Spanning oan kop fan it NK damjen

doorfriesdammen

Spanning oan kop fan it NK damjen

Groenendijk en Baliakin nei 8 omlopen wer op likense hichte

It Nederlânsk kampioenskip damjen yn Drachten begûn juster mei in moeting fan maatskiplike partners út ‘e gemeente Smellingerlân, lykas MOS, Sportbedrijf Drachten en Sûnenz. It wie nijsgjirrich om te hearren hokker mooglikheden oft der binne foar it damjen yn in maatskiplike kontekst. De stifting Fitter Brein, dy’t it damjen aktyf ynset as ferbiningsmiddel, begjint yn jannewaris mei dammoetings yn soarchynstellings yn Smellingerlân en Opsterlân. Dat projekt hat wis wol ek in ferbân mei it Nederlânsk kampioenskip yn Drachten. It is krekt dy útwurking dy’t troch de organisaasje socht waard, sadat it kampioenskip net in los evenemint is, mar dat it omtinken langer oanhâldt as dat it toernoai duorret.

            Op it Nederlânsk kampioenskip sels stie juster op ‘e fyfde spyldei ien omloop op it programma. Dêrom wie der by de dielnimmers gjin eangst dat tefolle wurgens har yn in twadde partij dwerse kneppels smite kinne soe. En dat wie ek te sjen. Earst nei de koprinders. Jan Groenendijk naam it op tsjin Gerlof Kolk. Dy Fries hie earjuster in swiere tik krigen, en dan is fuort dêrnei in partij tsjin ‘e hjoeddeistige Europeesk kampioen net fuortdaliks in lekkere lotting. Groenendijk krige ek wol moai spul, mar it lykwicht waard net tebrutsen. Alexander Baliakin mocht tsjin Anton van Berkel in ienfâldige kombinaasje útfiere, en dy kâns liet er him net ûntkomme.

            Ben Provoost besingele prachtich Hein Meijer syn oanfal. Dy kaam yn grutte swierrichheden, mar Provoost koe it net ôfmeitsje, dat dit waard dochs noch remize. Thússpylder Gabriël Heerema hold kreas wrâldtopper Martijn van IJzendoorn op kamp. Luuk Terwijden woe juster yn ‘e oanfal en treau Matheo Boxum efterút. Mar dy hold de remize kreas yn it sicht.

            Wouter Sipma liek hielendal los te gean tsjin Wouter Ludwig, mar hy moast úteinliks noch goed op ‘e rem om in punt yn te heljen. Jitse Slump waard foarôf ta de kânshawwers rekkene, mar hy kriget de punten net kado. Mei syn oerwinning op Jan van der Star, dat in wier damgefjocht wie, kliuwt er lykwols wol omheech nei it tredde plak, dat er no tegearre mei Van IJzendoorn beset.

Over de auteur

friesdammen administrator