Categorie archief

doorfriesdammen

Jelle Wiersma Nederlânsk Kampioen FRYSK!

Op 30 desimber 2025 waard op Tresoar yn Ljouwert foar de 9de kear in Nederlânsk Kampioenskip FRYSK! holden.

FRYSK! is Frysk Damjen, mar dan mei 5 skiven (ynstee fan 20) foar elke spiler. It spul FRYSK! is ûntwikkele mei stipe fan de Provinsje Fryslân om it Frysk Damjen tagonklik te meitsjen foar nije spilers. Dy opset docht bliken suksesfol te wêzen: sûnt de lansearring yn 2016 is it tal wedstrydspilers fan it Frysk Damjen mear as ferdûbele, mei in protte nije spilers fan bûten Fryslân en sels bûten Europa.

Op 30 desimber wiene der 13 dielnimmers dy’t strieden om de titel. Nei sân omlopen stiene Jelle Wiersma (notiids Frysk kampioen Frysk Damjen) en Marten Walinga (notiids wrâldkampioen Frysk Damjen) beide op 6 punten. Nei in spannende barraazje loek Wiersma by eintsjebeslút oan de langste ein.

It spul FRYSK! hat troch de tinne basisopstelling gjin iepeningsteory, mar winst en ferlies lizze noch altyd tige ticht byinoar. Dat die wol bliken út it feit dat bygelyks Niek Tolsma út Lollum, in dammer dy’t it spul yn ’e koroanatiid ûntdutsen hat, tsjin regearjend Nederlânsk Kampioen FRYSK! Hein de Vries kamp spylje koe. Ek fierders wiene der in protte spannende partijen en ûnferwachte útslaggen.

Alle útslaggen en de einstân binne te finen op ’e webside fan ’e Stifting WFD: https://www.frisiandraughts.com/2pagina/150/12/14/wcf-2026.html

Jelle Wiersma hat him mei dizze titel kwalifisearre foar it folgjende wrâldkampioenskip FRYSK!, dat spile wurde sil op 8 maart 2026 yn Frjentsjer. Oare spilers dy’t har dêr al foar kwalifisearre hawwe, binne Joseph Niyongabo út Rwanda en Pavel Noga út Tsjechië. Op 18 jannewaris 2026 wurdt der yn Itaalje om ’e nasjonale titel FRYSK! damd, en de winner dêrfan mei ek in wraam dwaan op ’e wrâldtitel.

Foar fragen: Liuwe Westra, skriuwer Stifting WFD, 06-30837586

Regearjend kampioen Hein de Vries (l) tsjin Niek Tolsma (foto Stifting WFD)
Barraazje tusken Marten Walinga (l) en de nije kampioen Jelle Wiersma (foto Stifting WFD)
Siward Walinga (l) tsjin de nije kampioen Jelle Wiersma (foto Stifting WFD)


doorfriesdammen

De striid tusken damklup Hartwert en de Stadige Strikers hat wer west.

Wy kinne hast wol sprekke fan in tradysje: Al jierren wurdt sa oan de ein fan it jier damme tusken beide boppesteande klups. Dit jier waard it treffen holden yn Hartwert. Om kertier foar achten stienen der mear Stadige Strikers yn it gesellige en smûke ûnderkommen as dat der spilers fan de thúsploech wienen. De Strikers tochten hast al dat de gasthearen it ferjitten hienen. Allinne wisten se ek wol dat it wol goed siet, want de dambuorden stienen moai op de tafeltsjes te plak.

Tsjin achten kaam der mear reuring yn de seal. De dammers dy’t wend wienen om om acht oere oanwêzich te wêzen kamen no yn in grut oantal binnen drippen. It praat gyng foaral oer it OKT yn it Hearrefean, mar nei’t de foarsitter it wurd naam en de gasten út Skearnegoutum yn it bysûnder wolkom hjitte, wie it praat oer it riden ek wer oer. No moast der damd wurde. Nei in lyts oerke spyljen mochten alle dammers de klokken even stil sette. Doe waarden de priiswinners fan de priisdammerij yn Skearnegoutum eefkes yn it sintsje setten. Op dat stuit wie der noch mar ien partij beslist. En dat betsjutte dat de Strikers al in punt binnen hienen. Geandewei de jûn hienen de Strikers net te kleien oer te min seges. Nee der kamen noch heel wat punten by. Uteinlik wûnen de Strikers mei 2 – 6.

De persoanlike útslaggen: Tsjerk Wybenga – Jelle Wiersma 0 – 1; Hein de Vries – Willem Schaap 0,5 – 0,5; Taeke Kooistra – Dicky vd Meer 0,5 -0,5; Germ Bruinsma – Ype Boelens 1 – 0; Klaas Abma – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Ids Boersma – Cor Kooistra 0 – 1; Tom Vellinga – Bauke Bos 0 – 1; Meinte Wesselius – Tineke Teigeler 0 – 1.

doorfriesdammen

Tweintich dammers yn Skearnegoutum.

Op sneontemiddei 27 desimber kamen tweintich dammers Frysk Spul op it
toernoai ta, dat organisearre waard troch damklup De Stadige Strikers. Mei dat oantal wie it bestjoer fan de krekt neamde klup wakker tefreden. Men wit nea yn it foar as sa’n dei, sis mar de tredde krystdei, wat yn de belangstelling stean sil by de dammers. No dat pakte dus goed út.

Der waard de hilele middei moai troch damme en oan de ein fan de middei wie der mar ien groepke wêr”t yn trije spilers likefolle punten hienen. Alle trije wûnen se fan de selde en ferlearen foierders ien. Alle trije dus twa
punten.Tineke Teigeler de iennige frou yn it hiele selsskip, moast om fiif oere fuort. Dat wie fan tefoaren bekend. Sy gong dus fuort en doe bleauwen der twa oer en it ûnderlinge resultaat tusken dy twa wiisde de winner oan.

Alle groepswinners krigen ek noch in moaie priis as bones fan ien fan de
sponsors fan de wedstryd. No dat gyng deryn as in goeie preek yn in âlderling. De folgjende winners steane hjir ûnder.

Utslaggen: Eare klasse I : 1 Marten Walinga, Waaksens; 2 Taeke Kooistra,
Hartwert. II 1 Fedde Wiersma, Easterein; 2 Willem Hoekstra, Aldegea SWF; III Tsjerk Wybenga, Arum; 2 Folkert Groenveld, Jutryp. HA 1 Ype Boelens,
Menaam; 2 Cor Kooistra, Nijlân. 2de klas: 1 Anne de Boer, Boalsert; 2 Meinte
Wesselius, Wommels.

doorfriesdammen

Per ûngelok ferkeard strike of kado jaan?

By inkelde Stadige Strikers wie it skerpste der jûn wat ôf. Of men is oan in nij jier ta, of it moat sa wêze dat de ferliezers de winners stikem de partij kado jouwe en in oar ek wol wat gunne, mar dat leaut de stikjesskriuwer net. Wol dat men mekoar wat gunt, mar net dat men de partij kado jout.
Mar meastal is der in winner en in ferliezer, want kamp of remize komt net sa faak foar yn it Fryske damspul. It like der by de waarnimmend stikjesskriuwer wol op, want hy rekke gau in houtsje achter. Mar dit wie by de oare ferliezers ek it gefal want binnen de koarste kearen stiene de ferliezers achter. Willem Schaap die deselde iepening as ferline wike en hie it gelok oan syn kant want syn tsjinstanner, Ype Boelens, rûn yn deselde téory as ferline wike Cor Kooistra. Ek Sjoerd Jan Bakker ferstruts him en
dat kin net tsjin Dicky van der Meer, dy’t de lêste wiken aardich wat punten by mekoar garret.. Bauke Bos en Tineke Teigeler sieten it langste mar Bauke koe it ferlerne houtsje net wer werom krije en sa gyng de punt mei nei Sibrandabuorren.

Utslaggen: Bauke Bos – Tineke Teigeler 0-1; Cor Kooistra – Jan Castelein 1-0; Dicky van der Meer – Sjoerd Jan Bakker 1-0; Willem Schaap – Ype Boelens 1-0

doorfriesdammen

Rubryk 19-12-2025

De Fryslân Kup, dit jier al wer foar de tsiende kear, wie ta oan de twadde omloop. Trije ‘krakers’ kamen der út de pot. Klupgenoaten Willem Schaap en Jelle Wiersma moasten tsjin elkoar, Siebe Walinga trof Pieter Hoogterp en Bekerhâlder Folkert Groenveld moast it yn thúshaven Aldegea opnimme tsjin Marten Walinga, ferline jier noch winner fan de ferliezersrûnte. Schaap, Hoogterp en Walinga hellen de tredde omloop.

F.Groenveld- M.Walinga, Aldegea-SWF 2-e omloop Fryslân Kup, 8.12.2025

1.32-27 20-24 2.31-26 15-20 3.27-21 11×31 4.36×27 16×36 5.46×26 20-25? Folle better is 5. …17-22 6.37-32 22×31 7.26×37 6.35×15 5×25 7.40-35 10-15 Mei in djippe kombinaasje kin swart lyk spul hâlde. 7. ..18-23! 8.35×15 24-30! 9.34×25 23-29! 10.33×24 19×30 11.25×34 17-22 12.27×18 8×28 13.38×18 13×22 14.15×11 7×29 Mar hat wol twa ‘wylde houten’. 8.33-29 24×33

Wyt hie nei 9.38×29 drige mei 45-40! en 29-24. Op bygelyks 9. ..14-20? folget 10.45-40 25×45 11.29-23 13×35 12.39-34 35×33 13.43×5 It bêste is noch 9. ..15-20 10.35×24 19×28 11.27×29 en wyt hat in hout mear. 9.34×32 14-20? En wer is swart net skerp. Fansels 10.45-40 25×34 11.39×10 9-14 12.10-5 19-23 13.5×11 7×36 Wyt komt foar. Al is it swarte hout op fjild 36 in hannebiner. 14.44-40 18-23 15.40-35 4-10 16.50-45 1-7 Wyt moat oppasse foar 23-28. Sa kin 27-21 en 49-44 net mear om de mearslach 17.35-30 15-20 Hjir hie wyt geunstich ôfruilje kind en deegliker stien.

18.27-22! 23×21 (ferpl.) 19.30-24 20×29 20.32-28 29×27 21.27×46 bliuwt in hout foar en de tûkelteammen binne der út. 18.30-25 10-14 19.37-31 14-19 19.45-40 liket better. 20.25×14 19×10 21.41-37 10-15 22.47-41 36×47 23.48×46 23-29 Wyt ruilet de ‘stikelder’ ôf, mar kriget wol gatten yn de stân. 24.27-21 13-19 Swart driget mei daamjaan troch 25. .2-7 en dan 26.21×1 19-23 27.1×18 8×50 25.43-39 (ferpl.) 15-20 26.31-26 20-25 27.39-34? 29×40 28.45×34 19-23 Nei 27.32-27 20-25 28.38-32 8-13 29.21-16 6×28 30.32×34 hie wyt grutte winstkânsen. Wyt is it foardiel kwyt en rint yn in deadlike kombinaasje. It wie noch spul nei 29.21-16

29.46-41? 23-29 30.34×23 7-11 31.21×1 25-30 32.1×18 8×50

Twa nije problemen fan Stellinga-Baron.

Nû.13 sw. 11-14, 16, 20, 21, 23, 36 wyt 25, 32-34, 38, 42, 44, 47, 50

Nû.14 sw.10, 11, 13, 16, 17,19,21,26, 27 wyt 33-37, 44, 46, 48, 49

Oplossingen noch net stjoere.

Folkert Groenveld

Riperwei 6

8623 XH Jutryp

groenveldf@hotmail.com

doorfriesdammen

It soe moai wêze mar sa is it net.

Der binne fansels sot dingen dy’t sa moai wêze soenen mar der gewoan net
binne. Nim no it lytse oantal leden fan damklup De Stadige Strikers, wat soe it moai wêze as dat oantal de kommende tiid ferdûbelje soe. It soe moai wêze, mar it sil nei alle gedachten wol net barre.

Gelokkich wienen ôfrûne moandeitejûn de measten wer paraat. En der waard ek noch hiel aardich spile. Dochs wienen de measte spullen gau út. Te gau. Sieten De Strikers in pear jier lyn faak noch oant in oere as healwei alven of letter te damjen, no wienen de measten op dat tiidstip al lang út.

Wy sille mar rekkenje dat it de tiidgeast is en dat dy ek de Strikers parten spilet. De tiid hâldt gjin skoft en dêr is elk him hieltiten mear fan bewust. Noch ien damjûn en noch de priisdammerij op sneon de 27ste dan sit it damjen der yn it Swettehûs foar 2025 wer op.

Utslaggen: Ype Boelens – Dicky vd Meer 0 – 1; Jan Castelein – Bauke Bos 0 – 1; Wiillem Schaap – Cor Kooistra 1 – 0; Jelle Wiersma – Sjoerd Jan Bakker 1 – 0.

doorfriesdammen

In lyts foutsje is gau makke en faaak net werom te draaien.

Meastal as jo as dammer in foutsje meitsje dan is dat faak it begjin fan de ein. Mei in efterstân rint men meastal efter de feiten oan en kin men de
tsjinstanner ek wol de hân jaan. Fansels hoopje jo dan dat de man tsjinoer jo ek even in net sa’n goeie streek docht, mar dat bart gewoanwei net.

Moandeitejûn kamen der mear as ien dammer in houtsje te gau efter. Dan
wurdt der fansels noch wol troch spile, hoewol’t it net folle mear om de hakken hat. In houtsje achter is yn it Fryske spul faak einde oefening.

It boppesteande jilde moandei ek foar Ype Boelens. Hy rekke ek yn de
sitewaasje mei in houtsje minder. Dat moat jin net oerkomme tsjin in spiler as Sjoerd Jan Bakker. De lêste kin soksoarte fan stantsjes feilleas útspylje.

Yn it kader fan de Fryslân Kup waarden der twa partijen spile. De sterke man út Hartwert, Taeke Kooistra moast it opnimme tsjin syn broer Cor Kooistra. De twa bleawen it langste sitten, mar yn it middenspul moast de Nijlânder eins al belies jaan. Hy koe it net hâlde tsjin de ferdigendje stelling fan fan syn jongere broer.

Jelle Wiersma en Willem Schaap moasten troch it lot ek tsjin elkoar. Sy spilen in moaie partij. Mar de Frysk kampioen koe it net hâlde tsjin Schaap. Dy lêste sit op dit stuit yn de winners-modus. It is in lust om it te sjen en mei te meitsjen.

Utslaggen: Sjoerd Jan Bakker – Ype Boelens 1 – 0. Dicky van der Meer – Jan
Castelein 1 – 0. Dicky van der Meer – Bauke Bos 1 – 0. Jelle Wiersma – Willem Schaap 0 – 1. FK Cor Kooistra – Taeke Kooistra 0 – 1. FK

doorfriesdammen

Rubryk 5-12-2025

By it jierlikse Frysk kampioenskip is it foar Willem Schaap en Hein de Vries faaks it earste doel om yn de Kampioensklasse te bliuwen. It spande der dit jier ek wer om en by eintsjebeslút hellen se beiden twa punten op in seisde en sawnde plak. Schaap hie krekt wat mear wjerstânspunten en moast De Vries it mei degradaasje belije. Yn harren ûnderlinge partij, dy’t kamp waard, hie De Vries lykswols taslaan kind. 

W.Schaap – H.de Vries, Aldegea-SWF, FK, earste omloop, 25.1.2025 

We komme yn it spul nei 31. ..3-8 

Wyt hie no ferrassend 32.21-17! 12×21 33.26×17 en de efterstreek 33. ..2-7? ferliest om 34.17-12! 7×18 35.45-40! 25×34 36.38-33 34×32 37.42×2. Dan mar 33. ..24-30 34.35×24 20×29 32.43-39 14-20 33.39-34 24×44 34.49×40 20-24 35.38-33 24-30 36.40×20 25×14 37.42-38 8-13? Lit grut foardiel troch 37. ..13-18 as 4-20 lizze.  38.33-29 15-20 It doel wie om troch 38. ..12-17 39.21×12 13×11 de wite skiif op fjild 26 te winnen. Mar soe raar op de kofje komme nei 40.26-21! 11×31 41.38-32! 31×24 42.35-30 24×35 43.45×5 39.35-30 20×40 40.45×34 14-20 Wyt lit kamp lizze troch 41.21-17! 12×21 42.26×17 2-7(ferpl.) 43.38-33 7×27 44.29-23 41.38-32 13-18 42.32-27 2-7 43.21-16Wer beskiedend foar swart  

43. ..6-11 44.27-21 11×31 45.26×37 7-11 46.16×7 12×1 47.37-31 1-6 48.31-27 6-11 en wyt komt oan en sil ferlieze. 43.  …12-17? 44.27-21 7-12 45.16-11! 20-24 Wat oars as dizze plakker? 46.11×11 24×35 47.21-16 6×17 48.16×18 35-40 en kamp. 

Yn de tredde omloop te Jorwert wie Schaap ek net ûnfertúnlik mei kamp tsjin Henk Haanstra. Hy kaam yn ‘e knipe yn it middenspul en moast offerje.

H.Haanstra – W.Schaap, Jorwert FK, tredde omloop, 28.1.2025 

Nei 29.39-34 driget 25-20 en 34-20 

29. ..19-24 30.25×23 4-10?  Nei 30. ..17-21 nei swart mear spul. Bygelyks 31.34-30 31-26 32.47-41 27-31 33.41×21 16×27 34.36×16 6×26 Mar wyt pakt it kadootsje net út en jout it hout werom mei 31.23-19 wylts 31.34-30 27-21 32.30-24! 14×34 33.44×24 in grutte kâns op winst wie.  

Nû.9 sw. 2,4,6,7,10,11,18, 23, 28, 30, 45 wyt 15,16,25,26,31,34, 38, 39, 42, 49, 50  

Nû.10 sw. 3,5,6,10, 11, 13-15, 21, 26, 36 wyt 23, 25, 32, 33, 35, 39-41, 44, 45, 47 

Twa nije problemen fan Ties Slagter en Hiele Walinga  

Nû.11 sw. 2, 4, 6-8, 10,12, 15, 16, 22, 25 wyt 26, 31, 32, 34-36, 40, 41, 43, 45, 50 

Nû.12 sw.1, 3, 7, 14, 18, 19, 29, 34 wyt 16, 17, 27, 32, 38, 42, 46 

Oplossingen stjoere foar 19 desimber. 

Folkert Groenveld 

Riperwei 6 

8623 XH  Jutryp 

groenveldf@hotmail.com 

doorfriesdammen

In hiele gesellige sinteklaasjûn by de Strikers.

Men soe sizze kinne: Wat soe der no gesellich oan wêze kinne om as grutten
allegearre achter in damboerd te sitten en tsjinoer jin in man of frou dy’t ek
besiket de partij te winnen. It wurdt hiel aardich as it net bliuwt by ien potsje, mar dat der yn in kertier fjouwer spultsjes tsjin in tsjinstanner ôfraffele wurde. Dan is it net allinne de kundichheid fan it spul in fereaske, mar ek it tempo fan it tinkproses. No men kin fan tinken wol ha dat it der dan wol op oan komt foar de âldere spilers.

As der dan ek noch ferskate farianten fan it damspul frege wurde dan kin men sa no en dan wol it gefoel krije dat men dwaande wurdt om kirewyt te wurden. De jingen dy’t geregeld fan dy rappe spultsjes op ynternet dogge ha dêr gjin lêst fan. Dy wurde net kirewyt, mar fine it allinne mar moaier: Hoe hurder hoe moaier.

Ien fan de útrinders dêryn is Willem Schaap. Hy waard winner yn de earste
groep. Hy hie likefolle punten as Jelle Wiersma, mar omdat er tsjin him wûn hie waard er útroppen ta winner. Sjoerd Jan Bakker koe him as tachtichplusser yn it damgeweld fan beide niisneamde mannen noch aardich hanthavenje en dat jilde ek foar Dicky van der Meer mar beide mannen kamen te koart foar de earste priis: in spekulaasplaat bakt yn boerebûter. Nee sy moasten it dwaan mei in behindich Sinteklaastaartsje of in pakje taaimantsjes. Deselde prizen koenen yn de b-goep behelle wurde. De winner wie dêr Cor Kooistra folge troch Ype Boelens. Foar elkenien wie der priis. Gjin ien waard oerslein. En dat is fansels ek it moaie fan sa’n damjûntsje.

doorfriesdammen

Hartwert wint op twa fronten by MINI-klupkampioenskip

(Tekst fan Siebren Dyk en foto’s makke troch Geart Tigchelaar)

It klupkamioenskip yn it fluchdamjen waard âlderwenst ek dit jier wer ferspile op ‘e boppeseal fan kafee “Het Wapen van Baarderadeel” yn Jorwert. Der wiene acht ploegen, dat dêr koene moai twa pûles fan fjouwer fan foarme wurde. Spitich wie dat Aldegea gjin ôffurdiging hie. Dêr stie foaroer dat Hartwert en it organisearjende OKK twa fjouwertallen ynsette koene. Wedstriidlieder Willem Dykstra hie miend dat it it bêste wie dat
klupgenoaten net tsjin inoar yn it fjild kamen, mar dy goedbedoelde yndieling fertsjinnet miskien gjin ferfolch. Krekt as yn ‘e edysje fan 2024 einigen de fertsjintwurdigers fan Hartwert yn beide klassen boppeoan. En Jorwert bakte der op ‘en nij neat fan.

De krêft fan Hartwert I siet him der miskien wol yn dat it eins gjin swakke plakken hie. Dammers as Tsjerk Wijbenga, Hein de Vries, Jesse Boschma en Fedde Wiersma kinne jo elk foar oar wol om in boadskip stjoere. Dêr foaroer hiene, mei alle respekt, Skearnegoutum en Lollum dochs wol in hendikep mei respektyflik Bauke Bos en Niek Tolsma op it fjirde boerd. Om fan Jorwert I, dat syn fêste krêften Kees Tijssen en Frans Kingma miste, mar net iens te praten.

Hartwert I sette fuortendaliks al goed yn troch yn ‘e earste omloop Lollum te ferslaan. Oan Jorwert I hie it dêrnei gjin hanwetter, en dat wie dêrnei ek sa mei Jorwert II en Blauhús. Yn ‘e lêste omloop, tsjin Skearnegoutum, gong it der om. De Stadige Strikers hawwe de MINI al hiel faak op har namme skreaun, mar kamen no tsjin Hartwert net fierder as in 2-2 lykspul. Se bleauwen dêrmei op 3,5 punt stykjen, en waarden sa ek noch foarbystutsen
troch Lollum, dat harren yn ‘e twadde omloop al earder mei in minimale oerwinning fan 2,5-1,5 krekt oan kant set hie.

Mei trije titelkandidaten wie it boppeyn de heechste klasse dus wis wol spannend. Dat wie ûnderyn net sa. Jorwert I bakte der neat fan, en ferlear sels fan twaddeklasser Hartwert II. Mar jo kinne ek sizze dat dat fan de twadde garnituer fan de Hartwerters wol hiel knap wie. Harren grutte konkurrint yn ‘e twadde klasse, De Gaastmar, rêde it tsjin Jorwert I mei in
ferlies fan 0,5-3,5 nammentlik lang net op. Efterôf hat dat ek krekt it ferskil útmakke. Yn ‘e eigen klasse spilen de Gaastmarders tsjin Hartwert II gelyk, en wûnen se ek fan Blauhús en Jorwert II, en kamen sa op treddel punt út, ien minder as Hartwert II. Blauhús stelde koe dus yn dizze klasse net hielendal meidwaan, ek al wûn it wol fan Jorwert II. Dy ploech mei foaral begjinnende dammers hold lykwols yn it foarste plak de olympyske gedachte yn eare. En dat dat ek noch ien buordpunt opsmiet, dat wie foar harren al klearebare winst.

Utslaggen
Earste omloop: Hartwert I – Lollum 2,5-1,5; Skearnegoutum – Jorwert I 4-0; Jorwert II – Bauhús 0-4; Hartwert II – De Gaastmar 2-2.
Twadde omloop: Jorwert I – Hartwert I 0,5-3,5; Lollum – Skearnegoutum 2,5-1,5; Blauhús – Hartwert II 1,5-2,5; De Gaastmar – Jorwert II 4-0.
Tredde omloop: Lollum – Blauhús 2,5-1,5; Jorwert I – Hartwert II 1,5-2,5; Hartwert I – Jorwert II 4-0; Skearnegoutum – De Gaastmar 4-0.
Fjirde omloop: Blauhús – Hartwert I 1-3; Hartwert II – Skearnegoutum 1-3; Jorwert II – Lollum 0-4; Jorwert I – De Gaastmar 3,5-0,5.
Fyfde omloop: Hartwert I – Skearnegoutum 2-2; Lollum – Jorwert I 4-0; Hartwert II – Jorwert II 3-1; De Gaastmar – Blauhús 3-1.

Einstannen, mei tusken heakjes it tal buordpunten

Klasse I: 1. Hartwert I 4,5 (15); 2. Lollum 4 (14,5); 3. Skearnegoutum 3,5 (14,5); 4. Jorwert I 1 (5,5).
Klasse II: 1. Hartwert II 3,5 (11); 2. De Gaastmar 2,5 (9,5); 3. Blauhús 1 (9); 4. Jorwert II 0 (1).

Oersjoch fan ‘e seal, mei op ‘e foargrûn it topduel Skearnegoutum tsjin Hartwert I
(foto: Geart Tigchelaar)
De winners, Tjerk Wijbenga fan Hartwert I en Herman Terwisscha van Scheltinga fan Hartwert II. (foto: Geart Tigchelaar)