Yn Jorwert is ôfrûne tiisdei in begjin makke mei it iepen kampioenskip fan “Het Wapen van Baarderadeel”. Der hiene har 19 man opjûn, wat minder as oars, en om der in even oantal fan te meitsjen waard Geart Tigchelaar ek noch fan ‘e list skrast. As jo je opjouwe om út Denemarken wei fia Lidraughts mei te dwaan, dan rinne jo no ienkear risiko’s. De oare Lidraughter, Jan Nauta út Bitgummole, waard dat wrede lot oars besparre. Likegoed begûn de jûn feestlik, want it organisearjende OKK bliek 75 jier te bestean, en de Jorwerter klup soarge der dêrom foar dat eltse dielnimmer de kofje of tee mei in stik oranjekoeke oanfolje koe.
De earste omloop smiet in daverjende ferrassing op. Marten Walinga, de winner fan ‘e lêste jierren, gong it skip yn tsjin Folkert Groenveld. Mar doe wie Groenveld blykber útpoept, want hy koe dêrnei tsjin Jelle Wiersma, dy’t yn ‘e earste omloop al fan Liuwe Westra wûn hie, net nochris wer stunte. En Walinga wie nei syn earste optater ek al gau wer by syn sûp en stút tsjin dyselde Westra.
Njonken Marten Walinga en Jelle Wiersma docht der noch in tredde serieuze titelkandidaat mei. Taeke Kooistra wûn yn ‘e earste omloop yndied flot fan Jorwerter Harry Kaspers, dy’t ferline jier ferrassend de B-klasse op syn namme skreaun hie en it no in nivo hegerop besykje mocht. Mar Harry rûn fuort al yn in setsje, en frege doe mar nederich oan ‘e maestro oft dy him yn ‘e oerbliuwende tiid miskien noch wat ynstruksje jaan woe. Mooglik dat dy didaktyske ynspannings dochs wat tefolle fan Kooistra naam hawwe, want yn ‘e twadde omloop kaam er net fierder as in kampspul tsjin Willem Hoekstra. Dy hie earder it keninklike duel tusken de Willems wûn fan Dykstra. Willem II wûn dêrnei oars wol wer fan klupgenoat Kaspers. Dy lêste bedarre dus mei nul punten ûnderoan de ranglist. Mar iensum is it dêr foar him net, want hy wurdt beselskippe fan Liuwe Westra, dy’t oars noch wol hope hat, want hy hat de dreechste tsjinstanners al hân.
Fanwegen it wat mindere tal dielnimmers hie organisater Willem Dykstra de B- en C-klasse mar byinoar flapt, ek al is it wol de bedoeling dat dêr aparte prizen foar komme. Sûnder puntferlies is hjir noch Siebren Dyk, wat wol yn ‘e krante mei, want tsjin Anne de Boer en Rinze Schukken stie er nei de iepening yn beide parijen yndied as in krante. Maar het kan verkeren, sa’t Brederode al sei. Jan Nauta, yndield yn klasse C, hat syn beide partijen oars ek wûn, tsjin kastlein Emke Dykstra en tsjin Hindrik Terpstra. Dat de kâns is wol hiel grut wurden dat de organisaasje ynkoarten in aparte reis nei Bitgummole ûndernimme moat om dêr in priis ôf te leverjen.
Utslaggen en tuskenstannen A-klasse, earste omloop: Marten Walinga (Waaksens) – Folkert Groenveld (Jutryp) 0-1; Willem Dykstra (Jorwert) – Willem Hoekstra (Aldegea) 0-1; Jelle Wiersma (Wommels) – Liuwe Westra (Lollum) 1-0; Taeke Kooistra (Hartwert) – Harry Kaspers (Jorwert) 1-0. Twadde omloop: Hoekstra – Kooistra 0,5-0,5; Groenveld – Wiersma 0-1; Westra – Walinga 0-1; Kaspers – Dykstra 0-1. Stân: Wiersma 2; Hoekstra en Kooistra 1,5; Dykstra, Groenveld en Walinga 1; Kaspers en Westra 0. B- en C-klasse, earste omloop: Sietze de Jong (Aldegea) – Frans Kingma (Jorwert) 0-1; Jurjen Frankena (Blauhús) – Rinze Schukken (Hilaard) 0,5-0,5; Siebren Dyk (Jorwert) – Anne de Boer (Wommels) 1-0; Jan Nauta (Bitgummole) – Emke Dykstra (Jorwert) 1-0; Hindrik Terpstra (Jorwert) – Imaël Snijders (Jorwert) 1-0. Twadde omloop: Kingma – Frankena 0-1; Schukken – Dyk 0-1; Nauta – Terpstra 1-0; Dykstra – De Jong 0-1; De Boer – Snijders 1-0. Stân B-klasse: Dyk 2; Frankena 1,5; De Boer, De Jong en Kingma 1; Schukken 0,5. Stân B-klasse: Nauta 2; Terpstra 1; Dykstra en Snijders 0.
Dizze kear giet de titel fan dit stikje net oer de striid tusken beide klups, mar oer de striid foar de Fryslân Kup. Striker Willem Schaap moast nei Aldegea om it op te nimmen tsjin Jolke Groenveld en wûn dizze partij. Jolke syn broer, Folkert, wie dizze jûn yn Skearnegoutum om it op te nimmen tsjin Striker Dicky van der Meer en Folkert frege him al gau ôf hoe’t men sa’n nuvere stân op in damboerd krije kin. Se pleagen mekoar wakker en nei oardel oere damjen stie der noch in bulte hout op it boerd. Oant Dicky der in slach út helle en in daam helle. Dizze daam pleage Folkert noch mear en dan is it ekstra oppassen. Mar Dicky joech gjin belies en wûn de partij. Sa binn der no twa strikers troch nei de folgjende ronde fan de Fryslân Kup, It oantal Stadige Strikers wie dizze jûn net sa grut. Bauke Bos hie gjin dammer en koe sjen hoe’t de oare dammers it diene. Tineke Teigeler en Sjoerd Jan Bakker hiene earst efkes oefene en doe koene se ek tsjin mekoar foar de kompetysje. Oant in stân fan fiif tsjin fiif bleau it moai lykop, wêrby sein wurde moat dat Bakker wol wat gelok hie. Spitich foar Tineke ruile se krekt op de ferkearde manier ôf, want oars hier de kâns op Kamp of remise grut west. No gyng se mei in nul nei Sibrandabuorren. It spul tusken Cor Kooistra en Jan Castelein wie ek in aardichheid om te sjen. Cor sei: ik doch it ris raar en dizze set hie Jan wol ferwachte. Hy miende nei in ôfruil ien houtsje achter te kommen, mar dit foel ta. Oant in stân fan fjouwer tsjin fjouwer bleau it lyk oant Jan offerje moast. Mearslach giet foar, dat wie no ek wer sa, mar nei dizze mearslach hie Jan noch mar ien houtsje oer. En mei dit iene houtsje koe hy ús foarsitter net de baas. Mar Jan genietet fan eltse partij en it is moai hoe’t hy it spultsje al ûnder de knibbel krigen hat yn dy pear jier dat hy no op ‘e klup sit.
Utslaggen: Jan Castelein – Cor Kooistra 0-1; Tineke Teigeler – Sjoerd Jan Bakker 0-1. Fryslân Kup: Folkert Groenveld – Dicky van er Meer 0-1; WWillem Schaap – Jolke Groenveld 1-0
Yn de groepsapp fan de Stadige Strikers stjoerde Willem Schaap dat er mar foar de helte oanwêzich wêze soe. Mar ûndanks dat er net hielendal fit wie, wie hy der en as kompetysjelieder joech er himsels twa tsjinstanners omdat der in ûneven oantal dammers wie en sadwaande wie hy dochs hielendal oanwêzich. Jan Castelein wie de iene dammer en dizze aksele aardich tsjin, oan it praat te hearren. Hy woe in driging oplosse, im daam moat men net útpoetse, mart Willem poetsste de wite houtsjes fan Jan fuort en wûn sa de partij. De oare tsjinstanner wie nimmen minder dan Cor Kooistra en dizze hie fuort yn it begjin al swierrichheden trochdat er in ferkearde opbou hie. Ek dizze partij kaam dus op namme fan Schaap te stean. Soan Castelein, by ús Kees neamd, siet tsjin Ype Boelens. Ek Ype sloech foar master op en helle der in bêste ôfruil út. Hy joech Kees in daam en doe noch twa houtsjes en pakte fjouwer wer werom en stie sadwaande ien foar. Wie dit in rot streek? Nee, sei Kees, ik ha it sels dien en ik hie itselde dien. Letter kaam der noch in slachje yn en doe koe Ype op trije manieren slaan en doe wie der gjin salve mear oan te striken. De Strikers wiene wakker bliid dat Sjoerd Jan Bakker wer fan de partij wie. Hy hie troch omstannichheden al in skoft net mear op ‘e klup
west en wie al bang dat er it damjen ferleard hie. Hy moast tsjin syn sjauffeur Bauke Bos en it like neffens syn praat as wie it net bêst. Lokkich kinne wy dat praat en falt it dan meastal wol mei. Nei in skoft kaam der in ôfruil yn dy’t foar Bauke minder útpakte as foar Sjoerd Jan en nei wat tsjinakseljen fan Bauke gyng de winst mei yn de auto nei Snits
Útslaggen: Willem Schaap – Cor Kooistra 1-0; Jan Castelein – Willem Schaap 0-1; Kees Castelein – Ype
Boelens 0-1; Sjoerd Jan Bakker – Bauke Bos 1-0
Ferline wike binne de Stadige Strikers wer begûn en op de earste jûn is altyd de ledefergadering. Faaks is dit gau klear en kinne de houtsjes noch efkes tefoarskyn tovere wurde, mar dizze kear wie der wat mear te bepraten, dus de houtsjes, klokken en dambuorden krigen noch in wike rêst. Dizze jûn waard wer begûn mei de kompetysje en de sfear siet der goed yn en wêrby opmerkelik wie dat alle dammers dy’t wyt hiene harren partij wûnen. Kees Castelein en Jelle Wiersma wiene as earste út
en Kees hie in moaie set oer de holle sjoen en as er dit al sjoen hie dan wie de partij wierskynlik hiel oars ôfrûn. Jan Castelein waard stadichoan ôfslachte troch Ype Boelens en makke, neffens eigen sizzen, in klassike fout. Cor Kooistra iepene tsjin Tineke Teigeler wat oars as Tineke wend wie en de tredde set wie in ferrassende foar Tineke en doe wie se alhiel út har spul en ferlear de partij. De partij fan de jûn wie dy tusken Willem Schaap en Bauke Bos en dizze duorre frij lang. Willem moppere wat oer in waardeleaze stân en siet yn de Attack-modus. It gefoel by him wie dat er ien achter stie, mar it bleau lang lyk. Hoe kom ik fan dy Bauke ôf, spile troch syn holle, want der kamen de hiele tiid lûkjes yn dy’t er moai foarkomme koe. Op it ein kaam it dochs noch goed foar him, want hy wûn de partij dochs noch en Bauke fûn dat er mei eare ferlern hie.
Utslaggen: Jelle Wiersma – Kees Castelein 1-0; Ype Boelens – Jan Castelein 1-0; Willem Schaap – Bauke Bos 1-0; Cor Kooistra – Tineke Teigeler 1-0
Harns – De finaledei begûn mei in koarte taspraak fan Durk Talsma, sekretaris fan de SKS. Hy beklamme de histoaryske bân tusken Frysk Damjen en Skûtsjesilen as Fryske sporten. Hjirnei begûn de alfde partij, wêryn’t beide spilers derfoar keazen ien fan de meast komplekse iepeningen te spyljen. Dit type spul einiget faak yn in kombinaasje yn it foardiel fan ien fan de spilers, en sa gie it no ek. Walinga (swart) spile bewust in aventoerlike fuortsetting op ’e njoggende set. Kooistra wachte syn kâns ôf, en wist de stelling hieltyd mear nei syn hân te setten. Walinga besleat op de 19de set ta in set dy’t ta in ôfruil liede kinnen hie, mar troch in ferkearde slachkar útrûn op in winnende kombinaasje foar Kooistra. Dêrmei wie de partij nei krekt wat mear as 2½ oeren spyljen beslikke. Sa waard de langste partij fan de match folge troch de koartste, wie de stân op ’en nij lyk mei 5½-5½ en moast der in barraazje hâlden wurde. Yn oerienstimming mei de regleminten fan de Stifting WFD folge dy koart op de lêste partij, mei omkearde kleuren (Walinga wyt), en de helte fan de spyltiid: 45 minuten foar elke spiler, mei hieltyd 15 sekonden ekstra de set.
Yn de praktyk die bliken dat der net ien, mar sels twa barraazjes nedich wiene. De earste ferrûn tige lykmjittich en einige yn in trochbraak foar beide partijen yn de lange hoeke. It einspul fan twa tsjin twa houten waard folslein korrekt útspile, dat it resultaat wie kamp. Dêrnei waard de spyltiid op ’en nij troch de helte dien: 22 minuten de spiler, en foar elke spile set 8 sekonden derby. Op ’en nij keazen de spilers foar in net te drege fariant, dêr’t yn heech tempo de nedige skiven yn opromme waarden. Sa bleau der, krekt as yn de earste barraazje, genôch tiid oer om it einspul it omtinken oandacht te jaan dat nedich wie. Lange tiid ferrûn de partij lykwichtich, wêrby’t beide spilers op de rjochterkant fan it boerd (foar wyt) spilen. Mar yn de rin fan it spul kaam Walinga hiel stadich wat komfortabeler te stean. Uteinlik besleat Kooistra ta in ôfruil dêr’t er in wat te fier nei foaren pleatste skiif oan oerhold. Walinga bútmakke dit goed út, en by einsluten die bliken, doe’t beide spilers noch 4 houten op it boerd hiene, dat de stân foar Kooistra ferlern wie. De stân wie sa goed as symmetrysk, mar swar hie krekt wat mear frijheid en wyt wie twongen om te offerjen. Omdat der noch gjin akute tiidneed wie, joech Kooistra sportyf Walinga de hân, wêrmei’t dy foar de fjirde kear de wrâldtitel binnenhelle.
By de priisútrikking ferklearre wethâlder Hendrik Sijtsma fan Harns dat der praat wurde koe fan twa topwiken op sportyf mêd yn Fryslân: kampioenskippen fan SKS en IFKS, de PC en de Freule en net te ferjitten it Fierljeppen. Mar, sa ornearre Sijtsma, it meast spannende kampioenskip wie dizze kear it WK Frysk Damjen. Dêrnei hong er Walinga de fertsjinne krânse om it skouder.
Ek no waard it live kommentaar fersoarge troch Alexander Shvartsman, bystien troch Folkert Groenveld. In pear tsientûzenen taskôgers út de hiele wrâld hawwe syn analyze dizze wiken folge.
It earstfolgjende WK Frysk damjen stiet pland foar 2028. Der sil dan wer striden wurde troch 16 titelkandidaten. It is net fansels dat Walinga by harren wêze sil: ek hy sil him yn ’e rin fan it foarôfgeande jier pleatse moatte.
Harns – Marten Walinga hat de tsiende partij fan de wrâldtitelmatch Frysk damjen wûn. Yn de oant no ta langste partij fan de match moasten beide spilers ta it uterste gean. Uteinlik foel it beslút pas yn it einspul, doe’t de tiid op de klok foar beide spilers krap waard. Walinga nimt dêrtroch mei in 51 july 2 -41 foarsprong de lieding mei nei de beslissende lêste partij.
Yn it iepeningswurd spruts Ids Hellinga, foarsitter fan de PC, de spilers en oanwêzigen ta. Hellinga fertelde oer syn eigen kennismakking mei it Frysk damjen. Hy hie foarôfgeand oan de match ferskate partijen op Lidraughts spile en wie dêrtroch ta in dúdlike konklúzje kaam: Frysk damjen is in echte Fryske sport. ” Friezen hâlde net fan remize. Ast oan in wedstriid begjinst, giest foar de winst. ” Neffens Hellinga jildt dy ynstelling net allinnich efter it damboerd, mar is sy kenmerkjend foar de Fryske sporten.
Ek op it boerd waard dy striidlust fuort sichtber. Nei in pear ruiljen yn in gambytiepening moasten beide spilers al betiid in wichtige kar meitsje oer it fierdere ferrin fan de partij. Der ûntstie in skerp oanfallend spul op de dûbele hoeke, in spylwize dy’t ûnder kenners bekend stiet as in kar wêrby’t beide spilers mei klam foar de winst gean.
Walinga keas foar in drege ferdigenjende opstelling, en syn oanfal waard al betiid ôfslein. Yn it lette middenspul like Kooistra dêrfan profitearje te kinnen. Der siet in protte ûnthjit fuortsetting yn de stelling, mar de lange rige setten dy’t dêrfoar nedich wie, bliek amper út te rekkenjen.
Kooistra bleau ûnderwilens nije drigingen yn de posysje flechtsjen, dy’t troch Walinga hieltyd op tiid herkend en parearre waarden. Nei ferskate ruiljen ûntstie úteinlik in tin einspul. Dêryn like it foardiel krekt nei Walinga te ferskowen. Kooistra moast as earste in skiif offerje om in trochbraak te forsearjen. Ek doe stie Walinga foar in drege kar: hokker skiif moast rjochting de damline en op hokker posysje? De restearjende skiven blieken nammentlik dreech te ferdigenjen.
Troch sterk tsjinspul fan Kooistra ûntstie úteinlik in einspul dêr’t Walinga in skiif mear yn hie, mar dêr’t teoretysk noch kamp mooglik wie. Mei foar beide spilers noch mar in pear minuten op ‘e klok wie it finen fan dy remizegong lykwols hast in ûnmooglike opjefte.
Uteinlik briek in skiif troch en wie de beslissing fallen. Walinga giet dêrtroch mei ien punt foarsprong de lêste partij fan de match yn. De spanning kin amper grutter: Kooistra moat winne om de wrâldtitelmatch yn lykwicht te bringen en in barrazjepartij ôf te twingen, wylst Walinga oan kamp genôch hat om de wrâldtitel Frysk damjen te feroverjen.
Ek njonken de twakamp wie der folop omtinken foar it Frysk damjen. Op de Barentszwerf waard in toernoai Frysk damjen organisearre. De oerwinning gie nei de Tsjechise Petra Dušková, wêrmei’t opnij dúdlik waard dat de belangstelling foar it Fryske spul yntusken oant fier bûten Fryslân rikt.
De lêste partij seit dêrmei ta in wiere apoteoaze te wurden fan in match dêr’t beide spilers inoar amper wat tajûn hawwe. Ien partij, ien punt ferskil en in wrâldtitel dy’t op it spul stiet.
HARLINGEN – De ûntknoping fan de WK Match Frysk damjen bliuwt oant de alderlêste dei bewarre. Nei in senuwslopende njoggende partij holden regearjend wrâldkampioen Marten Walinga en útdager Taeke Kooistra inoar op ‘e nij yn lykwicht. Mei noch twa partijen te spyljen is de tuskenstân ûnferoare, wêrtroch’t de wrâldtitel pas op de slotdei beslist wurde sil.
De wrâldtitelstriid wurdt dit jier net allinnich by histoaryske Fryske lokaasjes del spile, mar hat ek in symboalyske oerienkomst mei de Alvestêdetocht. Fan Ljouwert fia Warkum nei Harns wurkje beide spilers de match om sa te sizzen ôf by de Fryske alve stêden del, alle dagen draacht de partij de namme fan ien fan de alve stêden.
WFD bestjoerder Liuwe H. Westra luts foarôfgeand oan de njoggende partij in treffende parallel mei de reedrydsklassiker. “Fan Harns ôf begjint de tocht pas echt,” fernaam er mei in knypeach op. “Lykas by de Alvestêdetocht wachtet fan hjir ôf faak de tsjinwyn.”
Foar wat luchtichheid soarge dêrnei de bekende Harnzer Wiebe van Dijk, politikus én sjonger, dy’t de seremoaniële earste set ferrjochte. Hy fertelde dat er eartiids sels ek Frysk damme hie, al heakke er der mei gefoel foar humor oan ta: “Ast gau in partij ferlieze woest, moast foaral Frysk begjinne te damjen.” Syn opmerking soarge foar de nedige glimkje ûnder de oanwêzigen.
Op it boerd wie fan luchtichheid lykwols gjin sprake. Beide grutmasters keazen foar in skerpe iepening dy’t dúdlik ôfwykte fan de eardere partijen yn de match. Nei in lytse ûnsekuerens fan Kooistra like Walinga stadichoan de regy yn hannen te krijen. Syn posysje ferbettere stadichoan en de regearjend wrâldkampioen like ôf te gean op in belangrike oerwinning.
It ferrin fan de partij krige lykwols in ferrassende kear doe’t in krúsjale ôfruil folslein oer de holle sjoen waard. Ynienen wist Kooistra syn drege posysje om te bûgjen nei in kânsryk einspul. Mei noch mar fjouwer skiven de spiler op it boerd like Walinga sels te min tempo oer te hâlden om de remizehaven noch te berikken.
Lykas sa faak yn dizze wrâldtitelstriid bliek ek dit einspul fol ferburgen winskingen te sitten. De sterkste fuortsettingen waarden troch beide spilers mist, wêrnei’t úteinlik oan wjerskanten in daam helle waard. Hoewol’t Kooistra boppedat twa ekstra skiven yn it sintrum hie, bliek de resultearjende stelling yn de analyzekeamer net mear te winnen. Ek Kooistra kaam ta dy konklúzje en besleat yn te stimmen mei remize.
Nei njoggen partijen is de stân noch altyd folslein yn lykwicht. Dêrmei is ien ding wis: de striid om de wrâldtitel Frysk damjen wurdt pas op de lêste spyldei beslist. De spanning yn Harns is dêrmei grutter as ea.
As by-aktiviteit waard op ‘e Barentszwerf in toernoai FRYSK! spile mei as winner Liuwe Westra.
Harns – Taeke Kooistra hat de achtste partij fan de wrâldtitelmatch Frysk damjen wûn en dêrmei de stân wer folslein yn lykwicht brocht. Nei in partij fol ferrassingen, yngewikkelde farianten en kânsen oer en wer luts de útdager yn it einspul oan ‘e langste ein. Mei noch trije partijen te gean is de tuskenstân 4 -4.
De seremoaniële iepeningsset waard dien troch Stephan Rekker, foarsitter fan de stichting Friese Rijwiel Elfstedentocht. Rekker is net ûnbekend mei it Frysk damspul; yn syn jeugd spile er it spul yn Winsum. Yn syn iepeningswurd stie er stil by it feit dat dizze tocht al sûnt 1912 de moaie Fryske alve stêden oan docht. De jierlikse fyts Alvestêdetocht lûkt yntusken sa’n 15.000 dielnimmers en heart dêrmei ta de grutste sporteveneminten fan de provinsje. Ek beide wrâldtitelkandidaten, Marten Walinga en Taeke Kooistra, hawwe de tocht meardere kearen folbrocht.
Mei de achtste matchpartij is de symboalyske rûte fan de WK-match yntusken oankaam yn Boalsert. Al betiid yn ‘e partij ferskynde in noch net earder fertoande fariant op it boerd, wêrtroch’t beide spilers daliks ta it uterste twongen waarden. Wat folge wie in fassinearjend taktysk gefjocht dêr’t oanfal en ferdigening inoar hieltyd yn ôfwikselen. Drigingen moasten oan beide kanten sekuer neutralisearre wurde, wylst ek yn de analysearomte koartseftich socht waard nei mooglikheden om earne in beslissend foardiel te ûntdekken. Dy bliek lange tiid net oanwêzich.
Pas yn it einspul wist Kooistra stadichoan de rezjy nei him ta te lûken. Hy boude sawol in tempofoardiel as in komfortabele foarsprong op de klok op en sette Walinga dêrmei hieltyd fierder ûnder druk.
Krekt de tiidsdruk spile de regearjend wrâldkampioen úteinlik parten. Yn in einspul mei noch elk fiif skiven ûntbruts de tiid om de iennige kampfariant te finen. Kooistra profitearre optimaal en fierde it restearjende einspul feilleas nei winst. Troch dizze oerwinning is de spanning yn de wrâldtitelmatch folslein werom.
Mei in likense stân en noch mar trije partijen te spyljen binne beide spilers noch altyd folslein yn de race foar de wrâldtitel. Alles wiist derop dat it beslút pas op de lêste spyldei falle sil, wêrtroch’t leafhawwers harren opmeitsje kinne foar in triljende ûntknoping fan dizze bysûndere twakamp.
Harns – De sânde partij fan de wrâldtitelmatch Frysk damjen hat Marten Walinga foar it earst op foarsprong brocht. Nei in spannende en langduorjende partij fersloech er útdager Taeke Kooistra en naam dêrmei de lieding yn de match: 4 -3.
De seremoaniële iepeningsset waard dien troch FMJD-bestjoerslid Jan van Dijk. Yn syn koarte taspraak lei er mei klam op it belang fan de ferskate damfarianten binnen de ynternasjonale damsport. Neffens Van Dijk skûlet de krêft fan de damfamylje just yn har diversiteit, wêrby’t ek it Frysk damjen in folweardich plak fertsjinnet. Dat boadskip past by syn ynset foar de ynternasjonale promoasje fan it damspul.
As spiler behearsket hy ek de Fryske fariant, ferline jier wûn hy it sterk besette African Open Fries Dammen yn Yaoundé. Nei de iepening skode Van Dijk oan yn de analysearomte, dêr’t er tegearre mei de mearfâldich wrâldkampioen ynternasjonaal damjen Alexander Shvartsman de partij live fan saakkundich kommentaar foarseach.
De stân foar de sânde partij wie folslein yn lykwicht. Beide spilers begûnen foarsichtich en joegen inoar lange tiid amper romte. Pas yn it lette middenspul en it dêropfolgjende einspul begûnen de ferskillen sichtber te wurden. De wite skiven fan Kooistra krigen it hieltyd dreger trochdat er sawol in lyts tempotekoart oprûn as ûnder tanimmende tiidsdruk kaam te stean. Ek de analisten seagen it inisjatyf stadichoan nei Walinga ferskowen. Van Dijk en Shvartsman konkludearren dat it posisjonele foardiel fan de regearjend wrâldkampioen hieltyd fierder oprûn, al moast de winst noch sekuer berekkene wurde.
Mei de klok as ekstra tsjinstanner foar beide spilers ûntstie foar Kooistra noch in smelle kâns op remize, mar dêrfoar wie uterst krekt rekkenwurk needsaaklik. Yn it einspul, dêr’t beide spilers in daam yn helle hiene en Walinga boppedat in skiif foarsprong hie, keas Kooistra úteinlik in fuortsetting dy’t de winst definityf yn hannen fan Walinga brocht.
Dêrmei boekte de regearjend wrâldkampioen syn tredde oerwinning op rige en naam er foar it earst yn dizze enervearjende wrâldtitelmatch de lieding.Tagelyk waarden de online toernoaien troch twa finales op it damplatfoarm Lidraughts ôfsletten, sawol yn de fariant FRYSK! as yn de klassike fariant.
De úteinlike winners waarden respektyflik de Tsjechyske Petra Dušková en de jonge Russyske dammer Ilfat Karimov.
HARLINGEN – De striid om de wrâldtitel Frysk damjen is wer folslein yn lykwicht. Yn it monumintale stedhûs fan Harns wûn regearjend wrâldkampioen Marten Walinga tiisdei de sechsde partij fan de WK Match tsjin útdager Taeke Kooistra. Dêrmei poetste hy syn efterstân fuort en is de tuskenstân, mei noch fiif partijen te spyljen, wer folslein yn balâns.
De ferhuzing fan de match nei Harns betsjutte net allinnich in nij dekôr, mar ek in waarm wolkom. Ut namme fan de gemeente Harns hiet wethâlder Hendrik Sijtsma beide spilers en de oanwêzige besikers wolkom. Nei de seremoaniële earste set koe de sechsde partij úteinsette yn de histoaryske riedseal fan it stedhûs, dêr’t de kommende dagen beslist wurde sil wa’t him wrâldkampioen Frysk damjen 2026 neame mei.
Walinga begûn de partij mei in efterstân fan ien punt en keas fuortendaliks foar in ferrassende oanpak. Hy iepene mei de Meike-set, it âldst bekende gambiet út it Frysk damspul. Kooistra akseptearre it offer en kaam koartstoanich in skiif foar, mar lykas wenst yn dizze klassike iepening waard dat materiële foardiel al gau wer priisjûn om in spylbere stelling te behâlden.
Dêrnei ûnttearde him in strategysk kantspul dêr’t beide grutmasters djip yn rekkenje moasten. Net it tal skiven, mar benammen de ferdieling dêrfan oer beide siden fan it boerd bepaalde wa’t it inisjatyf krije soe. Walinga besocht syn tsjinstanner noch mei in raffinearre lokset te ferlieden ta in trochbraak nei daam, mar Kooistra trochseach it gefaar en neutralisearre de driging.
Stadichoan ferskode it inisjatyf lykwols nei de regearjend wrâldkampioen. De earste passive skiven op syn rjochterflank kamen ta ûntwikkeling en setten de foarútskode skiven fan Kooistra ûnder druk. Yn in besykjen dy druk te ferminderjen keas Kooistra foar in ruil nei it sintrum, mar just dêrtroch krige Walinga nije oanknopingspunten foar in oanfal. Doe’t Kooistra dêrnei sels besocht it inisjatyf te nimmen, sloech Walinga fuortendaliks werom. In logysk eagjende ferdigenjende set bliek in beslissende flater. Mei in kombinaasje forsearre de wrâldkampioen in trochbraak dy’t net mear op te hâlden wie. Kooistra seach dat fierder ferwar sinleas wie en joech fuortendaliks op.
Mei de oerwinning hat Walinga de stân wer folslein lyk lutsen. Hoewol’t de psychologyske tik foar Kooistra grut is, leit de striid om de wrâldtitel noch hielendal iepen. Mei noch fiif partijen op it programma sil elke ûnkrekt fan trochslachjouwend belang wêze kinne. Net allinne de spilers, yn ‘e gleonhjitte Riedseal, moasten it uterste fan harsels fergje. Ek de kommentatoaren fan de livestream trotsearren tropyske temperatueren yn de Burgerseal om de partijen fan saakkundich kommentaar te foarsjen. Wylst de spilers har farianten berekkene, analysearren Jouke Algra en ynternasjonaal grutmaster Alexander Shvartsman de mannichte ferburgen mooglikheden dy’t yn de komplekse stellingen ferskûle leine. Harren saakkundige kommentaar joech alle online sjoggers in unyk ynsjoch yn de strategyske rykdom fan it Frysk damspul.
De wrâldtitelstriid yn Harns duorret noch oant en mei snein. Mei de stân wer folslein yn lykwicht belooft de ûntknoping fan de WK Match ferskuorrend spannend te wurden.