krijt mei dy oerwinning goede kânsen op promoasje, al hat Hidde de Vries wol in heal punt mear. De Vries wûn fan ‘e oant no ta ferrassend goed spyljende Jurjen Frankena. Ek yn dizze klasse gong in partij net troch: Piet Sikma hie de gryp.

Utslaggen en stannen Kampioensklasse, tredde omloop: Jelle Wiersma (Wommels) – Marten Walinga (Waaksens) 0,5-0,5, Taeke Kooistra (Hartwert) – Henk Haanstra (Aldegea-SWF) 0-1, Pieter Hoogterp (De Gastmar) – Bernard Kroon (Blauhús) 0-1, Willem Schaap (Jirnsum) – Siebe Walinga (Aldegea-SWF) 0-1. Stân: Haanstra, M. Walinga en Wiersma 4,5; Kooistra 2,5; S. Walinga 1,5; Hoogterp en Kroon 1; Schaap 0,5. Twadde acht, tredde omloop: Hein de Vries (Ljouwert) – Liuwe Westra (Lollum) 1-0, Folkert Groenveld (Jutryp) – Cor Kooistra (Nijlân) ústeld, Tsjerk Wijbenga (Arum) – Siebren Dyk (Jorwert) 0,5-0,5, Fedde Wiersma (Easterein) – Willem Hoekstra (Aldegea-SWF) 0,5-0,5. Stân: De Vries 5-4,5; Groenveld 4-3,5; Wiersma en Wijbenga 5-3; Hoekstra 5-2,5; Kooistra 4-1; Westra 5-1; Dyk 5-0,5. Tredde acht, tredde omloop: Jurjen Frankena (Blauhús) – Hidde de Vries (Langsweagen) 0-1, Anne de Boer (Wommels) – Sietze de Jong (Aldegea-SWF) 1-0, Rein Jan Walinga (Aldegea-SWF) – Niek Tolsma (Lollum) 1-0, Sjouke Attema (De Gastmar) – Piet Sikma (Hartwert) útsteld. Stân: De Vries 5-4,5; Walinga 5-4; Frankena 5-3,5; De Boer 5-3; De Jong 5-2; Attema en Sikma 4-1; Tolsma 5-0.

doorfriesdammen

Swart wie dizze jûn better

Oan de ein fan de damjûn murk de skriuwer op dat by alle partijen swart de winnende kleur wie. Dochs wie dit noch net sa fanselssprekkend. Nim no de partij tusken Bauke Bos en Cor Kooistra. Bauke rekke al ga uien foar en liet de foarsitter bot skrikke. Spitich foar him makke hy letter in foutsje
en doe wûn de foarsitter de partij tsjin de skriuwer. Tineke Teigeler spile har twadde partij tsjin Ype Boelens. Tineke damde, nei eigen sizzen, al better dan de earste partij mar moast dochs wer belies jaan. Heit en soan Castelein spilen harren earste partij tsjin mekoar. Heit Jan wie benaud en soan Kees stuts him de gek oan. Jan seach in mearslach oer de holle en Kees hie hjir wakker wille om en sei neat. Mar letter oerkaam Kees itselde en doe seach Jan it wol. Jan wiisde Kees wol op de rigels fan it spul en doe moast Kees wol slaan. Men mei syn of har tsjinstanner der wol op wize (as it him/har) út komt om dochs noch te slaan en de krekt diene set werom te lûken, mar faaks docht men dit allinne as it yn it foardiel is. No kaam it Jan wol út en wûn er de partij. As treast hat er de kofje mar betelle foar syn soan. De spullen fan Tineke en Jan wiene gau út en sadwaande woene se wol tsjin mekoar omdat se beide wolris in kear in jûn oerslaan. Dit wie fansels gjin probleem en dit waard ek in nuver spul. Beide seagen se mearslach oer de holle. Tineke fergeat in kear trije yn plak fan twa te slaan en dit hie Jan ek net sjoen. Op it momint dat Jan twa foar stie, koe Tineke allinne mar wei jaan en joech Jan de hân. Omstanners sjogge faaks mear dan de dammers sels en sa seach Ype dat Tineke de partij winne kinnen hie troch in pear setten earder in daam te jaan en dan wat houtsjes en sa de winst pakke kinnen hie. Mar ja, sa is it damjen….

Utslaggen: Kees Castelein Jan Castelein 0-1; Bauke Bos – Cor Kooistra 0-1; Tineke Teigeler – Ype Boelens 0-1; Tineke Teigeler – Jan Castelein 0-1

doorfriesdammen

Damfavoriten makken gjin flaters

Lollum –– It fenyn by it persoanlik kampioenskip Fryske damjen sil yn ‘e sturt komme moatte. It wedstriidskema hat it sa beskikt dat yn it begjin de sterkere dammers it tsjin de dochs wat swakkere bruorren opnimme moatte. Dêrby wiene sneon yn it Lollumer doarpshûs by de fjirde en fyfde omloop gjin opfallende útslaggen te notearjen. De fjouwer sterksten diene har plicht, en sille har krûd foar de finale bewarre hawwe. Te begjinnen kommende tiisdei yn Jorwert, dêr’t dan de troch izel útstelde tredde omloop ferspile wurde sil. As der dan dochs wat opfallends op te merken is, dan is dat wol dat Taeke Kooistra it paad omheech wer weromfûn hat. De earste sneon skrabe er mar in heal punt byinoar, mar no pakte er tsjin debutant Bernard Kroon al gau in hout winst en krige er boppedat ek noch in daam. De Blauhúster koe it meunster noch al fange, mar wol ten koste fan in noch gruttere materiële efterstân. Mei Siebe Walinga hie Kooistra aardich mear muoite, mar úteinliks kaam er yn in stân fan trije om trije as earste op daam, en dat bliek genôch. Henk Haanstra hie sneon ek gjin puntferlies, al moast er tsjin Pieter Hoogterp wol mear as fjouwer oeren oan ‘e bak ear’t de oerwinning yn ‘e knip siet. De middeis hie er dêr tsjin Willem Schaap ek 56 setten for nedich, wylst yn ‘e partij de kânsen hyltyd wiksele hiene. Haanstra hat dêrmei noch mar altyd in minimale efterstân fan in heal punt op ‘e koprinders Jelle Wiersma en Marten Walinga, dy’t beiden nei fjouwer omlopen noch op ‘e folle winst steane. Wiersma wûn kombinatyf fan Siebe Walinga en Bernard Kroon, wylst Marten Walinga it diskear tsjin Willem Schaap en Pieter Hoogterp mear fan it subtile posysjespul ha moast. Yn ‘e twadde acht lykje de degradanten Folkert Groenveld en Hein de Vries de ambysje te hawwen om it paad omheech wer yn te slaan. Beiden ha noch mar in heal ferliespunt, en in fol punt foarsprong op Tsjerk Wijbenga en de ferrassende Fedde Wiersma. Troch útstelde partijen is de stân yn ‘e tredde acht noch altyd wat ûnoersichtlik, al kin no al wol konstatearre wurde dat de beide nijkommers Jurjen Frankena en Anne de Boer it hiel goed dogge.

Utslaggen en stannen Kampioensklasse, fjirde omloop: Siebe Walinga (Aldegea-SWF) – Jelle Wiersma (Wommels) 0-1, Bernard Kroon (Blauhús) – Taeke Kooistra (Hartwert) 0-1, Pieter Hoogterp (De Gastmar) – Henk Haanstra (Aldegea-SWF) 0-1, Willem Schaap (Jirnsum) – Marten Walinga (Waaksens) 0-1; fyfde omloop: Wiersma – Kroon 1-0, Kooistra – S. Walinga 1-0, Haanstra – Schaap 1-0, M. Walinga – Hoogterp 1-0. Stân: M. Walinga en Wiersma 4; Haanstra 3,5; Kooistra 2,5; Hoogterp 1; Schaap en S. Walinga 0,5; Kroon 0. Twadde acht, fjirde omloop: Willem Hoekstra (Aldegea-SWF) – Hein de Vries (Ljouwert) 0-1, Siebren Dyk (Jorwert) – Folkert Groenveld (Jutryp) 0-1, Tsjerk Wijbenga (Arum) – Cor Kooistra (Nijlân) 1-0, Fedde Wiersma (Easterein) – Liuwe Westra (Lollum) 1-0; fyfde omloop: De Vries – Dyk 0-1, Groenveld – Hoekstra 1-0, Kooistra – Wiersma 0-1, Westra – Wijbenga 0-1. Stân: Groenveld en De Vries 3,5; Wiersma en Wijbenga 2,5; Hoekstra 2; Kooistra en Westra 1; Dyk 0. Tredde acht, fjirde omloop: Piet Sikma (Hartwert) – Jurjen Frankena (Blauhús) 0-1, Niek Tolsma (Lollum) – Anne de Boer (Wommels) 0-1, Rein Jan Walinga (Aldegea-SWF) – Sietze de Jong (Aldegea-SWF) 1-0, Sjouke Attema (De Gastmar) – Hidde de Vries (Langsweagen) 0-1; fyfde omloop: Frankena – Tolsma 1-0, De Boer – Sikma 1-0, De Jong – Attema 1-0, De Vries – Walinga 0,5-0,5. Stân: Frankena en De Vries 4-3,5; De Boer en Walinga 4-3; De Jong en Sikma 4-1; Attema en Tolsma 3-0.


Willem Schaap (lofts), mei in treastryk shagje al efter it ear, yn ôfwachting fan in ferlies tsjin Henk Haanstra