Frjentsjer wie begjin maart it sintrum fan de Frysk-damwrâld, misskyn wol fan de hiele damwrâld. Stifting WFD koe nei de koroana wer treflik organisearje, trije dagen it Fryslân Open, oanslutend it grutmaster- en mastertoernooi en as útsetter it WK FRYSK!. Analist en âld-wrâldkampioen Alexander Schwarzman seach Folkert Groenveld en Jelle Wiersma mei 6,5 pt. boppe oan einigjen yn it Fryslân Open. Twa oare Friezen, Marten Walinga en Henk Haanstra, beselskippen harren yn de grutmasters. Dat sette útein yn de moaiste seal fan Fryslân, it planetarium fan Eise Eisinga. Dammers fan bûten ús provinsje damden har ek yn de kiker. Wat te tinken fan Auke Zijlstra fan Utert mei de WK-titel yn de einspul-fariant FRYSK! en de Tsjechyske Petra Duskova mei de moaiste kombinaasje fan it toernooi. Grutte man wie lykswols Henk Haanstra fan Aldegea-SWF. Jierrenlang damde hy krekt tsjin de top oan en no wie it einliks raak.
M.Walinga – H.Haanstra, Frjentsjer 4.3.2023, tredde omloop Grutmasters1.32-27 20-25 2.27-22 17×28 3.33×22 18×27 4.31×22 12×32 5.38×27 11-17 6.27-22 17×28 7.34-30 25×34 8.40×27 14-20 9.39-34 20-25 10.43-38 10-14 11.34-29 19×39 12.38×40 14-20 In rêstige iepening, Walinga kin der noch gjin tûkelteammen yn frisselje.13.37-31 13-19 14.31-26 19-24 15.42-37 5-10 16.47-42 9-14 Wyt besiket wat oars 17.42-38 7-11 18.37-31 8-12 19.41-37 En dan letter oanfalle mei 37-32, mar swart nimt in grutte ôfruil
19. ..11-17! 20.27×18 6-11 21.26×17 24-30 22.35×24 25×43 23.44×42 20-25 Posysjoneel bouwe yn it middenspul.24.46-41 14-20 25.40-35 20-24 26.36-31 3-8 27.31-26 8-12 28.26-21 10-14 29.41-36 14-20 30.42-37 24-30 Swart hat sa in goede hek-stelling, mar ferbrekt dy daalk ek wer. Dat kan altiid noch wol. Earst 30. ..12-18 is better. 31.35×24 25×23 32.36-31 20-25 33.37-32 12-17 34.21×12 2×42 35.48×37 1-7 It giet op in lykweardich einspul ta. 36.31-27 7-11 37.50-44 15-20 De tinktiid wurdt minder en sa komme der mindere setten en kânsen. Foar wyt is 38.45-40 better en swart hie de ôfruil 38. ..23-29 nimme moatten.38.44-39 20-24 39.37-32 4-10 Wyt hie winstkânsen nei 39.49-43 4-9 40.39-33 23-29 41.43-38. 40.49-44 25-30 41.39-33 23×43 42.44×42 30-34 43.27-22
De partij Wiersma – Groenveld wie al kamp wurden en Haanstra hie no ek oan kamp genôch foar de priis. 43. ..11-16 44.32-28 16-21! 45.45-40! 21×32 46.40×20 10×30 47.42×2 is dat, mar ek folstiet 43. ..10-14 44.22-17 11×22 45.32×12 34-40 46.45×34 24×44 47.12-7 44-50 48.7-1 50-28 49.1-6 28-46 50.42-38 14-20
Yn de fjifde omloop fan it Fryslân Open struts Tsjerk Wijbenga mei swart24. ..6-11 en ôfruilje 13-19, mar Petra Duskova helle út mei 25.24-20! 15×24 26.40-34 24×44 27.27-22 21×23 28.43-39 44×31 29.37×28Earst noch de oplossing fan it drege probleem nû.18 1.28-23 x31 2.42-38 x34 3.47-42 x32 3.x27 x22 4.42-37 etc.
Nû.21 sw. 2, 4, 6-9, 13, 35 wyt 16, 20, 24, 28, 29, 32, 41, 49
Nû.22 sw. 5-9, 17, 15, 16, 20, 25 wyt 26, 27, 34-36, 40, 41, 45, 47, 49
En twa nijen fan Stellinga-Baron
Nû.23 sw. 8, 10, 11, 13, 16, 18, 19, 26 wyt 25, 27, 32, 34-36, 40, 43
Nû.24 sw. 2, 6, 9, 10, 13, 19, 26, 29, 45 wyt 16, 17, 28, 30, 32, 36, 46, 49, 50
Oplossingen stjoere foar31 maart.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
Over de auteur