It koe wol mar it koe net

doorfriesdammen

It koe wol mar it koe net

Fannejûn wie der mar in lyts ploechje dammers. In ûneven oantal, dat sadwaande woe Jelle Wiersma wol simultaan damje. Sneon by de earste omlopen fan de persoanlike kampioenskippen pakte er al twa punten en hearde jûn al dat der al rekkening mei hoden waard dat er wer kampioen wurde sil. Oer in pear wiken sille we it witte. Twa of ien partij tagelyk, it makke Wiersma neat út want hy wûn beide partijen. De kompetysjelieder hie alle twadde klassers tsjin in earste klasser setten en dan kinne der ferrassende útslaggen komme. Sa ek op dizze jûn. De partij fan Sjoerd Jan Bakker en Tineke Teigeler wie it grutte foarbyld dat in spiler út in hegere klasse in dammer út in legere klasse net ûnderskatte moat. Tineke hat soms fan dy sterke mominten en dan kin men der mar om tinke. By de dammerij op tiisdeitemiddei yn Hartwert is se ek meastentiids fan de partij en wint dan ek wol gauris in spul. Har man mient dat se better op tiisdeitemiddei damje kin omdat se dan neffens him better damt. Tineke kin jûn in grouwe krûp fan Martin krije want se kin fertelle dat se jûn twa punten byskriuwe kin, want in winstpunt tsjin in hegere klasser levert twa punten op. It gyng moai lykop oant Bakker tocht dat der in set yn siet yn syn foardiel, mar it bliek dat it net út koe foar him en hy rekke in hout achter. Tineke bleau skerp en wûn de partij. En as Martin it al net leauwe wol dan lêst er dit stikje mar. Tineke sil it him graach lêze litte.   Y. Boelens – B. Bos 1-0 W. Schaap – B. de Boer 1-0 H. de Haan – J. Wiersma 0-1 S. Huitema – J. Wiersma 0-1 S. J. Bakker – T. Teigeler 0-1

Over de auteur

friesdammen administrator