Der wie ôfrûne moandei mar in lyts ploechje dammers. Dat hie ferskate oarsaken: sykte, Fryslân Kup, oare damferplichtingen ek yn de kommende wike en autopech. Troch it lêste koenen de jeugdige dammers út Snits net oanwêzich wêze. Spitich, want as der wat jongerein by is, dan jout dat krekt wer wat in oare sfear. Hennie de Haan wie der wol, sa as meastal. Sy kin de puntsjes wol brûke. Hiel rom sit se der noch net yn.
Se moast it opnimme tsjin Bauke Bos. Dy man is sa njonkenlytsen fan alle merken thús. Ek it damjen slagget him wol aardich dit jier. Foarôf sizze jo dan al: Dit sil in hiele ris wurde foar Hennie de Haan. Dochs gyng de partij aardich lyk op en der wie hiel lang net folle te sizzen fan wa’t der no it bêste foar stie. Mar dan ynienen stean foar Hennie alle ljochten op read. Dan is der eins gjin salve mear oan te striken en moast se wer mei in nul nei hûs.
Sy koe dan fuortendaliks de oare ferliezer, Bauke de Boer, ek thús bringe. Dy ferlear sa mar fan Tineke Teigeler. Sa no no en dan kin Tineke ferrassend sterk út de hoeke komme. Se rekkene brutaalwei en selsfersekere ôf mei de nestor fan de klup. Dêrnei spilen se noch in potsje foar spek en brea. It earste potsje gyng foar de drûge woarsten, want de trije kompetysjespullen hienen se al spile. Dan is der dus de neikompetysje.
Yn in moaie partij moast Sjoerd Jan it ferlieze fan Willem Schaap. En de fjirde partij, dy tusken Cor Kooistra en Dicky van der Meer waard wûn troch de lêste. Dêr hie er net safolle muoite mei, want Kooistra wie mei de teory yn de war: Hy die in iepening fan wyt mei swart. Dêr kaam er efter fuort nei de tredde set. No dan stiet alles dus ferkeard en dan witte jo it wol. De beide mannen ha dit seizoen fjouwer kear tsjin elkoar spile: twa kear foar de kompetysje, ien kear op in wedstriid en in kear foar de Kup. Beide ha twa kear wûn, wêrfan Van der Meer twa kear yn de kompetysje.
Utslaggen: Hennie de Haan – Bauke Bos 0 – 1; Sjoerd Jan Bakker – Willem Schaap 0 – 1; Cor Kooistra – Dicky van der Meer 0 – 1; Bauke de Boer – Tineke Teigeler 0 – 1.
Yn FrjenTsjer is juster it toernoai Fryslân Open fan ein gien. It is in meardaachske westriidrige yn it Frysk damjen. De helte fan e 28 dielnimmers binne ynternasjonale dammers. Guon fan harren binne al jierren fêste gast op it toernoai, mar dochs die bliken dat it de Friezen noch altyd handiger ôfgiet. De fjouwer spilers sûnder puntferlies hearre dan ek typysk ta de Fryke top.
Dochs wiene der ek ferrassings. De grutste wie wol it ferlies fan topspiler Foeke Tiemensma tsjin Petra Duskova. De Tsjechyske dielnimster tsjoende in daverjende kombinaasje op it boerd, dat de Frjentsjerter koe har de hân mar jaan.
Utslaggen en tuskenstân
Earste omloop
Tsjerk Wijbenga – David Riupassa 1-0; Alexander Georgiev – Hein de Vries 0-1; Bauke Dijkstra – Herbert Tulleken 1-0; Jean Marc Ndjofang – Dicky van der Meer 0-1; Darya Tkachenko – Taeke Kooistra 0-1; Liuwe Westra – Macodou NDiaye 0-1; Renaud Braye – Hans Jansen 0-1; Auke Zijlstra – Fedde Wiersma 1-0; Piet Sikma – Frederik Bos 0-1; Petra Duskova – Foeke Tiemensma 1-0; Aleksej Domchev – Kees Tijssen 0-2; Jelle Wiersma – Alexander Shvartsman 2-0; Sjoerd Couperus – Jan van Dijk 0-2; Patrick Casaril – Marten Walinga 0-1.
Twadde omloop
Van Dijk – J. Wiersma 0-1; Walinga – Duskova 1-0; Bos – Wijbenga 0-1; De Vries – Zijlstra 1-0; NDiaye -Dijkstra 0-1; Jansen – Van der Meer 0-1; Tijssen – Kooistra 0-1; Tkachenko – Domchev 0-1; Shvartsman – Couperus 0-1; Tiemensma – Casaril 1-0; Riupassa – Sikma 0-1; F. Wiersma – Georgiev 0-1; Tulleken – Westra 0-1; Braye – Ndjofang 0-1.
Tredde omloop
J. Wiersma – De Vries 1-0; Dijkstra – Walinga 0-1; Van der Meer – Wijbenga 0-1; Kooistra – Domchev 1-0; Georgiev – NDiaye 1-0; Ndjofang – Jansen 0-1; Sikma – Van Dijk 0-1; Duskova – Tijssen 0-1; Couperus – Bos 0-1; Zijlstra – Tiemensma 0-1; Westra – Shvartsman 1-0; Casaril – Tkachenko 1-0; F. Wiersma – Riupassa 0-1; Tulleken – Braye 0-1.
Tuskenstân
1-4 Tsjerk Wijbenga, Jelle Wiersma, Marten Walinga, Teake Kooistra: 3 punten
5-14
Hein de Vries, Dicky van der Meer, Jan van Dijk, Frederik Bos, Kees
Tyssen, Bauke Dijkstra, Hans Jansen, Alexander Georgiev, Foeke
Tiemensma, Liuwe Westra: 2 punten
15-24
Petra Dušková, Macodou Ndiaye, Alexej Domchev, Jean Marc Ndjofang, Piet
Sikma, Patrick Casaril, Auke Zylstra, Sjoerd Couperus, David Riupassa,
Renaud Braye: 1 punt
25-28 Alexander Shvartsman, Herbert Tulleken, Daria Tkachenko, Fedde Wiersma: 0 punten
Lotting foar de fjirde omloop
Tsjerk Wijbenga – Jelle Wiersma
Marten Walinga – Teake Kooistra
Dicky van der Meer – Alexander Georgiev
Jan van Dyk – Hein de Vries
Frederik Bos – Bauke Dykstra
Hans Jansen – Foeke Tiemensma
Kees Tyssen – Liuwe Westra
Alexej Domchev – Auke Zylstra
Macodou Ndiaye – Patrick Casaril
David Riupassa – Sjoerd Couperus
Piet Sikma – Jean Marc Ndjofang
Renaud Braye – Petra Dušková
Alexander Shvartsman – Fedde Wiersma
Daria Tkachenko – Herbert Tulleken
Jelle Wiersma fan Wommels is op ‘e nij Frysk kampioen wurden. Foar de tredde kear op in rige en mei elkoar al sawn titels. Hy komt sa stadichoan yn it rychje matsjedoaren Sjoerd Tigchelaar en Dirk H. de Vries elk 10 titels, Stinus v.d. Goot mei 12 titels en wa wit hellet er Taeke Kooistra nochris yn dy’t der fier út rint mei 18 kampioenskippen.
Op 16 febrewaris wienen de lêste twa omlopen yn Aldegea-SWF. Wiersma stie in heal punt foar op Marten Walinga en in fol punt op Kooistra. Wiersma soe winne fan Kooistra en Walinga fan Henk Haanstra. Dyselsde Haanstra wûn wer fan Wiersma. Lykswols wie de titel binnen doe’t Kooistra fan Walinga wûn. De winst yn de seisde partij mei swart tsjin Kooistra wie dus beskiedend. 1.32-27 20-25 2.31-26 14-20 3.37-31 17×37 4.41×32 16-21 5.26×17 12×41 6.46×37 11-16 7.36-31 7-12 8.34-30 25×34 9.39×30 1-7 10.30-24 19×30 10.30-25 9-14 11.33-29 19×39 12.43×3411.35×24 20×29 12.33×24 16-21 13.31×11 07×16 14.40-35 12-17 Oanfalle op elkoars lange hoeke.15.44-40 17-21 16.49-44 10-14 17.44-39 14×34 18.39×30 21-26 19.30-25 9-14 Der drige 25-20, 32-27 en 38-33. 20.40-34 18-22 21.32×12 13×11 22.34-30 26-31 23.37×26 16×36 De kar 24-20 is misskien wol better mei hiel oars spul. 24.38-33 8-12 25.33-29 12-17 26.43-38 11-16 27.42-37 14-19 Swart keart de ôfruil troch 38-33. 28.29×9 3×14 Op ‘e nij is 30-24 mooglik. 29.50-44 17-21 30.30-24 14×34 31.44×24 21-26 32.45-40 6-11 33.40-34 11-17 34.34-29 17-22 Wyt kin net mear tebek ôfruilje en moat wol 35.38-33 36×38 36.48×17 16×18 37.24-20 15×24 38.25×12 2×22
39.47-41 is net goed. Nei 39.35-30 22-27 40.33-28 27-31 41.30-24 31-36 42.28-22 26-31 43.22-17 31-37 44.47×27 36-41 45.17-11 41-46 46.24-20 46-41 (46-28? om 20-14!) kriget wyt it ek dreech. 39.29-24 22-27 40.35-30 27-31 41.33-28 31-36 42.28-22 26-31 43.22-17 31-37 44.47×27 36-41 45.17-11 41-47 46.11-6 47×50 47.27-21 50-45 48.6-1 45-50 49.1-23 (1-6? om 4-9) 4-10, wyt jout op
Nr.19 sw. 2, 6, 9, 12, 23, 28, 30, 33
wyt 16, 37, 41, 42, 45, 47, 48
Nr. 20 sw. 4, 8, 18, 19, 23, 24, 26, 28
wyt 25, 37-44
En twa nijen fan Willem F. Bakker
Nr.21 sw. 2, 6, 8-10, 14, 20, 25
wyt 11, 17, 21, 34, 37, 40, 43, 47
Nr.22 sw. 2, 6, 7, 8-14, 19
wyt 16, 25, 30, 33-37, 49
Oplossingen stjoere foar 8 maart.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
It nijs moat fansels oer de buorren. Dêrom diskear ek noch de útslaggen fan ferline wike. Troch it ûntbrekken fan ynternet fanwege it pleatsen fan de “slimme” meter koe it nijs net fierder komme as de kompjûter fan de skriuwer. No is alles wer ynoarder en is it worldwide net wer beskikber.
It opfallendste fan de lêste damjûn wie de prachtige dûbele flypflap dy’t Dicky van der Meer der úthelle yn syn boeiende partij tsjin Willem Schaap. De lêste hat hin ôfrûne wykein yn de kampioensklasse damme en Dicky rêde it net op om út de tredde acht wei te kommen. Beide feiten wienen bysûnder. Willem foar de earste kear op it heechste nivo en Dicky dy’t troch in pear blunders net fierder kaam as it fjirde plak yn de tredde acht.
Moandeitejûn seagen wy yn de partij tusken de beide mannen, dat it nivo tusken de klassen hiel ticht by elkoar leit. Gewoanwei soe men sizze dat ien út de kampioensklasse it winne sil tsjin ien út de tredde acht. Mar nee dus. Van der Meer liet him fan syn bêste kant sjen troch Schaap even goed by de kladden te pakken. In masterlike set, oars kinne wy net sizze. De stân dy’t fansels ek op de groepsapp fan de Strikers pronke sil nije wike noch rom en breed op it boerd komme, tinkt de skriuwer. Sa’n set makket it Fryske spul sa aldermiterste moai.
Utslaggen 11-02-2019 Willem Schaap – Tineke Teigeler 1 – 0; Sjoerd Huitema – Cor Kooistra 0 – 1;Ype Boelens – Bauke Dykstra 0 – 1; Dicky van der Meer – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Dicky van der Meer – Bauke Bos 1 – 0; Bauke de Boer – Hester Boelens ½ – ½; 18-02: Dicky van der Meer – Willem Schaap 1 – 0; Sjoerd Jan Bakker – Bauke Dykstra 1 – 0; Hennie de Haan – Ype Boelens 0 – 1; Hester Boelens – Tineke Teigeler 0 – 1; Jelle Wiersma – Cor Kooistra 0 – 1; Jelle Wiersma – Tineke Teigeler 1 – 0; Neikompetysje: Bauke Bos – Bauke de Boer ½ -½.
Tagelyk mei de lêste omloop fan it Frysk Kampioenskip yn doarpshûs It Joo spilen hielendal boppenyn tolve jonge dammers ek om de heechste eare: it kampioenskip yn e kategoryen jeugd, pupillen en begjinners. Yn alle klassen hiene har fjouwer spilers pleatst.
Under lieding fan Gatze Ykema, Sjouke Attema en Jurjen Frankena waard der yngreven en fûleindich strutsen, mar op it lêst wie yn alle groepen dochs hieltyd ien de bêste.
By de begjinners wie dat Jurre Jansen út Blauhús: hy wûn oertsjûgjend alle seis partijen. Net te bedamjen, sizze wy dan, en dat wie yn dit gefal terjochte. Wy binne tige benijd hoe t Jurre it takom jier dwaan sil by de pupillen!
By de pupillen gie de priis nei Willem Kroon, ek fan damklub De Skyfkes út Blauhús. Hy komt út in echt laach fan Fryske dammers, en dat is altyd in goeie basis. Dat die no ek wer bliken: Willem wûn mei trije punten út trije partijen.
By de jeugd, ta beslút, liket de kampioenstsjelke wol fêst plak te hawwen by de femylje Ykema fan e Gaastmar: Herre Klaas Ykema wûn de priis mei oermacht. Hy en syn broer Wiebren binne beide gâns ûnthjittende jonge spilers, dêr’t wy fan hoopje dat se skielk trochgeane mei dit prachtige spul. En dat hoopje wy fansels fan alle dielnimmers! In bysûndere earfolle fermelding moat ek makke wurde foar Hester Boelens út Snits, dy’t damt by De Stadige Strikers fan Skearnegoutum. Hja hat gjin ûnderfining as begjinner of pupil, mar is pas letter begûn. Dan is it in hiele moaie prestaasje om jin direkt al yn e finale te striken en dan ek noch in tredde plak te heljen!
Begjinners: 1. Jurre Jansen6 2. Brecht Frankena3 3. Maaike Kroon2 4. Mette Jorritsma1
Pupillen: 1. Willem Kroon3 2. Wytse Zeinstra2 3. Harmen J. Postma1 4. Neeltje Ykema0
Jeugd: 1. Herre Klaas Ykema3 2. Wiebren Ykema2 3. Hester Boelens1 4. Eelco de Wolff0
Jelle Wiersma hat sneon yn Aldegea (SWF) it persoanlik kampioenskip yn it damjen Frysk spul op syn namme skreaun. It wie de tredde kear efterinoar dat de Wommelser dat prestearde, neidat dêrfoar Taeke Kooistra út Hartwert jierrenlang oan it bewâld west hat. Kooistra kaam no net fierder as it tredde plak.
It waard de moarns fuortdaliks dúdlik hoe t de kaarten der foar stiene. Beide matsjedoaren moasten tsjininoar. Der waard earst wakker hinne en wer lavearre, oant Wiersma in trochbraak nei daam naam. Dêr hie Kooistra gjin antwurd mear op. Sa bleau der foar Wiersma noch ien mooglike konkurrint oer, en dat wie Marten Walinga. De Waaksenser hie de moarns ôfrekkene mei de altyd lestige Henk Haanstra, en hie sa noch altyd mar in heal punt efterstân op Wiersma.
De middeis wie it programma krekt oarsom. Haanstra moast no tsjin Wiersma, en doe liet de Aldegeaster sjen dat er wier wol in poepke damje kin. Hy sette Wiersma yn it begjinnende einspul goed ûnder druk, dat de Wommelser moast fanneed wol materiaal offerje. Hy tocht dat er slûchslim noch wol oan in ferlies ûntkomme koe, mar dêr struts Haanstra in skoatteltsje foar.
Henk Haanstra tsjin rjochts kampioen Jelle Wiersma (foto: M. Walinga).
Wiersma bleau dus op sechtel punt stykjen. Troch te winnen soe Marten Walinga him foarbystrike kinne. Safier kaam it lykwols net. Taeke Kooistra ferdigene him tûk, en kaam der yn it einspul sels better op te stean. Walinga moast hout kwyt om troch te brekken, mar dat holp net, want Kooistra hie de fangstelling al klear stean. Dat sa waard Jelle Wiersma dochs wer persoanlik kampioen.
Underyn wie it allike spannend. De beide degradaasjekandidaten Hein de Vries en Siebe Walinga krigen ynienen de guit, mar dat bliek oan de ein foar beiden net genôch te wêzen. De mannen wurde opfolge troch Kees Tijssen (Reduzum) en Willem Schaap (Dearsum). Benammen foar Tijssen wie dat in opfallende prestaasje. Lang hold er frij ûnopfallend ta yn de twadde acht, mar no damme er as yn syn jonge jierren.
Yn de tredde acht die de âlderein it ek bêst. Cor Kooistra promovearre wer werom nei de twadde acht. Folle opfallender noch wie it earste plak fan Sjoerd Couperus. De Snitser hoegde yn sân partijen mar ien kampspul ta te stean, en dat is foar in 88-jierrige in prestaasje dy t wol yn de krante mei.
Utslaggen en einstannen fan it persoanlik kampioenskip damjen Frysk spul
Kampioensklasse, sechsde omloop: Taeke Kooistra (Hartwert) – Jelle Wiersma (Wommels) 0-1, Henk Haanstra (Aldegea SWF) – Marten Walinga (Waaksens) 0-1, Hein de Vries (Ljouwert) – Siebe Walinga (Aldegea SWF) 1-0, Piter Hoogterp (De Gaastmar) – Tjerk Wijbenga (Arum) 0-1.
Sande omloop: Wiersma – Haanstra 0-1, M. Walinga – Kooistra 0-1, Wijbenga – De Vries 0-1, S. Walinga – Hoogterp 1-0.
Einstân: 1. Wiersma 5,5; 2. M. Walinga 5; 3. Kooistra 4,5; 4. Haanstra 4; 5. Wijbenga 3; 6. Hoogterp 2,5; 7. De Vries 2; 8. S. Walinga 1,5.
Twadde acht, sechsde omloop: Folkert Groenveld (Jutryp) – Willem Hoekstra (Aldegea SWF) 0-1, Sjoerd Jan Bakker (Snits) – Kees Tijssen (Reduzum) 0-1, Willem Schaap (Dearsum) – Bauke Dijkstra (De Tynje) 1-0, Liuwe Westra (Lollum) – Fedde Wiersma (Easterein) 0-1.
Sande omloop: Hoekstra – Bakker 0-1, Tijssen – Groenveld 1-0, Wiersma – Schaap 0-1, Dijkstra – Westra 0,5-0,5.
Einstân: 1. Tijssen 6; 2. Schaap 5; 3.; Dijkstra 3,5 (12,25); 4. Hoekstra 3,5 (8,75); 5. Groenveld 3 (10,25); 6. Bakker 3 (9,5); 7. Westra 2 (6,25); 8. Wiersma 2 (5).
Tredde acht, sechsde omloop: Piet Sikma (Hartwert) – Dicky van der Meer (Terherne) 0-1, Cor Kooistra (Nijlân) – Sjoerd Couperus (Snits) 0-1, Ype Boelens (Menaam) – Siebren Dyk (Jorwert) 0-1, Frans Kingma (Jorwert) – Klaas Wiersma (Nijbeets) 1-0.
Sande omloop: Van der Meer – Kooistra 0-1, Couperus – Sikma 1-0, Wiersma – Boelens 0-1, Dyk – Kingma 0,5-0,5.
Einstân: 1. Couperus 6,5; 2. Kooistra 5; 3. Dyk 4; 4. Van der Meer 3 (8,5); 5. Boelens 3 (8,5); 6. Sikma 2,5; 7. Kingma 2 (5,5); 8. Wiersma 2 (5,5).
(Tekst: S. Dyk)
Ofrûne sneon waard it persoanlik kampioenskip yn it Frysk damjen fuortset op e Gaastmar mei de fjirde en fyfde omloop. Mearfâldich kampioen Taeke Kooistra (Hartwert) moast fanwegen de gryp ôfsizze. Koprinder Jelle Wiersma ferskynde mei krukken efter it boerd, mar it die bliken dat syn holle noch wol ynoarder wie. Hiel dreech waard it him oars ek net makke. Siebe Walinga joech de Wommelser in daam kado en dat pakte foar de Aldegeaster ferkeard út. De pleatslike favoryt Pieter Hoogterp ferbrûkte in soad tiid en koe dêrnei alle tûkelteammen dy t Wiersma him foarsette sagau net mear útrekkenje.
De iennichste dy t Wiersma noch folgje kin is Marten Walinga. De Waaksenser hie syn oerwinning op Tjerk Wijbenga (Arum) gau binnen, mar tsjin de Ljouwerter Hein de Vries moast it ûnderste noch wol even út e kast.
Yn e twadde acht lieten de koprinders Willem Schaap (Dearsum) en Bauke Dijkstra (De Tynje) stekken falle, sadat de feteraan Kees Tijssen no ynienen allinnich boppeoan stiet. Yn e twadde acht kinne Sjoerd Couperus (Snits) en Cor Kooistra (Nijlân) de promoasje al hast net mear ûntrinne, ek al liet Kooistra it raar sitte tsjin de Jorwerter Siebren Dyk.
Oare wike is de finale fan it kampioenskip yn Aldegea SWF.
fjirde omloop: Siebe Walinga (Aldegea SWF) – Jelle Wiersma (Wommels) 0-1, Pieter Hoogterp (De Gaastmar) – Henk Haanstra (Aldegea SWF) 1-0, Hein de Vries (Ljouwert) – Taeke Kooistra (Hartwert) útsteld, Tjerk Wijbenga (Arum) – Marten Walinga (Waaksens) 0-1; fiifde omloop: Wiersma – Hoogterp 1-0, Haanstra – S. Walinga 1-0, Kooistra – Wijbenga útsteld, M. Walinga – De Vries 1-0.
Stân: Wiersma 5-4,5; M. Walinga 5-4; Haanstra 5-3; Hoogterp 5-2,5; Wijbenga 4-2; Kooistra 3-1,5; S. Walinga 5-0,5; De Vries 4-0.
fjirde omloop: Bauke Dijkstra (De Tynje) – Willem Hoekstra (Aldegea SWF) 0,5-0,5, Liuwe Westra (Lollum) – Sjoerd Jan Bakker (Snits) 0,5-0,5, Willem Schaap (Dearsum) – Folkert Groenveld (Jutryp) 0-1, Fedde Wiersma (Easterein) – Kees Tijssen (Reduzum) 0-1; fiifde omloop: Hoekstra – Westra 1-0, Bakker – Dijkstra 1-0, Groenveld – Wiersma 1-0, Tijssen – Schaap 1-0.
Stân: Tijssen 4; Dijkstra, Groenveld en Schaap 3; Hoekstra 2,5; Bakker 2; Westra 1,5; Wiersma 1.
fjirde omloop: Siebren Dyk (Jorwert) – Dicky van der Meer (Terherne) 0,5-0,5, Frans Kingma (Jorwert) – Cor Kooistra (Nijlân) 0-1, Ype Boelens (Menaam) – Piet Sikma (Hartwert) 0,5-0,5, Klaas Wiersma (Nijbeets) – Sjoerd Couperus (Snits) 0-1; fiifde omloop: Van der Meer – Kingma 0,5-0,5, Kooistra – Dyk 0-1, Sikma – Wiersma 0-1, Couperus – Boelens 0,5-0,5.
Stân: Couperus 4,5; Kooistra 4; Dyk en Sikma 2,5; Boelens, Van der Meer en Wiersma 2; Kingma 0,5.
Titelhâlder Jelle Wiersma hat by it Frysk Kampioenskip nei twa omlopen as ienige de folle twa punten. Taeke Kooistra en Marten Walinga folgje op in heal punt. Al kaam de lêste tsjin promovendus Pieter Hoogterp mei de skrik frij. Yn Hartwert op 2 febrewaris hie Hoogterp wyt.1.34-30 20-25 2.31-26 25*34 3.40*29 19-23 4.44-40 23*34 5.39*30 18-23 6.40-34 23-29! Meastal folget 14-20. 7.30*28 17-21 Wyt kin ek 33×24 en 34×23 is de bêste. 8.26*17 7*40 9.35*44 12-17 10.44-40 17-21 11.40-35 14-20 12.49-44 13-18 13.36-31 21-26 14.44-40 18-22 15.32*12 8*17 16.38-32 3-8 17.43-38 9-14 Wyt hat in mindere posysje mei folle skiven oer it midden. 18.35-30 8-12? 17-21 is better.
19.40-34 20*29 20.33*24 14*34 21.31-27 26*28 22.38*27 11-17 23.27*7 1*12 En daalk mei 42-38 de swarte foarpost oanfalle. 24.32-27 15-20 25.37-31 12-18 26.31-26 16*36 27.46*26 20-25 De mooglike oanfal 41-37-32 kin swart keare mei 25-30-35, x, 40, x en 10-15. 28.48-43 10-14 29.43-39 34*43 30.42*44 14-19 En de partij is wer yn it lykwicht. Wyt kin him better oan de âlde wiisheid hâlde; strike yn de sterke hoeke. 31.44-40 5-10 32.40-34 10-15 33.50-44 19-24 34.34*14 4*24 35.27-22 18*27 36.26*28 24-30 37.44-39 30-34 38.39*30 25*34 39.28-23 2-8 Elk hat in foarpost dy’t net fierder kin. 40.41-36 6-11 41.47-42 8-12 42.36-31 11-16 43.31-27 15-20 44.42-38 20-25 45.23-19 12-18 46.19*17 16*18 47.27-21 25-30 48.21-16 30-35 49.45*25 34-40 En drave nei de daam. 50.16-11 40-44 51.11-7 44-50 52.7-2 18-23 53.38-32 Hjir strykt swarte 50-28??
Mar swart sjocht de winst net 54.2-24 54.2-19! 23×14 55.32×23 is út. No is it kamp. Is dat ek sa nei 53. …23-29?
En twa nijen fan Hiele Walinga
Nr.19 sw. 2, 6, 9, 12, 23, 28, 30, 33
wyt 16, 37, 41, 42, 45, 47, 48
Nr. 20 sw. 4, 8, 18, 19, 23, 24, 26, 28
wyt 25, 37-44
Oplossingen problemen
Nr.15 1.43-39, 2.19-14, 3.41-36, 4.33-29
Nr.16 1.48-42, 2.20-15, 3.42-38
Nr.17 1.42-38, 2.40-35, 3.46-41, 4.38-32
Nr.18 1.30-25, 2.28-22, 3.42-37, 4.38-33
Oplossingen noch net stjoere.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
Yn e earste twa omlopen fan it persoanlik kampioenskip yn it damjen Frysk spul like it der op dat regearjend kampioen Jelle Wiersma wol wer oer elkenien hinne batse soe. Lykwols, dat byld moat nei de tredde omloop justjes bysteld wurde. Wiersma moast it tiisdeitejûn yn Jorwert opnimme tsjin Marten Walinga, dochs ek in favoryt foar de titel, en net te ferjitten ôfrûne simmer de earste wrâldkampioen yn it Frysk damjen wurden. Dat twong sa t it liket respekt ôf. De mannen gongen tige hoeden te wurk, en nei al dy ôfroalderij wie it ek gjin niget dat it úteinliks op in kampspul útdraaide.
Taeke Kooistra hie troch dat resultaat op likense hichte komme kind, mar hy profitearre net. Wol koe de Hartwerter tsjin Henk Haanstra al rillegau in daam helje, mar dat bliek net in duorsum gefal. Dêrnei meneuvele Haanstra syn houtsjes sa tûk teplak dat Kooistra optlêst gjin set mear oer hie. De Aldegeaster makket troch dy oerwinning mei Marten Walinga diel út fan in ploechje efterfolgers op Wiersma. Dêr heart ek Tjerk Wijbenga by. Nei in lykopgeande striid makke de Arumer tsjin Siebe Walinga handich gebrûk fan e spulregel yn it Frysk damjen dat daamslach foargiet.
Yn e twadde acht is Willem Schaap (Dearsum) de iennichste dy t noch net in skawankje oprûn hat. Noch in klasse leger binne it de feteranen Cor Kooistra en Sjoerd Couperus dy t as iennichsten de folle winst ynhelle hawwe.
Utslaggen en tuskenstannen tredde omloop persoanlik kampioenskip Frysk damjen
tredde omloop: Jelle Wiersma (Wommels) – Marten Walinga (Waaksens) 0,5-0,5, Henk Haanstra (Aldegea SWF) – Taeke Kooistra (Hartwert) 1-0, Hein de Vries (Ljouwert) – Piter Hoogterp (De Gaastmar) 0-1, Tjerk Wijbenga (Arum) – Siebe Walinga (Aldegea SWF) 1-0.
Stân: Wiersma 2,5; Haanstra, M. Walinga en Wijbenga 2; Hoogterp en Kooistra 1,5; S. Walinga 0,5; De Vries 0.
tredde omloop: Willem Hoekstra (Aldegea SWF) – Kees Tijssen (Reduzum) 0-1, Sjoerd Jan Bakker (Snits) – Folkert Groenveld (Jutryp) 0,5-0,5, Willem Schaap (Dearsum) – Liuwe Westra (Lollum) 1-0, Fedde Wiersma (Easterein) – Bauke Dijkstra (De Tynje) 0-1.
Stân: Schaap 3; Dijkstra 2,5; Tijssen 2; Groenveld, Hoekstra, Westra en Wiersma 1; Bakker 0,5.
tredde omloop: Dicky van der Meer (Terherne) – Sjoerd Couperus (Snits) 0-1, Cor Kooistra (Nijlân) – Piet Sikma (Hartwert) 1-0, Ype Boelens (Menaam) – Frans Kingma (Jorwert) 1-0, Klaas Wiersma (Nijbeets) – Siebren Dyk (Jorwert) 0-1.
Stân: Couperus en Kooistra 3; Sikma 2; Boelens, Dyk, Van der Meer en Wiersma 1; Kingma 0.
Fannejûn wie der mar in lyts ploechje dammers. In ûneven oantal, dat sadwaande woe Jelle Wiersma wol simultaan damje. Sneon by de earste omlopen fan de persoanlike kampioenskippen pakte er al twa punten en hearde jûn al dat der al rekkening mei hoden waard dat er wer kampioen wurde sil. Oer in pear wiken sille we it witte. Twa of ien partij tagelyk, it makke Wiersma neat út want hy wûn beide partijen. De kompetysjelieder hie alle twadde klassers tsjin in earste klasser setten en dan kinne der ferrassende útslaggen komme. Sa ek op dizze jûn. De partij fan Sjoerd Jan Bakker en Tineke Teigeler wie it grutte foarbyld dat in spiler út in hegere klasse in dammer út in legere klasse net ûnderskatte moat. Tineke hat soms fan dy sterke mominten en dan kin men der mar om tinke. By de dammerij op tiisdeitemiddei yn Hartwert is se ek meastentiids fan de partij en wint dan ek wol gauris in spul. Har man mient dat se better op tiisdeitemiddei damje kin omdat se dan neffens him better damt. Tineke kin jûn in grouwe krûp fan Martin krije want se kin fertelle dat se jûn twa punten byskriuwe kin, want in winstpunt tsjin in hegere klasser levert twa punten op. It gyng moai lykop oant Bakker tocht dat der in set yn siet yn syn foardiel, mar it bliek dat it net út koe foar him en hy rekke in hout achter. Tineke bleau skerp en wûn de partij. En as Martin it al net leauwe wol dan lêst er dit stikje mar. Tineke sil it him graach lêze litte. Y. Boelens – B. Bos 1-0 W. Schaap – B. de Boer 1-0 H. de Haan – J. Wiersma 0-1 S. Huitema – J. Wiersma 0-1 S. J. Bakker – T. Teigeler 0-1