Jan Groenendijk hat maksimale skoare

doorfriesdammen

Jan Groenendijk hat maksimale skoare

Dei fjouwer fan it Nederlânsk kampioenskip damjen hie wer in dûbelde omloop yn ‘e oanbieding. De moarns hie elts fansels de koprinders op ‘e kuer. Alexander Baliakin trof yn Martijn van IJzendoorn in oare titelkandidaat. De mannen hiene inoar aardich by it hier, mar it waard likegoed kamp. Jan Groenendijk mocht it opnimme tsjin ‘e jongste dielnimmer, de pas 14-jierrige Matheo  Boxum. Groendijk like al gaueftich foardiel te krijen, mar dat ferwettere nei wat minder sterke setten. Sadwaande kaam der in einspul op it boerd dat noch binnen de remizemarzje lei, al wie dat dan ek dreech. Mar Groenendijk gong dêr net foar omlizzen, dat sa waard de oerwinning sines.

            Dan troch nei de Fryske prestaasjes yn Drachten. Gerlof Kolk mocht it opnimme tsjin syn ploechgenoat Luuk Terweijden. Even liek it foar Kolk yntresant te wurden, mar hy moast sels ôfheakje, mei kamp as resultaat. Gabriël Heerema hold de sterke Jitse Slump mei oantreklik spul ek op remize. De oare wedstriden, Anton van Berkel tsjin Ben Provoost, Wouter Sipma tsjin Jan van der Star en Wouter Ludwig tsjin Hein Meijer, rûnen ek allegearre kamp.

            De middeis naam Koprinder Groenedijk it op tsjin Wouter Sipma. Groendijk naam mei in aardich offer in oanfallende stelling yn en twong Sipma sa yn ‘e omsingeling. Dat bliek in goede taktyk, want Sipma kaam der net oan te pas en ferlear de partij.

            Baliakin naam it op tsjin ien fan ‘e Friezen, Gerlof Kolk. Hy naam dêrby alle risiko’s om mar ta in oerwinning te kommen. Dat like earst earslings te wurkjen, mar yn tiidneed gong it mis foar Kolk, dat sa koe Baliakin dochs noch twa punten byskriuwe. Heerema skoarde al wer syn sechsde remize, diskear tsjin Van Berkel.

            Van IJzendoorn besiket om de efterfolging yn te setten op ‘e koprinders. Hy wûn fan Van der Star nei in nijsgjirrich omsingelingsspul, mar spitich foar him, syn konkurrinten bleaune ek oan ‘e winnende hân. Provoost en Boxum spilen in moaie partij, mar holden inoar wol yn it lykwicht. Hein Meijer wûn fan Luuk Terweijden. Slum spile kamp tsjin Ludwig.

Over de auteur

friesdammen administrator