De dammers mei in rotgong troch de spullen hinne.

doorfriesdammen

De dammers mei in rotgong troch de spullen hinne.

It bart net sa faak dat de Stadige Strikers earder klear binne as it sjongkoar ferline jier en no dit jier as it korps.. Beide ferienings hawwe in fêststelde eintiid: 10 oere. De dammers ha dat net, want de partijen dy’t sa’n jûn spile wurde en de damklok, bepale de eintiid. Ofrûne moandei wienen de fiif spultsjes dy’t spile waarden foar tsienen út. Mei oare wurden: de dammers giene mei in rotgong troch de spullen hinne.

Net dat der hiel min damme waard, mar dochs hiene de Strikers wol wat mear tiid nimme moatten om alle tûkelteammen en lopen yn de spullen te ûndersykjen. Sa fersinde ús b6este dammer, Jelle Wiersma, him en rekke tsjin Dicky van der Meer in houtsje efter. De lêste stûn der nei dat kadootsje ek noch izersterk op. Van der Meer joech de winst net mear út hannen. Kees Castelein die wat in sleauwe set troch in houtsje fan de daamline te skowen dat der net wei mocht. Bauke Bos sloech fuortendaliks ta.

Willem Schaap rekke in houtsje foar, mar Ype Boeles koe dat in pear streken letter wer rjocht breidzje. Wol hie dat fan gefolgen dat syn stân der foaral net better op wurden wie. Schaap koe dat moai útpuzzelje en wûn gau de partij. De beide froulju Hennie de Haan en Tineke Teigeler makken der in moaie partij fan. Healwei hie Hennie de bêste papieren en dat boude se moai út nei in fertsjinne winst.

Sa lang as de klup bestiet en dat wie yn septimber al 41 jier sitte Sjoerd Jan Bakker en Cor Kooistra al op dizze klup. Alle jierren ha se de degens krúst. Dit jier hoege se mar ien partij, omdat Kooistra ferline jier degradearre is nei de twadde klasse. Yn de partij wie it klasseferskil net te merkbiten. Beide mannen makken gjin flaters, sieten it langst, mar wienen likegoed om kertier foar tsienen ek al út, nei’t se der remize fan makke hienen.

Utslaggen: Tineke Teigeler – Hennie de Haan 0 – 1; Jelle Wiersma – Dicky van der Meer 0 – 1; Willem Schaap – Ype Boelens 1 – 0; Bauke Bos – Kees Castelein 1 – 0; Cor Kooistra – Sjoerd Jan Bakker ½ – ½

(Tekst: C. Kooistra)

Over de auteur

friesdammen administrator