Trije efterinoar foar Groenedijk en Taeke Kooistra pakt njonken it NK FRYSK! ek de titel by it NK Frysk damjen

doorfriesdammen

Trije efterinoar foar Groenedijk en Taeke Kooistra pakt njonken it NK FRYSK! ek de titel by it NK Frysk damjen

It Nederlânsk kampioenskip damjen hie krekt as de foargeande edysjes in spannende ein. Op ‘en nij moasten Jan Groenendijk en Alexander Baliakin troch barraazjes útmeitsje wa’t de Nederlânske titel feroverje soe. En krekt as de eardere twa kear luts Groenedijk dy nei him ta. In bysûndere prestaasje. Om hoe dan ek yn ‘e beneaming te kommen foar in barraazje moast er earst noch Luuk Terwijden fan him ôf skodzje. Dat slagge, en Baliakin kaam tsjin Wouter Sipma net fierder as remize. Nei mar leafst seis barraazjepartijen wie Baliakin dan einliks ferslein. In striid dêr’t beide dammers sa yn ôfmêde waarden dat se nei de siken gappen.

Foar de plakken trije en fjouwer kaam der ek in barraazje oan te pas. Martijn van IJzendoorn koe nammentlik net winne fan Hein Meijer, en allyksa fergong it Jitse Slump tsjin de jongste dielnimmer, Matheo Boxum. Mar yn ‘e twadde barraazjepartij slagge it Slump en ferslaan IJzendoorn. Dat smiet him it tredde plak op, en tagelyk ek de nasjonale grutmastertitel. Knap is ek dat Wouter Ludwig it fyfde plak beset. Hy spile kamp tsjin Jan van der Star. Dat betsjutte dat er, krekt as de top fjouwer, net ien partij ferlear, en dêrmei helle er in prachtich resultaat. De beide Friezen hiene it dreech yn dit toernoai, mar se sleaten it wol goed ôf mei in kampspul. Gerlof Kolk die dat tsjin Anton van Berkel, en Gabriël Heerema tsjin Ben Provoost.

Yn ‘e lêste omloop by it Frysk damjen like Hein de Vries yn it einspul Frans Kingma by de lurven te hawwen, mar  ien ûnkrektichheid en it foardiel wie fuort. Kingma seach syn útwei lykwols net, en dan hied ek wol hiel djip rekkenje moatten. In pear setten letter pakte De Vries him definityf yn. Marten Walinga liek Dicky van der Meer syn kantspul yn ‘e stokken te krijen mei in hout yn ‘e midden, mar hy miste in streekrjochte fuortsetting dy’t ta de winst laat hawwe soe. Dy kaam der in pear setten letter likegoed nei in moaie kombinaasje. Folkert Groenveld krige yn syn einspul tsjin Jelle Wiersma faker as ien kear in goede kâns, mar hy makke dêr gjin gebrûk fan, dat lang om let waard de frede dan dochs mar tekene.

Yn ‘e wichtichste partij fan ‘e lêste dei moast Frederik Bos it opnimme tsjin Taeke Kooistra. Dy spile in skerpe en riskante iepeningsset, dy’t gâns rekkenkrêft ferge. In normaal lykjende set fan Bos waard wreed ôfstraft, en mei skiiffoardiel helle Kooistra de winst en dêrmei ek syn earste titel fan Nederlânsk kampioen Frysk damjen nei him ta.

Frederik Bos tsjin Taeke Kooistra (foto: G. van Dijk)
Alexander Baliakin tsjin Jan Groenendijk (foto: G. van Dijk)
De twa gloednije kampioenen: Taeke Kooistra, earste titel Nederlânsk kampioen en Jan Groenendijk, dy’t de tredde titel op in rychje hellet. (Foto: G. van Dijk)


Over de auteur

friesdammen administrator