Willem Schaap wie op reis om kampioen te wurden, mar

doorfriesdammen

Willem Schaap wie op reis om kampioen te wurden, mar

Twa wiken efterelkoar wie Willem Schaap net fan de partij. Hij wie net rjocht fit neffens eigen sizzen, mar moandei wie er wer paraat. It kaam wat ûngelokkich út mei it oantal dammers: in ûneven oantal. Dêrom lotten Jelle Wiersma en Willem oer wa’t fan beide  tsjin twa damje moast. Dat waard Willem. Hy moast tsjin Jelle en tsjin Cor Kooistra. Op dat stuit, by it begjin fan dy twa spullen like Willem op reis te wêzen nei it klupkampioenskip, mar…

Willem hie tsjin beide mannen swart. Dan is it altiten wer ôfwachtsjen hoe’t de wytstriker begjint. Om koart te gean der kamen twa hiele ferskillende spullen op de buorden. Op tiid hoegden de mannen net te sjen. It oerwurk spile kwa tiid gjin rol, allinne waard de klok wol yndrukt om te witten wa’t oan set wie. Tsjin Jelle hie Willem de beide foarige partijen wûn, dat hy stie der gewoan prima foar. Dochs slagge it him diskear net. Hy waard mei in moaie flypflap fan it boerd reage. Doe koe er him folslein op it oare spul tasette. Dêrfan wie doe eins noch neat te sizzen. De stân wie sa’n bytsje yn it lykwicht. Geandewei de partij kaam Kooistra der wat better op te stean, mar de kop fan him moast der goed by. De wyks dêrfoar wie er noch sa sleau yn in setsje rûn en no moast er om in ferriedelik heakje tinke. It gie goed foar Kooistra en doe’t er noch in houtsje offere om nei daam ta strike te kinnen, liken syn kânsen op de sege grut. Dat like net allinne sa, de oerwinning liet er him net mear ûntglippe. Spitich foar Willem, dy’t no mooglik minder kâns hat om de kampioensbeker oer in wike as fjouwer yn ûntfangst te nimmen. Damjen kin wreed wêze!

Ferline wike waard de loftrompet blaasd foar Hennie de Haan, dy’t sterk wûn fan Tineke Teigeler. No moast se tsjin Kees Castelein. No kin dy Kees sa njonkenlytsen ek ek al in aardich streekje sette, mar dan moat er yn begjin fan de partij gjin rare fiten úthelje. Diskear gong dat prima en yn in stân fan acht om acht koe it noch alle kanten út, mar sa op it earste each liken de winst kânsen fan Kees it grutst. Yn it Frtyske spul sittte altiten in soad farianten. Dus om koart te gean: jo witte it mar noait. Mar Kees wist it wol, want hy pakte Hennie even goed oan en wûn de partij.

Utslaggen: Bauke Dykstra – Bauke Bos 1 – 0; Jelle Wiersma – Willem Schaap 1 – 0; Hennie de Haan – Kees Castelein 0 – 1; Cor Kooistra – Willem Schaap 1 – 0.

Over de auteur

friesdammen administrator