Al in tiidlang hienen de Stadige Strikers him net sjoen, mar moandeitejûn wie er wer presint. Wy hawwe it hjir oer Kees Castelein. Hy brânde der
fuortendaliks yn en kaam as in prins op it boerd te stean tsjin Tineke Teigeler. De kompetysjelieder en de foarsitter hienen it punt al sa’n bytsje notearre yn gedachten. Opskreaun noch net. Dat wie ek mar goed oars hienen se wer krasse moatten, want it soe noch hiel oars komme. Mooglik wie Kees wat oermoedich en hat er tocht fan: wa docht my wat. Mar ien fan de regels yn it damspul is: Tink net dat je wûn ha sa lang de partij noch net út is. As jo al min of mear yn in oerwinningsroes sitte dan êbet de konsintraasje fuort en strike jo der mar op los. Dat gong dus mis. Tineke hoegde mar ien houtsje te jaan om de hiele janboel fan Kees der ôf te slaan.
Heit Jan Castelein moast it opnimme tsjin Bauke Bos. Sy makken der in moai potsje fan, mar geandewei it spul kaam Jan der hieltiten better op te stean. It omsittend laach hie dat ek wol yn de smizen, mar seach Jan dat sels ek wie de fraach. No dat seach er wol. Hy kaam mei in setsje in houtsje foar en nei in hiele geunstige ôfruil soarge er der foar dat syn spul in ûnnimbere fêsting wie. Bauke Bos hie eins neat mear yn de brij te brokkeljen en Jan wûn mei glâns.
De moaiste partij fan de jûn spilen Willem Schaap mei wyt tsjin Sjoerd Jan
Bakker mei swart. It like frij gelyk op te gean en sa as gewoanwei krimmenearre Bakker oer syn minne stân. Dêr wie by it begjin fan it krimmenearjen noch neat fan te sjen. No sjocht Bakker mooglik krekt wat mear as de omstanners. Op de ein fan it spul die bliken dat hy ferkeard stûn. Willem naam it punt mei nei hûs
Utslaggen. Bauke Bos – Jan Castelein 0 – 1; Willem Schaap – Sjoerd Jan Bakker 1 – 0; Tineke Teigeler – Kees Castelein 1 – 0; Kees Caselein – Cor Kooistra 0 -1; Yn Hartwert Jelle Wiersma – Herman Scheltinga 1 – 0, FK.
Noch seis kear de jierlikse Wapenpartij te Jorwert, dan belibje we de hûndertse edysje fan dizze jierlikse dammerij. Yn 1932 wie Johannes Douwe Hokwerda de earste winner fan doe noch de Baarderadiel-partij. Allinne dammers út dy gemeente kamen op ‘e list. Folle letter waard it nei in wer-yndieling de Littenseradiel-partij en wie elts wolkom. No fâlt Jorwert ûnder de gemeente Ljouwert. Mar is de namme net meigien. Kafee ‘It Wapen fan Baarderadiel’ is de lokaasje. Grif ien fan de smûkste plakken dêr’t in dammer op in rûzige jûn yn novimber wêze kin. Fjouwer spullen wurde der op twa jûnen ferdamd. Marten Walinga wie yn hâldershân mei trije winstpunten. Opponint Jelle Wiersma, folge mei twaddel punt en moast winne.
M.Walinga – J.Wiersma, Jorwert, 11.11.2025, Wapenpartij 4-e omloop
1.34-30 17-21 2.31-26 20-25 De hiel âlde Heegemer-iepening wurdt fan stâl helle. Meastentiids is it 1. 20-25 2.31-26 3.26*17 25*34 4.40*29 12*21 5.29-24 14*34 6.39*30 21-27 7.37*17 7*27 8.32*21 16*27 9.30-24 19*30 10.35*24 27-31 11.36*27 18-22 12.27*18 8*37 13.42*31 3-8 14.31-26 8-12 15.26-21Der wurdt omraak ôfruile. Komplikaasjes wurde noch net socht15. ..11*31 16.41*21 6-11 17.46-41 11*31 18.41*21 9-14 19.47-41 14*34 20.44*24 10-14 21.49-44 14*34 22.44*24 1-6 23.43-38 5-10 24.38-32 13-19 25.24*11 6*26 En mei in lykweardige stân giet it al op nei it einspul. 26.48-43 10-14 27.43-39 14-19 28.45-40 19-23 29.39-34 15-20? De earste stek dy’t falle litten wurdt. 29. ..2-7 hie moatten. Wyt kin no trochpakke 30.34-30 4-10 Dit is in ferplichte set. Op 30. …20-25 folget fansels 50-45 mei winst. Lykas nei 30. ..2-7 as 2-8. 31.30×10 4×15 en wint wyt dat hout.

Wyt hellet no mei in tûke slach kamp. En dat wie genôch foar toernooi-winst. 31.41-36! 26*46 32.50-44! 46*50 33.30-25 50*30 34.25*5 Swart moat der noch goed om tinke. Der steane twa houten op slach. It is kamp nei 34. ..2-7 as 2-8 en ek nei 34. ..30-13 35.5*45 Better noch foar wyt wie 32.30-25 46×28 33.25×5 2-7 (ferpl. om 33. ..28-46? 34.5×34 ferliest lykas 33. ..2-8 34.5-10 8-12 as 13 en dan wer 35.40-34) 34.5-10 28-6 Oars komt wer 40-34 35.10×32 mei goede winstkânsen.
In wike earder troffen klupgenoaten Jelle Wiersma en Willem Schaap elkoar. In moai spul mei wikseljende kânsen.
J.Wiersma – W.Schaap Jorwert, 4.11.2025, Wapenpartij 1-e omloop
1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17*37 4.41*32 19-24 5.34*14 10*19 6.40-34 11-17 7.47-41 4-10 8.32-27 17*37 9.41*32 19-24 10.34*14 10*19 11.33-28 7-11 12.28-22 18*27 13.32*21 16*27 14.31*22 12*32 15.38*27 11-16 16.39-34 1-7 17.42-37 7-12 18.37-31 12-17 19.27*7 2*11 20.34-29 19*39 Mei 28.48-42 11-17 21.42-37 hie wyt it bettere spul hawn. 21.43*34 11-17 22.31-27 17*37 23.36*38 16*36 24.46*26 6-11 25.38-32 13-18 26.44-40 8-12 27.49-44 9-13 28.48-43 11-17 Ek hir hie wyt better 28.32-27 11-17 29.27×7 12×1 30.26-21 29.35-30 5-10 29.34-30 25×34 30.35×33 is better. 30.44-39 18-22 31.50-44 22*42 32.43*41 3-9 33.39-33 9-14 34.33-28 Swart hie no de kâns mei 34. ..13-19! 35.44-39? 19-23 36.28×19 14×23 as 35.41-36 19-24 36.30×19 14×32 37.44-39 10-14. Dan mar 35.28-23 19×28 36.44-39 en komt ek net goed. 34. ..13-18 35.28*8 12*3 36.30-24 20*29 37.34*23 14-20 Ek hjir 37. …3-8 (driget 8-13) 38.23-19 14×23 39.40-35 23-29 40.34×23 15-20 38.23-18 17*19 39.26-21 3-8 40.21-17 19-24 41.40-35 10-14 Wyt kin noch net troch nei de daam. 42.41-37 14-19 43.37-31 19-23 Troch mei 44.17-11 23-28 45.11-6 28-33 46.44-40 33-38 47.35-30! 24×44 48.45×32 8-13. Wyt kin no noch gjin daam strike om 1×10 en 15×4. Mar sil it oare hout der by helje, in twaddde daam krije en winne. Op nei kamp 44.31-27 23-28 45.27*29 24*33 46.17-11 33-39 47.44*33 25-30 48.35*24 20*38 49.11-6 38-42 50.6-1 42-47 51.1-40 8-13
Twa problemen fan Stellinga-Baron

Nû.9 sw. 2,4,6,7,10,11,18, 23, 28, 30, 45 wyt 15,16,25,26,31,34, 38, 39, 42, 49, 50
Nû.10 sw. 3,5,6,10, 11, 13-15, 21, 26, 36 wyt 23, 25, 32, 33, 35, 39-41, 44, 45, 47
Oplossingen noch net stjoere.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
Dit jaar organiseerde de Dambond Fries Spel een internationaal damtoernooi met als gasten jeugdteams uit Ierland en Italië en seniorenteams uit Tsjechië en Italië. Op vrijdagavond werd een open toernooi gehouden waarin de variant FRYSK! werd gespeeld, dat met een perfecte score werd gewonnen door Taeke Kooistra uit Hartwert. De voorzitter van de dambond, Liuwe Westra uit Lollum, en Yassin Ghodbani uit Aosta deelden de tweede plaats. Vier Italianen, een Tsjech en een Friese dammer eindigden op een gedeelde vierde plaats, waarmee duidelijk werd dat de Italianen, grotendeels getraind door Paolo Faleo, de top van de Friese dammers hebben ingehaald. De acht deelnemende Ierse spelers, die pas drie maanden het Fries dammen spelen, eindigden onderaan in de ranglijst.De jeugdcompetities begonnen op zaterdagochtend. Het Friese team eindigde verrassend als laatste met 16,5 wedstrijdpunten. Het Ierse jeugdteam eindigde op de tweede plaats met 19 punten en de Italianen wonnen glorieus met 36 punten. In het individuele klassement wonnen de Italiaanse jeugdspelers Ian Censi en Miryam Faleo al hun partijen en waren er maar liefst vier tie-breakpartijen nodig om Ian Censi tot uiteindelijke winnaar uit te roepen.Tegelijkertijd speelden de internationale teams zes wedstrijden in vier Europese damvarianten: FRYSK!, Tsjechisch dammen, Italiaans dammen en Engels dammen. Net als bij kaatsen zijn er verschillende varianten van dammen, het is voor alle spelers een uitdaging om ook in deze varianten uit te blinken. Het Tsjechische team, bestaande uit Vaclav Krista, Filip Kareta, Milan Sip en de Oekraïense topspeler Nadiya Chyzhevska, bleek uiteindelijk het sterkst en eindigde met een score van 16,5 punten boven het Italiaanse team, dat met 13,5 punten tweede werd. Het Friese team, bestaande uit vier sterke Friese dammers, Jelle Wiersma, Taeke Kooistra, Folkert Groenveld en Willem Schaap, slaagde er niet in indruk te maken en eindigde als laatste met 5 punten.De volgende editie wordt in juni 2026 georganiseerd door Italië en in 2027 is Ierland gastheer. De volledige uitslagen zijn:
Internationale Jeugdwedstrijden:
1 TEAM Italië, 36,5
2 TEAM Ierland, 19
3 TEAM Nederland, 16,5
1 ITA – Ian Censi, 9 + 2,5 (barrage)
2 ITA – Miryam Faleo, 9 + 1,5 (barrage)
3 ITA – Sebastiano Scalise, 8
4 ITA – Cristina Bergonzo, 7
5-7 NED – Werner Witteveen, 4.5 IER – Seoidín Breen, 4.5 NED – Corné Brouwer, 4.5
8-9 IER – Darcy Donegan, 4 IER – Cian Bolger, 4
10-11 IER – Sara Donegan, 3.5 ITA – Lina Napoletano,.5
12-13 NED – Jelle Schoemaker, 3 IER – Kenny Bolger, 3
14 NED – Auke Brandsma, 2.5
15 NED – Laurens van Rossum, 2
INTERLAND TEAM wedstrijden:
1 TEAM Tsjechië, 16,5
2 TEAM Italië, 13,5
3 TEAM Nederland, 5
Toernooi FRYSK!:
1 Taeke Kooistra, 6
2-3 Liuwe Westra, 4.5 Yassin Ghodbhani, 4.5
4-9 Herman Terwischa van Scheltinga, 4 Paolo Faleo, 4 Tommaso Lodato, 4 Elia Cantatore, 4 Davide Gemma, 4 Milan Sip, 4
10 Filip Kareta, 3.5
11-17 Cristina Bergonzo, 3 Nathan Censi, 3 Ian Censi, 3 Václav Krista, 3 Sjouke Attema, 3 Siebren Dyk, 3 Páidí Breen, 3
18-21 Lina Napoletano, 2.5 Harry Kaspers, 2.5 Nadya Chyzhevska, 2.5 Micha Donegan, 2.5
22-25 Miryam Faleo, 2 Kenny Bolger, 2 Sara Donegan, 2 Seoidín Breen, 2
26 Mairéad Breen, 1.5
27 Darcy Donegan, 128 Cian Bolger, 0
Moandeitejûn hienen de Strikers trije gasten op besite. Trije dammers. Twa fan de klup út Hartwert en ien út Blauhûs. Ien fan ús fêste dammers, Bauke Bos wie útflein nei Aldegea om dêr de degens te krusen mei Siebe Walinga. En dat allegearre yn it kader fan de striid fan de Fryslân Kup. Gelokkich spilen ek noch in pear Strikers in gewoane partij foar de klupkompetysje.
“No sit ik mei in houtsje dat ik net ha!” spriek Sjoerd Jan Bakker, wa oars, yn syn partij tsjin Jan Castelein. Ek sûnder dat houtsje koe Sjoerd him wol rêde. Jan joech him touwens net sa mar oer. Hy hie in prima spul en it wie dêrom spitich dat er in hiel foardielige ôfruil net seach. Hie er dat dien dan hie er de grutte Sjoerd Jan noch wol even sear dwaan kinnen. Dat barde dus net en Sjoerd Jan koe wer in kostber puntsje by skriuwe op syn palmares.
De partij tusken Ype Boelens en Jelle Wiersma wie wat te gau út. Fuort yn it
begjin rekke Ype in houtsje efter. No ja dan witte jo it wol. Hy koe allinne noch wat spinpoatsje mar kânsen smiet dat net op. Mei de oare spilers, dy fan de Kup, like it hiel goed te gean. Sa wûn Dicky van der Meer fan Fedde Wiersma. De lêste fleach yn in teory dêr’t er net by stil stûn hie. Sa wie Dicky de earste dy’t in ronde fierder wie. De oare twa soenen syn foarbyld folgje.
Utslaggen. Ype Boelens – Jelle Wiersma 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Jan Castelein 1 – 0. Leo Altena – Cor Kooistra 0 – 1; Fedde Wiersma – Dicky van der Meer 0 – 1; Willem Schaap – Tsjerk Wybenga 1 – 0. Yn Aldegea ferlear Bauke Bos fan Siebe Walinga.
Op sneon 15 novimber fynt der yn Koudum in fjouwerlannewedstriid plak tusken spilers út Italië, Ierlân, Tsjechië en Fryslân yn FRYSK! FRYSK! is damjen neffens de Fryske regels mei fiif skiven de spiler. Dizze nije tinksport is yn 2015 ûntwikkele yn gearwurking mei de Provinsje Fryslân en yntusken yn tal fan lannen populêr. Wrâldkampioenskippen wurde holden sûnt 2016. Fjouwer jier lyn namen inkelde Italiaanske spilers it inisjatyf om in ynternasjonale League op te setten, wêryn’t ferskate farianten fan de damsport hâlden wurde: Italiaansk, Tsjechysk, Ingelsk en FRYSK! Benammen troch de ynspanningen fan de Italiaanske jeugdtrainer en wedstriidspiler Paolo Faleo út Aosta is FRYSK! no ek trochkrongen yn Ierlân, en komme no foar it earst Ierske tinksporters nei Fryslân ta om FRYSK! te spyljen.
It tinksportevenemint omfettet twa ûnderdielen. Trije teams fan folwoeksen spilers spylje in fjouwerkamp yn FRYSK! , Italiaansk, Tsjechysk en Ingelsk damjen. Trije jeugdteams spylje de hiele dei FRYSK! De jeugdteams komme út Ierlân, Italië en Fryslân, de folwoeksen teams út Italië, Tsjechië en Fryslân. De teams binne te gast op de Magnifique, in hotelskip fan… út… De organisaasje is yn hannen fan it Dambûn Frysk Spul.
Foar mear ynformaasje: Sjouke Attema, shattema@hotmail.com, 06 -27098830
Hij begjint der wat in abonnemint op te krijen. Ek yn 2025 wie Marten Walinga de sterkste yn it iepen kampioenskip fan “Het Wapen van Baarderadeel”, oftewol de Wapenpartij. In kreaze prestaasje, benammen omdat it dielnimmersfjild dit jier sterk wie.
Allinnich tsjin Jelle Wiersma moast Walinga yn ‘e lêste omloop in lykspul tastean. Mar dêrfoar hied er al wûn fan Willem Hoekstra, Folkert Groenveld en de pleatslike favoryt Willem Dykstra. Wiersma moast it úteinliks yn ‘e einstân mei in heal punt minder dwaan. Hy hie yn ‘e earste omloop fuortendaliks al skea oprûn troch in kampspul tsjin Willem Schaap. Dy hie oars blykber safolle enersy yn dy partij stutsen dat er dêrnei wol alles ferlear. Likegoed einige Schaap net hielendal ûnderoan, want Fedde Wiersma moast mar leafst fjouwer kear in nul ynkassearje. De grutte ferrassing yn ‘e heechste groep wie miskien wol Willem Dykstra. Want al wied er tsjin de lettere kampioen net opwoechsen, hy wûn wol fan Dicky van der Meer, Willem Schaap en Folkert Groenveld. In earfol twadde plak, njonken Jelle Wiersma, wie dan ek sines.
De twadde groep hie miskien ek wol in ferrassing, en al wer wie dat in Jorwerter; it thúsfoardiel yn it damjen docht blykber wûnders. Teminsten, Harry Kaspers stuts hjir mei kop en skouders, dat wol sizze mei in fol punt foarsprong, boppe de oaren út. Dus ek boppe de Hilaarder Rinze Schukken, dy’t er op ‘e klup ornaris net de baas kin. En boppe Sietze de Jong, dy Aldegeaster dy’t ferline jier de twadde groep noch op syn namme skreau. No wie it in oare Aldegeaster dy’t hjir mei kûgelsfeart omheech gisele, en úteinliks it twadde plak besette soe. En dat wylst dy Almar Stegenga ferline jier noch yn ‘e tredde groep meidie!
Dy tredde groep waard no oars wûn troch in oar nij gesicht. Anne de Boer fan Wommels die krekt as yndertiid Julius Cesar: hy kaam, seach, en wûn alles. As iennichste fan it toernoai helle er de folle fjouwer punten. De oaren yn dizze groep kamen dêr lang net oan ta. Om it mar net te hawwen oer dy earme Imaël Snijders mei syn nul punten. Mar ja, as jo noch mar in pear wiken oan it damjen binne, dan falt der miskien ek wol net mear te ferwachtsjen.
Utslaggen en tuskenstannen:
A-klasse, earste omloop: Marten Walinga (Waaksens) – Willem Hoekstra (Aldegea) 1-0; Dicky van der Meer (Terherne) – Willem Dykstra (Jorwert) 0-1; Jelle Wiersma (Wommels) – Willem Schaap (Jirnsum) 0,5-0,5; Folkert Groenveld (Jutryp) – Fedde Wiersma (Easterein) 1-0. Twadde omloop: Dykstra – Walinga 0-1; Hoekstra – v.d. Meer 0-1; F. Wiersma – J. Wiersma
0-1; Schaap – Groenveld 0-1. Tredde omloop:Walinga – Groenveld 1-0; J. Wiersma – v.d. Meer 1-0; Dykstra – Schaap 1- 0; Hoekstra – F. Wiersma 1-0.
Fjirde omloop: Walinga 0- J. Wiersma 0,5-0,5; Groenveld – Dykstra 0-1; v.d. Meer – F. Wiersma 1-0; Schaap – Hoekstra 0-1.
Einstân (mei wjerstânspunten tusken heakjes): 1. Walinga 3,5; 2/3. Dykstra & J. Wiersma 3; 4. v.d. Meer 2 (5); 5/6. Groenveld en Hoekstra 2 (3); 7. Schaap 0,5; 8. F. Wiersma 0.
B-klasse, earste omloop: Sietze de Jong (Aldegea) – Rinze Schukken (Hilaard) 1-0; Siebren Dyk (Jorwert) – Harry Kaspers (Jorwert) 0-1; Jelte Dykstra (Jorwert) – Almar Stegenga (Aldegea) 0-1; Emke Dykstra (Jorwert) – Bonne Hylkema (Jorwert) 0-1.Twadde omloop: De Jong – Dyk 0-1; Kaspers – Schukken 1-0; Stegenga – Hylkema 1-0; J. Dykstra – E. Dykstra 1-0. Tredde omloop: Kaspers – Stegenga 1-0; Schukken – Dyk – 1-0; Hylkema – J. Dykstra 1-0; E. Dykstra – De Jong 1-0. Fjirde omloop: Hylkema – Kaspers 0,5-0,5; Stegenga – Schukken 0,5-0,5; Dyk – E. Dykstra 1-0; De Jong – J. Dykstra 0-1.
Einstân: 1. Kaspers 3,5; 2. Stegenga 2,5 (12,5); 3/4. Hylkema en Schukken 2,5 (8,5); 5/6. Dyk en J. Dykstra 2; 7. De Jong 1; 8. E. Dykstra 0.
C-klasse, earste omloop: Hindrik Terpstra (Jorwert) – Jan Nauta (Bitgummole) 0-1; Doede Ottema (Jorwert) – Meinte Wesselius (Wommels) 0-1; Jelle Anema (Jorwert) – Geart Tigchelaar (Jorwert) 1-0; Imaël Snijders – Anne de Boer (Wommels) 0-1. Twadde omloop: Tigchelaar – Snijders 1-0; Ottema – Terpstra 0-1; Nauta – Wesselius 0-1; De Boer – Anema 1-0.
Tredde omloop: Wesselius – De Boer 0-1; Nauta – Anema 1-0; Terpstra – Snijders 1-0; Tigchelaar – Ottema 0-1. Fjirde omloop: De Boer – Nauta 1-0; Wesselius – Anema 0-1; Snijders – Tigchelaar 1-0; Snijders – Ottema 0-1.
Einstân: 1. De Boer 4; 2/3/4. Anema, Nauta en Wesselius 2,5 (8); 5. Terpstra 2 (5) (út 3); Ottema 2 (5); Tigchelaar 2 (2); Snijders 0.
Fannejûn wiene der acht dammers. Jelle Wiersma soe earst simultaan damje mar lokkich kaam Jan Castelein ek noch sadat we mei in even oantal wiene. Jan wie wat letter, mar saken geane foar it fermaak en dan wurst it wolris wat letter, mar better let as net, seit in siswize en dêr binne we it hielendal mei iens. Jan spile tsjin Ype Boelens en dizze lêste grossiert yn punten oant no ta dus hy is aardich yn foarm. Jan murk dit ek en nei lang tsjin sparteljen ferlear er it spul. Hy genietet fan de kar oan mooglikheden. Net te leauwen, sa sei er. Tineke Teigeler hie de iepening net goed troch rekkene, sa sei se sels en ferlear tsjin Sjoerd Jan Bakker. It spul tisken Cor Kooistra en Jelle Wiersma wie ek in spul mei in soad mooglikheden. Jelle joech Cor in daam en pakte sels e kien. Foar Jelle koe dit wol út en sa wûn er de partij. Dejingen dy’t it langste dwaande wiene, wiene Willem Schaap en Bauke Bos. Bauke hie it nei eigen sizzen tige dreech en moast goed oplette. De foarsitter kaam efkes sjen en sei dat it in moai spul wie en dat wie ek sa. Bauke sei dat it in dreech spul wie, mar ek moai. Dreech kin moai wêze mar moai ek dreech, sa sei er. Sokke spullen binne ek om fan te genietsjen. Willem genietet ek fan it damjen en wie Bauke de baas yn dit spul. En sa wie dit lêste spul hast in oere letter út as it lêste spul in wike earder!
Utslaggen: Tineke Teigeler – Sjoerd Jan Bakker 0-1; Bauke Bos-Willem Schaap 0-1; Cor Kooistra- Jelle Wiersma 0-1; Jan Castelein- Ype Boelens 0-1
Tiisdeitejûn is yn Jorwert úteinset mei it iepen kampioenskip fan “Het Wapen van Baarderadeel”, yn itselde kafee mei dy namme. Meiinoar binne der 24 dielnimmers, in oantal dêr’t moai trije klassen fan acht dammers mei foarme wurde koene. Benammen de heechste klasse is dit jier wer ris hiel sterk beset. Marten Walinga wûn dy yn ‘e foarrige edysje probleemleas. Mar soe it him dit jier ek sa maklik ôfgean?
Dy fraach kin pas oare wike definityf beäntwurde wurde. Ofrûne tiisdei helle de Waaksenser wol beide punten binnen. Mar maklik hied er it net tsjin earst Willem Hoekstra en dêrnei de pleatslike favoryt Willem Dykstra. Likegoed, it resultaat telt. Der wie noch ien mei de folle winst. Folkert Groenveld skodde yn ‘e earste omloop Fedde Wiersma fan him ôf, en wûn dêrnei ek knap fan de tredde Willem. Schaap hie miskien de lêch ek wol wat út neidat er earder op ‘e jûn topfavoryt Jelle Wiersma op kamp holden hie. Dy hie dêrnei gjin muoite mear mei syn efternammegenoat Fedde.
De winner fan it toernoai sil dus wol socht wurde moatte by it trijetal Walinga, Groenveld en J. Wiersma. Al sille Dicky van der Meer en Willem Dykstra ek noch net hielendal wanhoopje. De Terhernster wûn in punt tsjin Willem Hoekstra, mar hy liet it tsjin Willem Dykstra krekt wer sitte. Willem Hoekstra en Fedde Wiersma hiene it dus dreech. Mar sy kinne har treastgje mei it idee dat der krekt ferliezers nedich binne om winners te krijen.
Yn ‘e B-klasse falt it damjen fan de Almar Stegenga op. De Aldegeaster, ferline jier kampioen fan ‘e ûnderste klasse, sette syn opmars troch mei oerwinnings op ‘e Jorwerters Jelte Dykstra en Bonne Hylkema. Dêrfoaroer liet dy oare Aldegeaster it sitte. Sietze de Jong gong ferline jier mei de grutste priis werom, mar ferlear no fuortdaliks al fan Rinze Schukken en Siebren Dyk.
Yn ‘e C-klasse is it Wommels boppe! Al hie Anne de Boer miskien wol it gelok dat er yn ‘e earste omloop de nije dammer Imaël Snijders lotte. Mei Jelle Anema, dy’t in pear jier fierder is, hied er dêrnei teminsten al aardich mear muoite. Meinte Wesselius wûn syn beide partijen ek. Tsjin Jan Nauta moast dat even oer it ynternet. De OKK-er wurdt wat minder op ‘e gong, mar dammet dit jier fan hûs út wei noch wol fleurich mei. Want sa’t in
bekend Frysk sprekwurd al seit: as it net kin sa’t it moat, dan moat it mar sa’t it kin.
Utslaggen en tuskenstannen:
A-klasse, earste omloop: Marten Walinga (Waaksens) – Willem Hoekstra (Aldegea) 1-0; Dicky van der Meer (Terherne) – Willem Dykstra (Jorwert) 1-0; Jelle Wiersma (Wommels) – Willem Schaap (Jirnsum) 0,5-0,5; Folkert Groenveld (Jutryp) – Fedde Wiersma (Easterein) 1-0. Twadde omloop: Dykstra – Walinga 0-1; Hoekstra – v.d. Meer 0-1; F. Wiersma – J. Wiersma 0-1; Schaap – Groenveld 0-1. Tuskenstân: Walinga en Groenveld 2; J. Wiersma 1,5; Dykstra en v.d. Meer 1; Schaap 0,5; Hoekstra en F. Wiersma 0.
B-klasse, earste omloop: Sietze de Jong (Aldegea) – Rinze Schukken (Hilaard) 1-0; Siebren Dyk (Jorwert) – Harry Kaspers (Jorwert) 0-1; Jelte Dykstra (Jorwert) – Almar Stegenga (Aldegea) 0-1; Emke Dykstra (Jorwert) – Bonne Hylkema (Jorwert) 0-1. Twadde omloop: De Jong – Dyk 0-1; Kaspers – Schukken 1-0; Stegenga – Hylkema 1-0; J. Dykstra – E. Dykstra 1-0.
Tuskenstân: Kaspers en Stegenga 2; Dyk, J. Dykstra, Hylkema en Schukken 1; E. Dykstra en De Jong 0.
C-klasse, earste omloop: Hindrik Terpstra (Jorwert) – Jan Nauta Bitgummole) 0-1; Doede Ottema (Jorwert) – Meinte Wesselius (Wommels) 0-1; Jelle Anema (Jorwert) – Geart Tigchelaar (Jorwert) 1-0; Imaël Snijders – Anne de Boer (Wommels) 0-1. Twadde omloop: Tigchelaar – Snijders 1-0; Ottema – Terpstra 0-1; Nauta – Wesselius 0-1; De Boer – Anema 1-0.
Tuskenstân: De Boer en Wesselius 2; Anema, Nauta, Terpstra en Tigchelaar 1; Ottema en Snijders 0.
Troch it krewearjen fan de Stichting WFD Worldchampionship Frisian Draughts) yn gearwurking mei it Dambûn en ek de ûntjouwing fan it ynternet-damforum lidraughts witte rûnom út de wrâld hûnderten dammers it Fryske Spul te finen. En komme ek nei Fryslân. Dan is it Fryslân Open te Fjentsjer it jierlikse treffen. Wat te tinken fan de tsien-fâldich wrâldkampioen Aleksander Georgiev, mar ek sokken as Konstantin Nord, Jean-Marc Ndjofang, etra Duskova, Aleksander Domchev en ek hoekse dammers as Foeke Tiemensma, Jan van Dijk en Ties Slagter. By de lêste edyzje makke Lukasz Kosobudzki furore. Nei in tige kreas dield fiifde plak mocht hy troch nei de masters en helle efter Taeke Kooistra de preemje. Twa spullen út it Fryslân Open besjogge we.
F.Tiemensma – L.Kosobudzki, Frjentsjer 18.2.2025, 2-e omloop Fryslân Open
1.32-27 20-25 2.27-22 17×28 3.33×22 18×27 4.31×22 12×32 5.38×27 11-17 6.27-22 17×28 7.34-30 25×34 8.40×27 14-20 9.37-31 7-11 10.31-26 13-18 11.42-37 18-22 12.27×18 19×17 Mei in rêstich begjin is de iepening foarby. 13.39-34 9-14 14.37-31 20-25 15.44-40 14-20 16.49-44 2-7 17.43-39 8-12 18.48-43 3-8 19.34-30 25×34 En it wurdt in spultsje fan neistriken. 20.39×30 17-21 21.26×17 12×21 22.30-25 21-26 23.25×14 26×37 24.36×38 15×13 25.43-39 16-21 En swart docht it no oars as wyt. 26.40-34 21-26 27.34-30 26-31Better foar wyt wie 41-37 en dan oerdwers ôfruilje. Swart kin no fol op de linkerkant oanfalle. 28.41×21 11×31 29.39-34 7-11 30.38-32 31×33 31.34×32 11-17 32.45-40 6-11 33.40-34 8-12 34.34-29 11-16 35.44-39 17-22 36.47-42 16-21 37.39-34 21-26 38.50-44 13-18 Wyt sit hast hielendal yn ‘e knipe.

39.46-41 22-27 40.32×21 26×17 41.44-39 18-22 42.39-33 22-27 43.30-24 27-31 44.41×21 17×26 45.42-37 12-17 46.35-30 1-7 47.29-23 17-21 48.23-18 21-27 49.37×17 7×27 Wyt kin noch nei de daam komme. 50.18-12 27-31 51.12-7 31-36 52.24-20 10-15 53.30-24 36-41 54.7-2 41-46 55.34-30 4-9 Mar wyt hat neat mear en jout op. In tige kreaze winstpartij fan Kosobudzki.
D.v.d.Meer – L.Kosobudzki, Frjentsjer 20.2.2025, 8-e omloop Fryslân Open
1.32-27 19-24 2.33-28 20-25 3.27-21 16×29 4.39×30 14-19 5.38-33 11-16 6.33-28 18×38 7.43×32 7-11 8.48-43 10-14 9.43-39 1-7 10.32-27 17-21 11.27-22 21×23 12.30-24 19×30 13.35×22 12×32 14.31×33 7-12 15.37-31 12-17 16.31-26 14-20 17.42-37 13-19 18.37-31 19-24 19.34×14 4×24 20.31-27 17×37 21.47×27 11-17 22.27×7 2×11 22.40-34 24-30 23.26-21 etc. as 26-21 16×27 23.33-29 etc. is folle better 23.41-37 8-12 24.37-32 24-30 Op 12-17 folget 26-21! 25.32-27 12-17 26.27×7 11×2 27.46-41 2-7 Fansels en wyt hat net folle mear. 28.40-34 30-35 29.45-40 20-24 30.34×14 9×20 31.40-34 20-24 Wyt kriget wer romte. Better wie 5-10. 32.34×14 15×13 33.33-29 3-9 13-19 Wyt nimt net de kâns om troch de ôfruil 26-21, 29-23 it bettere spul te krijen. Swart fêst sette yn de dûbele hoeke. 34.50-45 13-19 35.45-40 Mei 35.49-44 hie wyt noch efkles spinpoatsje kind.

En it spul kantelt wer. Swart bringt der de driging 9-14 yn. 35. …5-10 36. 29-23 19×28 Wyt besiket noch wat. 37.26-21 16×27 38.39-34 35×33 39.49-43 25-30 40. 43×21 30×39 Mar it is dien. En Kosobudzki pleatst him foar de Masters.
Nû.5 sw. 1, 2, 8, 13, 18, 26, 30, 45 wyt 6, 27, 28, 38, 43, 44, 49, 50
Nû.6 sw. 1, 3, 7, 10, 14, 18, 19, 23 wyt 21, 30, 32, 34, 43, 47, 49, 50
En twa nijen fan Hiele Walinga

Nû.7 sw. 17-19, 26, 28, 40 wyt 20, 37, 41, 42, 47, 49

Nû.8 sw. 4, 6, 14, 24, 36 wyt 8, 16, 32, 39
Oplossingen stjoere foar 21 novimber.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
Trochdat it korps der fannejûn net wie koene we yn ‘e achterseal fan it doarpshûs damje. Oft it no hjirtroch kaam of gewoan net skerp genôch, feit wie dat twa fan de trije bestjoersleden harren grouwélich ferseagen. Ik begjin by Bauke Bos, dy’t it opnimme moast tsjin de foarsitter. Cor hie in téory, dy’t Bauke net koe en sa rekke er al gau twa achter. Hy aksele noch wat tsjin en hope dan Kooistra him ek ferseach, mar dat barde net en sadwaande koe er in puntsje byskriuwe. Ponghâlder Ype Boelens ferseach him tsjin Sjoerd Jan Bakker en dy rekke ien houtsje foar. Ype wie wat te hastich, sa sei er sels, mar letter kaam er wat ta rêst en eins hie er it al ferlern doe’t er in gokje naam en dat seach Sjoerd Jan net. Lêstneamde moast ôfruilje, mar die dat net en struts in hout. Ype ruile twa om trije ôf en wûn de partij. De partij dy’t it langst duorre wie dy fan Jan Castelein tsjin Tineke Teigeler. It gyng moai lykop, Tineke kaam ien foar, it rekke wer lyk en mei in stân fan trije tsjin trije komt it soms presys. Jan struts hieltyd de goeie houtsjes en sa kaam Tineke as earste oan en moast ien wei jaan. Jan wie as earste op ‘e daam en wûn de partij. Let waard it dizze jûn net want krekt foar njoggenen iwie alle trije spullen útspile.
Utslaggen: Tineke Teigeler – Jan Castelein 0-1; Ype Boelens – Sjoerd Jan Bakker 1-0; Bauke Bos – Cor Kooistra 0-1