Moandeitejûn 24-10 sieten der trije Strikers te set oer in partij dy’t spile waard yn it kader fan de Fryslân Kup. De tsjinstnanners kamen efterienfolgjend út de Hommerts, Blauhûs en fan de Gaastmar. Al mei al wie der sadwaande wat mear flecht op ‘e koai as oars Foar Kees Castelein wie it in produktive jûn. Hy struts syn earste punt by-inoar.
Ien kear siet er dit jonge seisoen al hiel ticht by in puntsje. Hy stûn doe in houtsje foar tsjin Tineke. Doe ferlear er it lywols sleau. Syn houtsje foarsprong ferskiet er en hy kaam der doe ek noch ris beroerd op te stean. Moandeitejûn moast er it wer tsjin in frou opnimme: Hennie de Haan. Fan har hat er yn it ferline noch net faak wûn, mooglik noch nea. Hy damme sterk en liet him net sa mar fan streek bringe. Ek die er goeie deeglike setten. Hennie hie mooglik noch wat skerper strike kinnen, mar se soarge der mei foar dat Kees yn de einfaze tapakke koe en dat die er. Syn earste puntsje wie dêrmei binnen.
By de Fryslân-kuppers spilen Willem Schaap en Folkert Groenveld tsjin elkoar. De earste ronde. Dat dienen de oaren ek. De beide mannen dy ek wol faak de degens kruse op it ynternet en sa njonkenlytsen elkoar aardich goed kenne wat it damjen onbelanget, makken der no ek in yntressante partij fan. It gie moai lyk op en der wie net sa folle fan te sizzen oant it momint dat Folkert oan begûn te fallen troch de midden hinne. Hy striek sa mar twa houtsje nei it midden. En dat pakte goed út. Groenveld wûn en giet oer nei de twadde rûnte. Dicky van der Meer hie Marcel Altena lotte. Dat like ek in hiele moaie partij te wurden, mar dat waard it net. Marcel seach wat oer de kop en Dicky profitearre. De Blauhúster leit der dus út. Ferline jier troffen Sjouke Attema en Cor Kooistra elkoar ek yn de earste omloop. Ferline wûn Kooistra frij ienfâldich om ‘t Attema de teory net behearske en dêrtroch frij gau in houtsje efter rekke. Dit jier koe Sjouke him dus revansearje. Fan dat revâns nimmen kaam net sa folle terjochte. Hy ferfoel yn it selde spul as in jier lyn, kaam wer in houtsje efter en ferlear. Spitich foar de partij.
Utslaggen: Ype Boelens – Tineke Teigeler 1 – 0; Kees Castelein – Hennie de Haan 1 – 0; Jan Castelein – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Bauke Bos – Jelle Wiersma 0 – 1; Jelle Wiersma – Ype Boelens 1 – 0. Fryslân Kup: Folkert Groenveld – Willem Schaap 1 – 0; Dicky van der Meer – Marcel Altena 1 – 0; Sjouke Attema – Cor Kooistra 0 – 1.
(Tekst: C. Kooistra)
Over de auteur