Walinga wint Wapenpartij

doorfriesdammen

Walinga wint Wapenpartij




It iepen kampioenskip fan “Het Wapen van Baarderadeel” is wûn troch Marten Walinga. De beslissing yn Jorwert foel al ier yn ‘e jûn yn ‘e tredde omloop. Walinga en Jelle Wiersma wiene op dat stuit noch sunder puntferlies, en moasten it dêrom tsjininoar opnimme. Foar de tige komplekse stân namen de mannen hiel folle tinktiid, oant Wiersma in flaterke makke. Walinga die yn ‘e lêste omloop tsjin Dicky van der Meer ek gjin misse setten mear, dat sa koe hy nei ôfrin de mânske wandelbeker tankber yn ûntfangst nimme. It wie ek al wer tsien jier lyn dat him dat foar de lêste kear barre mocht.

Wiersma makke yn ‘e fjirde omloop gjin flaters tsjin de Jorwerter Willem Dykstra, en dêrmei wie it twadde plak sines. Folkert Groenveld pakte tanksij in sterk einspul tsjin Hein de Vries it tredde plak, en Taeke Kooistra koe mei yn totaal twa oerwinnings noch krekt in fjirde pryske yn ûntfangst nimme.

Yn ‘e B-klasse wie Willem Schaap oermachtich. Dizze twadde jûn weefde er ôf mei Frans Kingma en Fedde Wiersma. Kingma kin oars op in goed toernoai weromsjen. De lêste partij wûn er nammentlik wol wer fan Jelte Dykstra. Dy Jorwerter wie ek ien fan ‘e ferrassings fan it toernoai. Foar it earst liet er him op dit nivo sjen. Hy einige yn in grutte middenmoat fan twapunters, mar tanksij in goed SB en in goed resultaat yn in ûnderlinge partij gong er wol mei de tredde priis nei hûs. Soks ten koste fan Willem Hoekstra, dy’t it mei in justjes suniger pakket dwaan moast.

In ferrassing wie der ek yn ‘e C-klasse, dy’t alhiel beset wie mei leden fan it pleatslike OKK. Nei de earste jûn hie Hindrik Terpstra, de earste helte fan it duo HiHa, en bêsten basis lein mei twa oerwinnings. De ferwachting wie dat syn wjerhelte Ha it dan wol even ôfmeitsje soe. Dêr like it yn ‘e tredde omloop tsjin Bonne Hylkema ek wol op, mar dêrnei moast Harry Kaspers noch tsjin kastlein Emke Dykstra, dy’t him ten koste fan ‘e debutant Sjoerd Theo van der Hem súntsjes omheechwrotten hie. Tsjin Dykstra gong Harry dan dochs it skip yn, en troch in minder SB kaam it duo HI sa net fierder as de twadde priis.

En doe bleau it noch lang gesellich yn Jorwert.


Utslaggen en einstannen

A-klasse, tredde omloop: Jelle Wiersma (Wommels) – Marten Walinga (Waaksens) 0-1; Dicky van der Meer (Terherne) – Folkert Groenveld (Jutryp) 0,5-0,5; Taeke Kooistra (Hartwert) – Hein de Vries (Ljouwert) 0-1; Willem Dykstra (Jorwert) – Tsjerk Wijbenga (Arum) 1-0.
Fjirde omloop: Walinga – Van der Meer 1-0; Wiersma – Dykstra 1-0; Groenveld – De Vries 1-0; Wijbenga – Kooistra 0-1.
Einstân: Walinga 4; Wiersma 3; Groenveld 2,5; Kooistra 2; Dykstra, Van der Meer en De Vries 1,5; Wijbenga 0.

B-klasse, tredde omloop: Willem Schaap (Jirnsum) – Frans Kingma (Jorwert) 1-0; Willem Hoekstra (Aldegea) – Jelte Dykstra (Jorwert) 1-0; Rinze Schukken (Hilaard) – Fedde Wiersma (Easterein) 0-1; Siebren Dyk (Jorwert) – Hidde de Vries (Langsweagen) 0-1.
Fjirde omloop: Wiersma – Schaap 0-1; Dykstra – Kingma 0-1; Hoekstra – Dyk 1-0; Schukken – De Vries 0-1.
Einstân: Schaap 4; Kingma 3; Dykstra, Hoekstra, De Vries en Wiersma 2; Schukken 1; Dyk 0.

C-klasse, tredde omloop: HiHa (Jorwert) – Bonne Hylkema (Jorwert) 1-0; Jan Nauta (Bitgummole) – Jelle Anema (Jorwert) 0-1; Emke Dykstra (Jorwert) – Sjoerd Theo van der Hem (Jorwert) 1-0.


Fjirde omloop: Anema – Hylkema 0-1; HiHa – Dykstra 0-1; Van der Hem – Nauta 0,5-0,5.
Einstân: Dykstra en HiHa 3; Hylkema 2,5; Anema 2; Nauta 1; Van der Hem 0,5.


Over de auteur

friesdammen administrator