Soms rint it sa en dan is it net oars, mar it wie wol spitich dat de ôfrûne moandeitejûn mar fjouwer spullen ferspile waarden. Mear koe ek net, want der wienen deagewoan net mear as acht dammers. Gesellich wie it wol en der waarden ek saken regele: sa is der besluten om ús Stryk-ta partij te ferskowen fan freedtejûn 15 desimber nei in wike earder en wol nei freedtejûn 8 desimber. De finânsjes hienen de kompjûterproblemen ek oerlibbe en it die bliken dat de klup der ek noch wat op foarút buorke wie. Dat wienen sa ‘n bytsje de omballingen en no fierder oer it damjen.
Sa as yn de kop al stiet: oer dizze fjouwer spullen wie wol in boek te skriuwen. Dan moatte jo fansels wol even nei alle saken sjen dy’t der nedich binne om sa ‘n partij spylje te kinnen. Jo soenen dan de spilers stik foar stik eefkes tsjin it ljocht hâlde kinne en dan it spyljen sels. Lit it ús mar hâlde by it lêste: de spile spullen. As earste komt dan wol yn oanmerking de partij tusken Jelle Wiersma en Bauke Bos, allebeide opgroeid yn Skearnegoutum en no wenje se in 25 kilometer út elkoar. Wat it damjen oanbelanget is der ek nochal wat ferskil. Jelle is de sittende kampioen Frysk spul en Bauke is entûsjaste dammer, mar kin lang net oan Jelle tippe wat de damfeardichheid betreft. Dat is net slim nee, it is moai dat se tsjin elkoar damje kinne. En hoe. Bauke hold hiel lang stân en úteinlik hienen se beide noch fiif houtsjes. En dan komt it Fryske sprekwurd om de hoeke kypjen: op ‘e ein fan de fûke fangt men de fisk. Doe die it wol bliken dat Jelle de bettere fisker wie. It moaie fan it gehiel wie: Jelle joech ek even oan hoe’t Bauke it eins dwaan moatten hie. Dan hie der ek noch wol wat muzyk foar him ynsitten.
It twadde spul dat wy even by de kop pakke is dat tusken Ype Boelens en Willem Schaap. Ype kin soms ferrassend út de hoeke komme en dammet er as in dyk en oare kearen mislearret it omt er hin raar fersjocht of sa. Willem Schaap wennet yn syn frije tiid yn de i-pad of yn syn smartfoan mei altiten in dampartij op it skerm. Hy dammet wat ôf. Prachtich fansels. Sa entûsjast. De partij gyng wol moai útein. It kaam der yn it middenspul al aardich as in bosk woartels op te stean. Doe tocht Willem in aardich ôfruiltsje te dwaan, mar hy seach in oare slach oer de kop en joech sa mar trije houtsjes fuort. Dat betsjutte in moaie opstekker foar Ype. Yn sokke gefallen moatte jo sa gau mooglik ôfruilje en as dat hieltiten mei ien om ien giet dan komme jo fansels yn is sitewaasje dat it bygelyks sân om fjouwer wurdt yn Ype syn gefal dus en dan ha jo wat mear oersicht. Al mei al wie dat makliker sein as dien. De stân joech net sa folle mooglikheden om sa ôf te ruiljen. It waard wat in penibele sitewaasje en Ype ferseach him ek noch en úteinlik einige it spul yn kamp.
Der binne noch twa partijen oer. Twa spul wêr’t yn in frou tsjin in man spile. Hennie de Haan tsjin Bauke Dykstra en Tineke Teigeler tsjin Cor Kooistra. Oer beide partijen is dus ek in protte te skriuwen, mar de stikjeskriuwer giet no koart troch de bocht troch te melden dat de beide hearen oan it langste ein lutsen.
Utslaggen: Tineke teigeler – Cor Kooistra 0 – 1; Ype Boelens – Willem Schaap ½ – ½; Bauke Dykstra – Hennie de Haan 1 – 0; Jelle Wiersma – Bauke Bos 1 – 0.
Benammen troch it krewearjen fan de Stifting WFD (Wrâldkampioenskip Frysk Damjen) komt it Frysk Spul mear en mear ûnder de oandacht bûten de provinsjegrinzen. En witte oaren as Friezen dizze tinksport te finen.
De betûfsten yn de einspul-fariant FRYSK! wienen ferline jier Amsterdammer Hans Jansen dy’t it NK wûn en wrâldkampioen Auke Zijlstra fan Utert. En yn novimber sille de bêste fiif jongereindammers nei Aosta yn Itaalje en dêr in ynterland ferdamje.
Op de damsite www.lidraughts.org binne der eltse dei toernooien FRYSK! en yn it grutte spul mei dammers rûnom út de wrâld. Hichtepunt is it Fryslân Open. Hjir wurdt it ‘grutte spul’ damd en docht bliken dat de échte toppers dochs noch altiid Friezen binne.
Jansen en Zijlstra hienen earder wol sukses as gastspilers by Lollum-Waaksens en waarden klupkampioen. Zijlstra moast it yn Frjentsjer dwaan mei in plak yn de middenmoot. Yn de partij tsjin Duskova sjogge we deeglik damjen. Mar yn it einspul wurde sa as faker stekken falle litten.
Petra Duskova – Auke Zijlstra, 3-3-23 Frjentsjer 7-e omloop Fryslân Open1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 16-21 5.26×17 12×41 6.46×37 11-16 7.36-31 8-12 8.31-27 Nei 8.34-30 25×34 9.39×30 kin swart net oerdwers ôfruilje. 8…18-22 9.27×18 19×17 10.33-28 20-24 11.34×14 9×20 12.39-34 13-18 13.28×8 7×9 14.37-31 It middenspul kin begjinne yn in lykweardige stân. Lykas Zijlstra is de Tsjechyske wytspiler fan origine in hoekse dammer. Beiden komme goed troch de faaks drege iepening.14…2-7 14. ..9-13 en dan 17-21 mei de ôfruil is goed. 15.44-39 7-11 15. ..12-18 en de geunstige twa-om-twa ôfruil troch 18-22 kin wyt net mear foar wêze.16.50-44 20-24 17.34×14 9×20 18.35-30 25×34 19.39×30 12-18 20.44-39 20-24 21.30×19 18×20 22.40-35 20-25 23.39-34 10-14 24.49-44 14-20 25.44-40 17-22 26.32×12 11×13 Op de dûbele hoeke fan wyt oan. 27.31-27 13-19 28.43-39 19-24 29.34×14 20×9 30.48-43 9-14 31.35-30 25×34 32.39×30 14-20 Der is noch gjin foardiel foar ien fan beiden. 33.30×10 5×14 34.43-39 14-20 35.40-35 20-25 36.38-32 6-11 37.39-33 3-8 38.35-30 25×34 39.33×35 8-13 Op nei it einspul. 40.42-38 13-19 41.38-33 15-20 41. ..4-9 bringt swart ek gjin foardiel. 42.33-29 19×39 43.35-30 20×40 44.45×43 11-17 45.27×7 1×12
Yn it einspul leit winst as ferlies hiel tichteby elkoar. 46.43-39 is de set. Wyt ferliest no in tempo. 32-27 kin letter ek noch wol. 46.32-27 12-18 47.43-39 4-9?Mei 47. ..18-23 kin swart noch foar wêze dat wyt der twa houten ûnder set en winne sil. Mar wyt lit it hjir lizze.48.39-34? 9-14 49.34-30
49. …14-19 50.47-41 19-24 kamp en op 50.30-25 rinne mei skiif 19 nei de daam.49. ..18-23? 50.47-42 14-19 51.42-38 23-29 Swart komt earst oan en moat in hout jaan. 52.30×28 19-24 53.28-22 24-30 54.22-18 30-35 55.18-12 35-40 56.12-7 40-44 57.7-1 44-50
Wyt sjocht apen en bearen. Daalk 1-6 en it is gau dien. 58.1-45? 50-11 58. ..50-6 59.45-40 (11-16 kin dan net) 6-1 60.40-45 1-6 mei kamp. Wyt hie no mei 59.45-23 de lange line besette moatten. 59.45-50 11-2? 59. …11-7 60.27-22 7-28 61.16-21 is kamp. Mei 60.50-45 (2-13 kin net) 2-8 61.38-32 16-21 62.27×16 wint wyt. 60.38-33 2-13?
Swart set beide houten op slach en Duskova pakt har kâns no wol. 61.27-21! 13×43 62.50-45 16×27 63.45×41
De earste twa problemen binne fan Ties Slagter. Ek al in hoekse dammer fan origine dy’t it Fryske Spul fûn hat.
Nû.1 sw. 1, 3, 7, 9, 14, 17, 22, 25, 30 wyt 26, 28, 29, 36-39, 43, 50
Nû.2 sw. 2, 4, 7, 10, 15, 16, 18, 20, 40 wyt 27, 32, 33, 38, 41-43, 47, 49
Oplossingen noch net stjoere.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
Ferline wike moandeitejûn hawwe de Stadige Strikers foar de earste kear de koppen wer byelkoar stutsen en de saken oangeande de feriening wer even foar it ljocht helle en sa hjir en dêr wer wat oppoetst om der it kommende damskoft mei nije faasje en moed wer tsjin oan te gean. Ofrrûne moandei 2 oktober waarden de earste potsjes wer ferspile. Foar ien fan ús betsjutte dat echt it earste potsje Frysk Spul te midden fan de Stadige Strikers.
Dizze dammer, syn hiele libben hie er al Hollânsk damme seach sa no en dan raar op fan alle mooglikheden. Op in bepaald stuit sei er: ”Dizze daam liket wol út de hemel fallen te wêzen”. Ja antwurde ien fan ús: It Fryske damjen is in hemels spul. It wie ferrassend dat dy man dat op dit momint sei, want krekt dêrfoar hie er ferlern fan syn soan…. En it spul dan dochs wol himelsk neamme. Dat is suver wat in mirakel! Ja wat it ek mar is en wy sille der tealogysk mar net te djip op yngean, mar der binne wol dammers dy’t der op hoopje dat se nei harren libben yn de himel fierder damje kinne.
De útslaggen yn de kompetysje wienen sa’n bytsje foar de hânlizzend. Der
waard nei de krêft fan de spilers yn it foar al tocht oan in útslach en dy kaam aardich út. Allinne de partij tusken Jan en Kees Castelein hienen wy net sa rap ferwachte. De heit en soan gongen as in tierelier út ein. Dat wie wat yn it foardiel fan soan Kees. Heit liet him ek wat mei slepe yn it tempo. Doe makke er in rare fout en it wie gebeurd mei de koopman. Kees lake fan ear oant ear. Heit koe ek net oars as syn soan hertlik lokwinskje. Wa’t fierders de felisitaasjes krigen, kinne jim sjen oan de útslaggen.
Utslaggen:Ype Boelens – Jelle Wiersma 0 – 1; Kees Castelein – Jan Kastelein 1 – 0:Bauke Bos – Bauke Dykstra 0 – 1; Willem Schaap – Cor Kooistra 1 –
0.Hennie de Haan – Gastdammer.
Yn dizze lêste rubryk foar it simmerskoft omtinken foar in dammer út Brabân. Ties Slagter is dêr ien fan de bettere hoekse dammers. Hy hat him no ek talein op it Fryske Spul. Yn de koroana-tiid spile er op lidraughts hiel wat partijen en fan it maitiid kaam hy foar it earst op in toernooi yn aksje. Soks gie dat it slydjaget mei in hiel kreas 14-e plak by it Fryslân Open en in 50% skoare. Der hie noch mear ynsitten as Slagter yn it einspul minder stekken falle litten hie. Wat it noch moaier makket is dat hy my in pear prachtige problemen stjoerde, mei de oplossingen fierderop.
probleem 1
probleem 2
probleem 3
Yn de earste omloop fan it Fryslân Open hie Ties Slagter de drege Bauke Dijkstra, dy spilet yn ‘de twadde acht’!, op in hier nei te pakken. Mar doe ferbarge de swartspiler it noch mei 54. ….14-46?
En der folge 55.21-16! En daamslach giet foar 55. ..46×26 56.16×36 kamp De folgjende stân komt út de fjirde omloop. Slagter hie wyt en waard it hjir, nei 50.14-10, mei de Tsjechyske Petra Duskova iens dat it kamp wie.
Soks wie in te hastich beslút. 50. ..16-21 51.10-5 28-33 52.5-41 33-38 53.41×11 38-42 (as 43) 54.11-50 wint as 50. ..28-32 51.10-5 32-38 52.5-41 16-21 53.41×11 38-42 (as 43) 54.11-50 wint 50. ..38-33 51.10-5 33-38 (sjoch earder) 51. ..33-39 52.5-41 wint
Dan kin de einstân fan de ledderwedstriid opmakke wurde.
1.A. de Schiffart, Wommels, 474 pt.;
2.Tj.Smedinga, It Hearrenfean 349 pt.;
3.K.Wiersma, Nij Beets 346 pt.;
4.G.Tigchelaar, Ysbrechtum 297 pt.;
5.P.Looge, Tsjummearum 283 pt.;
6.G.IJkema, De Gaastmar 188 pt.;
7.S.van Steinvoren, Dronryp 160 pt.;
8.S. de Boer, Burdaard 134 pt.;
9.J.Schilstra, Boalsert 102 pt.;
10.F.Wiersma, Easterein 80 pt.;
11.J.Wiersma, Wommels 72 pt.;
12.A.Zijlstra, Utert 68 pt.;
13.J. de Boer, Berkel en Rodenrijs 56 pt.
14.G.Harkema, Snits 54 pt.;
15.Sj.T.Kooistra, Boalsert 48 pt.;
16.P.Sikma, Hartwert 44 pt.;
17.T.Slagter, Den Bosch 16 pt.;
18.B.Kroon, Blauhús 14 pt.;
19.Sj.Couperus, Wommels 12 pt.;
20.J.Reade, Manchester 8 pt.;
probleem 1 1.24-19 2.45-40 3.37-32
probleem 2 1.42-37 3.29-23 4.48-43
probleem 3 1.29-24 2.33-28 3.30-24
In goede simmer tawinske.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
Op de lêste freed fan maart waard yn Blauhús foar de sawnde kear de finale fan de Fryslân Kup ferdamd. Nei twa kear Jelle Wiersma, Siebe Walinga en Taeke Kooistra moasten de Hartwerters Tsjerk Wijbenga en op ‘e nij Kooistra útmeitsje wa’t de priis pakke soe. Kooistra wie sa fier kommen troch Fedde Wiersma, Willem Hoekstra, Rein Jan Walinga en Marten Walinga ‘út de beker te knikkerjen’. Wijbenga wie Leo Altena en Frâns Kingma de baas, hie in steand nûmer en wûn yn de heale finale fan Folkert Groenveld. De finale wie 0rille gau beslikke doe’t Wijbenga yn it middenspul in pear misse streken die en op ‘e nij de winst oan angstgegner Taeke Kooistra litte moast. Dy pakte sa de tredde Kup-winst op in rige. Syn heale finale tsjin Walinga sille we hjir earst besprekke.
M.Walinga – T.Koostra, heale finale Fryslân Kup, Hartwert 20-3-2023
1.31-26 19-24 2.32-27 20-25 3.37-31 17*37 4.41*32 14-20 5.34*14 10*19 6.40-34 11-17 7.44-40 4-10 8.47-41 7-11 9.41-37 1-7 10.31-27 17-21 11.26*17 11*31 12.37*26 16-21 13.26*17 18*16Dizze beide matsjedoaren witte fansels hoe’t in iepening spile wurde moat. No wykt Walinga fan de téory. 42-37 as 32-27 is wenst 14.46-41 19-24 15.34*14 10*19 16.41-37 19-24 17.39-34 24*44 18.50*39 7-11 19.40-34 11-17Der folget in dryste set fan wyt. 37-31 is better. 20.32-27 17-21 21.37-31 21*32 22.38*27 20-24 Swart kin skerper troch 22. ..12-18 23.31-26? 16-21! en op 23.42-37 18-23!, dan mar 23.42-38?23.34*14 9*20 24.33-29 20-24 25.29*20 25*14 en it spul is wer yn it lykwicht.26.39-34 3-9 27.27-21 16*27 28.31*22 12*32 29.42*22 2-7 30.36-31 7-11 31.31-27 14-20 32.34-30 20*40 33.35*44 9-14 34.43-39 5-10 35.48-42 Folle better is 35.49-43 35. ..13-19 36.44-40 15-20 37.39-34? 42-37 moat
It is daalk út nei de kombinaasje 37. …8-13! 38.22×2 11-17 39.2×11 6×3937. …10-15? 38.42-37 20-24! 39.34-29 24*33 40.40-34 33*35 41.45*5 Wyt hellet in daam, mar swart kombinearret
41. …19-23! 42.5*16 6*17 43.37-31 Lykswols rint de partij nei kamp. Mei de tuskenset 41. ..8-13 42.49-43 as 49-44 (wat oars?) en dan pas 42. ..19-24! 43.5×16 6×17 hie it krekt oars kommen. Mei de swarte skiif op 24, yn stee fan 23, hie swart twa skiven nei de daam wrotten en wûn. Aldergeloks foar Kooistra wûn hy it ‘pingel-sjitten mei FRYSK!, en helle dochs de finale.43. ..17-22 44.31-26 22-28 45.26-21 28-32 46.21-17 32-37 47.17-11 37-41 48.11-6 41-46 49.6-1 46*50
T.Wijbenga – T.Kooistra finale Fryslân Kup, Blauhús 31-3-2023
1.32-27 20-24 2.33-29 24×33 3.34×32 15-20 4.39-34 20-25 5.35×15 5×25 6.40-35 10-15 7.34-30 25×34 8.35×33 17-21 9.31-26 15-20 10.26×17 11×31 11.37×26 16-21 12.26×17 18×16 13.41-37 20-24 14.44-40 16-21 15.40-35 24-30 16.35×24 19×30 17.49-44 6-11 18.46-41 11-16 19.32-27 21×34 20.44×35 16-21 Wijbenga lit stekken falle 21.37-31 en 22.38-32 is better en wêrom 23.21-27? 21.36-31 21-26 22.35-30 12-18 23.31-27 26×28 24.38-32 7-12 25.32×23 18×29 26.30×28 13-18 27.42-38 14-20 28.37-32 12-17 29.41-37 18-23 30.28×19 20×18 31.38-33 17-21 32.43-38 21-26 33.32-28 9-14 34.28-23? 18×29 Wyt komt in hout efter en it wurdt in toer om it foarlike swarte hout werom te winnen. 35.33×24 14×34 36.37-32 8-12 37.32-27 26×28 38.38×7 1×12 39.50-44 3-9 40.44×24 9-14 41.48-42 14×34 It is no gau dien. 42.42-38 12-18 43.47-42 18-22 44.38-32
Nû.25 sw. 11, 13, 14, 16, 24, 26, 45 wyt 28, 33, 36, 42, 48-50
Nû.26 sw. 13, 14, 17, 20, 24, 26, 45 wyt 15, 32, 33, 39, 41, 48, 50
En twa nijen fan Hiele Walinga
Nû.27 sw. 4, 10, 13, 15, 19, 38 wyt 21, 24, 30, 36, 40, 42, 49
Nû.28 sw. 3, 7, 14-17 wyt 27, 30, 31, 37, 38, 44, 47
Oplossingen stjoere foar 28 april.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
Jûn kin Tsjerk Wijbenga fan Arum syn damjier hielendal slachje litte. Dan moat er yn de dam-arena ‘Sie-Sa’ te Blauhús de finale fan de Fryslân Kup winne. Hy sit tsjin klupgenoat en bekerhâlder Taeke Kooistra. Jierrenlang wie der foar him in soarte fan barrière, ‘winne fan de mearfâldich kampioen, dat kin net’. Mar it liket derop dat Wijbenga syn angstgegner no misskyn wol oan kin. Earder helle hy moaie risseltaten mei in kampioenskip yn de ‘twadde acht’en by it Fryslân Open damde hy him nei in swiere barraazje by de bêste nûmers fiif oant en mei acht. De jûns moasten se wer oantrede foar de earste omloop en waard ferspile yn it prachtige planetarium fan Eise Eisinga.
Jouke Algra – Tsjerk Wijbenga, 3-3-23 1-e omloop, masters Frjentsjer1.32-27 20-25 2.27-22 17×28 3.33×22 18×27 4.31×22 12×32 5.38×27 11-17 6.36-31 19-24 6. ..25-20 7.40×18 8×26 is goed foar swart 7.34-30 25×34 8.40×20 14×25 9.42-38 10-14 10.31-26 16×36 11.46×26 14-20 12.44-40 20-24 13.41-36 24-29 14.39×19 13×24 15.43-39 8-12 16.27-21 9-13 17.38-33? 37-31 4-10 Daalk 17. ..14-20 18.40×20 (ferpl.) 25×14 is better foar swart.18.40-34 24×44 19.49×40 13-18 No folget in al te dryste set fan wyt. 20.39-34 is better. 20.33-28 18×38 21.48×28 3-8 Swart kin skerper mei 21. ..6-11 22.39-34 8-13 23.37-31 13-18 24.28×8 7×9 25.50-44 9-14 26.34-30 25×34 27.44×4 5×3 28.40-34 10-14 29.47-42 2-7 30.21-16 6-11 Hjir liket 12-18 better. 31.16×18 12×23 32.31-27 1-6 33.42-37 14-20
Swart syn set leit foar de hân, mar wyt kin no útpakke mei 34.27-22! 23×21 35.26×17 7×47 36.34-29 47×24 37.35-30 24×35 38.45×5 mei in winnende stân.34.37-31 7-12 35.27-21 11-17 Nei 35.34-30 20×40 36.35×44 15-20 37.44-40 20-24 38.40-34 24×44 39.45×43 kin swart oars net strike as mei de skiven 3 en 15 en rint it op.36.21-16 12-18 driget 17-21 37.16-11 17-22 38.11-7 6×8 39.26-21 8-12 Wijbenga strykt it no út.40.21-16 23-28 41.34-30 20×40 42.45×34 28-33 43.34×32 22×42 44.31-26 42-47 45.36-31 47-33 46.31-27 33-6
En ek yn de twadde omloop wie Wijbenga net ûnfertúnlik. Dicky v.d. Meer – Tsjerk Wijbenga, 2-e omloop masters, Frjentsjer 4-3-20231.32-27 20-24 2.31-26 15-20 3.27-21 16×27 4.26×28 17-21 5.37-31 20-255. …11-17 is de better. 6.35×15 5×25 7.40-35 10-15 7. .. 25-30 is oanwezen.
8.28-22! 21×23 9.35-30 24×35 10.24-20 25×32 11.45×5 en nei 8. ..18×27 9.31×22 12×32 as 9. ..21×23 10.33-29 etc. wyt +1 Dus 8. ..12×32 etc. mei in bettere stân. Mar wyt nimt de kar foar in grutte slach8.35-30! 24×35 9.28-23 18×40 10.50×30 25×32 11.38×16 6×37 12.45×5 11-16 13.42×31 16-21 14.31×11 7×16 15.39-34 14-20 16.5×7 8×6 Swart hat de daam mei lyk hout wer ôfnommen. Wyt lit no syn rjochterkant sloere. Daalk 17.39-34 kin. 17.41-37 13-19 As no 18.39-34 18.44-40 20-25 19.34-29 19×39 20.40×38 is better. 20.43×34 2-8 21.37-31 8-13 22.31-26 13-19 23.46-41 9-14 En no jout 24.34-29 spul. 24.41-37 19-24 25.49-44 3-9 26.48-43 4-10 27.43-39 wie de lêste kâns. Wijbenga makket it mei in slachje út. 27.34-29 24×33 28.43×23 9-13 29.23×3 1-7 30.3×20 10×39
De problemen binne fan Stellinga-Baron
Nû.25 sw. 11, 13, 14, 16, 24, 26, 45 wyt 28, 33, 36, 42, 48-50
Nû.26 sw. 13, 14, 17, 20, 24, 26, 45 wyt 15, 32, 33, 39, 41, 48, 50
Oplossingen noch net stjoere.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
De kompetysje is mei hoarten en stjitten ta in ein kommen. Nije wike wurde op de einjûn de prizen útrikt, mar de kompetysje is net folslein útspile. Dat koe gewoan net. Om it kampioenskip stienen ferline wike Jelle Wiersma en Willem Schaap op it earste plak mei beide like folle punten, mar de twa ûnderlinge partijen fan de mannen waarden beide wûn troch Schaap. Op grûn dêrfan soe men him útroppe kinne ta kampioen. Ofrûne moandei
pakte Willem der lykwols noch in punt by dat in healtsje wêze moatten hie.
Jelle is op ‘t heden oan hûs bûn en koe net komme. Willem wie der wol en hy moast noch damje tsjin Bauke Dykstra. It waard in prachtige partij en it einige yn in stantsje dêr’t al sa’n soad dammers mei te meitsjen hân hawwe. Dyksta syn wite daam stie yn de lange hoeke op 41 en syn houtsje op 16. Willem sette dat houtsje op slach troch op 6 stean te gean. Bauke wat hastich, pakte syn daam beet en sei doe: “No ha ik it ferlern!” Hy hie gewoan it houtsje nei 11 strike moatten. Sneu foar him, mar sa as der ferline wike al skreaun is: damjen kin wreed wêze.
In bysûndere partij spilen Bauke Bos en Tineke Teigeler. Yn in prachtich einspul sette Tineke mei har daam in hout op slach. Bauke antwurde mei in plakker wêrtroch er ek in daam helle yn de lange hoeke, mar dy hielendal opsluten siet troch de wite houtsjes fan Tineke. Dêrnei like Tineke in prima streek te dwaan, mar se rûn mei har daam yn infaltsje fan Bauke dat wat
tafallich ta stân kaam.
Utslaggen: Bauke Dykstra – Willem Schaap 1 – 0; Ype Boelens – Cor Kooistra 0 – 1; Cor Kooistra – Kees Castelein 1 – 0; Tineke Teigeler – Bauke Bos 0 – 1.
De finale fan de Fryslankup giet dit jier tusken Tjerk Wijbinga (Arum) en Taeke Kooistra (Hartwerd). Tjerk fersloeg yn de heale finale Folkert Groenveld en Taeke wûn fan Marten Walinga. Taeke wie ek vorig zeizoen winaar. Tjerk sil syn uterste bêst dwan om de titel oer te nimmen. Beide mannen lid fan damklup Hartwerd sille der grif in spannende partij fan meitsje.
Ek wurd der foar alle oare dammers in toernooi frysk (5 tsjin 5) hôlden en presenteerd de dambûn it promotiefilmke fan it frys damjen.
Freedtejûn om 20.00 wurd de finale spyle yn de dam arena Siesa te Blauhús. Dus bij deze nodigd damklup de skyfkes jim alleghjear út. Oant freed.
De finale is ik live te folgjen op ús website.
De Stadige Strikers hienen der al net sa’n soad ferdúsje yn, doe’t se nei damklup Nocht en Kriich yn Aldegea – SWF ôfreisgen. Sûnder kampioen Jelle, sûnder good old Sjoerd Jan Bakker en sûnder ús twa sterke froulju soe it in hiele toer wurde tsjin it sterke Aldegea. Dochs die oan de ein fan de striid, mei in blik op de útslaggen út ferline, bliken dat dit net it grutste ferlies ea wie tsjin de mannen fan striid en nocht. Yn 2017 ferlearen se thús mei in heal tsjin acht en in heal. Rients Winia, hy is net mear ûnder ús, wie de ienige dy’t der kamp út skuorde.Dan foel de útslach fan ôfrûne moandeitejûn noch mei en kinne wy net sprekke fan in djipterekôr. De útslach waard: 5,5 – 1,5.
Bûten de striid om op it boerd wie de sfear tige gesellich. Gjin rarichheden, hoewol… It sil de útslach net beYnfloede ha, mar op in bepaald stuit gong it alarm ôf en dat gejank dat bleau in moai skoft troch sketterjen. Guon tochte nal dat it in taktyske set fan de thúsklup wie, mar dat wol de skriuwer net oan, want taktyske streken hoegden der foar Nocht en kriich net oan te pas te kommen. Doe’t dy brulboei begûn te âljen, siet de thúsklup al op fluwiel.
Dicky van der Meer wûn úteinlik fan Siebe Walinga, de lêste hat wol wakker yn de skrep west om dy janker it swijen op te lizzen. Neffens de skriuwer stie foar dat foarfal hy al op ferlies stie. Ja Dicky moat men net útpûtse fan fansels. It kampke waard nei in hiele moaie partij, dy’t de folsleine tiid op de klok yn beslach naam , berikt troch Willem Hoekstra en Cor Kooistra.
Utslach: Siebe Walinga – Dicky van der Meer 0 – 1; Henk Haanstra – Bauke Dykstra 1 – 0; Pieter Hoogterp – Ype Boelens 1 – 0; Folkert Groenveld – Willem Schaap 1 – 0; Willem Hoekstra – Cor Kooistra ½ – ½; Rein Jan Walinga – Bauke Bos 1 – 0; Gosse de Vries – Kees Castelein 1 – 0.
Twa wiken efterelkoar wie Willem Schaap net fan de partij. Hij wie net rjocht fit neffens eigen sizzen, mar moandei wie er wer paraat. It kaam wat ûngelokkich út mei it oantal dammers: in ûneven oantal. Dêrom lotten Jelle Wiersma en Willem oer wa’t fan beide tsjin twa damje moast. Dat waard Willem. Hy moast tsjin Jelle en tsjin Cor Kooistra. Op dat stuit, by it begjin fan dy twa spullen like Willem op reis te wêzen nei it klupkampioenskip, mar…
Willem hie tsjin beide mannen swart. Dan is it altiten wer ôfwachtsjen hoe’t de wytstriker begjint. Om koart te gean der kamen twa hiele ferskillende spullen op de buorden. Op tiid hoegden de mannen net te sjen. It oerwurk spile kwa tiid gjin rol, allinne waard de klok wol yndrukt om te witten wa’t oan set wie. Tsjin Jelle hie Willem de beide foarige partijen wûn, dat hy stie der gewoan prima foar. Dochs slagge it him diskear net. Hy waard mei in moaie flypflap fan it boerd reage. Doe koe er him folslein op it oare spul tasette. Dêrfan wie doe eins noch neat te sizzen. De stân wie sa’n bytsje yn it lykwicht. Geandewei de partij kaam Kooistra der wat better op te stean, mar de kop fan him moast der goed by. De wyks dêrfoar wie er noch sa sleau yn in setsje rûn en no moast er om in ferriedelik heakje tinke. It gie goed foar Kooistra en doe’t er noch in houtsje offere om nei daam ta strike te kinnen, liken syn kânsen op de sege grut. Dat like net allinne sa, de oerwinning liet er him net mear ûntglippe. Spitich foar Willem, dy’t no mooglik minder kâns hat om de kampioensbeker oer in wike as fjouwer yn ûntfangst te nimmen. Damjen kin wreed wêze!
Ferline wike waard de loftrompet blaasd foar Hennie de Haan, dy’t sterk wûn fan Tineke Teigeler. No moast se tsjin Kees Castelein. No kin dy Kees sa njonkenlytsen ek ek al in aardich streekje sette, mar dan moat er yn begjin fan de partij gjin rare fiten úthelje. Diskear gong dat prima en yn in stân fan acht om acht koe it noch alle kanten út, mar sa op it earste each liken de winst kânsen fan Kees it grutst. Yn it Frtyske spul sittte altiten in soad farianten. Dus om koart te gean: jo witte it mar noait. Mar Kees wist it wol, want hy pakte Hennie even goed oan en wûn de partij.
Utslaggen: Bauke Dykstra – Bauke Bos 1 – 0; Jelle Wiersma – Willem Schaap 1 – 0; Hennie de Haan – Kees Castelein 0 – 1; Cor Kooistra – Willem Schaap 1 – 0.