‘Oer Alles’
Lês dizze twa wurden en wêr tinke jo dan oan:
in boppeslach by it keatsen, it nijste skiednisboek, neat, de skepping??
Mis, it is de âlde namme fan in tinksport dy’t no oantsjutten wurdt as Frysk Damjen.
Grif
al sa’n trije ieuwen, en nei alle gedachten langer, wurdt der yn dizze
provinsje damd. Foar rûchwei 1900 waard dat hjir eins mar op ien wize
dien. Dit waard gewoanwei ‘damjen’, mar ek wol ‘oer alles’ neamd. No
sizze we ‘Frysk Damjen’. Willem van Swaanenburg hat it yn syn boek “De
herboore oudheit, of Europa in ’t nieuw”, dat skreaun is yn 1725, oer in
Molquerents dammetje. Dizze namme is ôflaat fan Molkwar dat benammen
ferneamd wie om it strjittepatroan dat wol in tizeboel like. Sa is it
mei it Frysk Damjen ek, dat foar in leek min te folgjen is. Molkwar wie
eartiids in wichtich havenplak mei hannelskontakten nei lannen om ‘e
Eastsee. Dêr wurdt no ek noch damd sa as yn Fryslân, ûnder de namme
Makvaer.
Yn
de njoggentjinde ieu waarden der troch kastleins in protte dammerijen
útskreaun. Lykas by it reedriden mochten guon minsken net meidwaan. Hja
waarden útsletten “wegens meerdere bekwaamheid”, om oare dammers en
mooglike klandyzje net ôf te skrikken. De namme Frysk Damjen wurdt noch
mar sa’n hûndert jier brûkt. Nei 1900 waard der yn Fryslân troch mear en
mear minsken ek de no bekendere fariant spile. As der twa foarmen
binne, dan moatte dy elts har eigen namme ha. It is ‘Frysk’ en ‘Hollânsk
damjen’ (somtiden ek wol ‘Poalsk damjen’ of gewoanwei ‘damjen’) wurden.
Yn it earst brûkte men it yn myn eagen bettere ûnderskiid ‘oer alles’
en ‘oer hoeks’. Dit hat te krijen mei de wize fan slaan. By it Frysk
damjen wurdt der skean én rjochút as oerdwers slein (oer alles) en by it
‘gewoane’damjen slacht men allinne skean (oer hoeks). Yn ‘e wrâld binne
der in protte farianten fan it damspul. Faaks is de namme ôflaat fan it
lân dêr’t it spile wurdt. Sa wurdt der Ingelsk, Spaansk, Turksk,
Kanadeesk en Russysk damd. Elts spul hat syn eigen regels en somtiden ek
eigen boerd, mei 196, 100 as 64 fjilden. Marc de Smedt neamt yn
“L’esprit des jeux” (Paris, Seghers, 1980) noch in nijsgjirriche
fariant: it saneamde Shaski. Dit wurdt spile yn ‘e omkriten fan
Krasnojarsk yn Siberië op in skaakboerd (64 fjilden), neffens rigels
dy’t hast oerien komme mei it Fryske spul. Foar guon tinksporters wie it
nochal skokkend doe’t de Smedt melde dat de stikken fan ‘e iene partij
foarme wienen nei de penis en fan ‘e oare partij nei de fagina!
Sûnt 1932 bestiet it Dambûn Frysk Spul en wurde der kampioenskippen yn ferskate klassen ferspile. Damklups yn ús omkriten fine jo yn Blauhús, Skearnegoutum, Aldegea-W., De Gaastmar, Hartwert en Lollum. It jierliks hichtepunt fan dizze sport is it klupkampioenskip, dat eltse tredde sneon fan jannewaris ferspile wurdt yn Easterein. De persoanlik kampioen spilet elts jier in match tsjin de computer. It wurdt foar de minsk hieltiid dreger, want it damprogramma LusorisIII is eins net mear te bedamjen Ofrûne simmer wie der noch in opmerklike twakamp. Marten Walinga, kampioen Frysk damjen, en Harm Wiersma, mearfâldich wrâldkampioen, ha it oan ‘e Slachte mei keunstkij op in boerd fan 900 m2 tsjin inoar opnaam. In protte ynformaasje oer dizze sport kinne jim fine op dizze website Fergeas kinne hjir bygelyks damprogrammas foar begjinners downloaden wurde. As skoaljonge wie’k in ‘hoekse’ dammer en haw ik noch wol spile tsjin bygelyks Jannes van der Wal, Bauke Bies en Rein van der Pal. Mar it ‘oer alles’ hat my no folslein yn ‘e besnijing. It spul is dreger en de kombinaasjemooglikheden binnne folle grutter. Boppedat is de remisekâns mar lyts. By it oer hoeks is fjouwer tsjin ien daam pas wûn en by it oer alles is twa tsjin ien daam wûn. Myn dampassie giet safier dat ik in boek skreaun ha oer 38 ferskate iepeningen dy’t yn it Fryske spul spile wurde kinne.
Wat is oars by it Frysk Damjen (oer alles)?
Der wurdt diagonaal en orthogonaal slein, dat wol sizze skean, rjochtút en oerdwers. Mearslach giet foar. De wearde fan in daam is heger as in skiif, mar leger as fan twa skiven. Kin in daam as in skiif deselsde wearde slaan, dan giet de damslach foar. Hat men in daam (as dammen) én in skiif (as skiven) dan mei der mar trijeris efterinoar mei deselsde daam in set dien wurde. Dêrnei moet der in slach dien wurde mei de daam as in set as slach mei in oar stik. It twongen non-aktyf fan de daam is dan wer opheven.