Rubryk 28-4-2023

doorfriesdammen

Rubryk 28-4-2023

Yn dizze lêste rubryk foar it simmerskoft omtinken foar in dammer út Brabân. Ties Slagter is dêr ien fan de bettere hoekse dammers. Hy hat him no ek talein op it Fryske Spul. Yn de koroana-tiid spile er op lidraughts hiel wat partijen en fan it maitiid kaam hy foar it earst op in toernooi yn aksje. Soks gie dat it slydjaget mei in hiel kreas 14-e plak by it Fryslân Open en in 50%  skoare. Der hie noch mear ynsitten as Slagter yn it einspul minder stekken falle litten hie. Wat it noch moaier makket is dat hy my in pear prachtige problemen stjoerde, mei de oplossingen fierderop.

probleem 1 

probleem 2 

probleem 3 

Yn de earste omloop fan it Fryslân Open hie Ties Slagter de drege Bauke Dijkstra, dy spilet yn ‘de twadde acht’!, op in hier nei te pakken. Mar doe ferbarge  de swartspiler it noch mei 54. ….14-46? 

En der folge 55.21-16! En daamslach giet foar 55. ..46×26 56.16×36 kamp De folgjende stân komt út de fjirde omloop. Slagter hie wyt en waard it hjir, nei 50.14-10, mei de Tsjechyske Petra Duskova iens dat it kamp wie. 

Soks wie in te hastich beslút. 50. ..16-21 51.10-5 28-33 52.5-41 33-38 53.41×11 38-42 (as 43) 54.11-50 wint as 50. ..28-32 51.10-5 32-38 52.5-41 16-21 53.41×11 38-42 (as 43) 54.11-50 wint 50. ..38-33 51.10-5 33-38 (sjoch earder) 51. ..33-39 52.5-41 wint  

Dan kin de einstân fan de ledderwedstriid opmakke wurde.  

1.A. de Schiffart, Wommels, 474 pt.; 

2.Tj.Smedinga, It Hearrenfean 349 pt.; 

3.K.Wiersma, Nij Beets 346 pt.; 

4.G.Tigchelaar, Ysbrechtum 297 pt.; 

5.P.Looge, Tsjummearum 283 pt.; 

6.G.IJkema, De Gaastmar 188 pt.; 

7.S.van Steinvoren, Dronryp 160 pt.; 

8.S. de Boer, Burdaard 134 pt.; 

9.J.Schilstra, Boalsert 102 pt.; 

10.F.Wiersma, Easterein 80 pt.; 

11.J.Wiersma, Wommels 72 pt.; 

12.A.Zijlstra, Utert 68 pt.; 

13.J. de Boer, Berkel en Rodenrijs 56 pt. 

14.G.Harkema, Snits 54 pt.; 

15.Sj.T.Kooistra, Boalsert 48 pt.; 

16.P.Sikma, Hartwert 44 pt.; 

17.T.Slagter, Den Bosch 16 pt.; 

18.B.Kroon, Blauhús 14 pt.; 

19.Sj.Couperus, Wommels 12 pt.; 

20.J.Reade, Manchester 8 pt.; 

probleem 1 1.24-19 2.45-40 3.37-32 

probleem 2 1.42-37 3.29-23 4.48-43 

probleem 3 1.29-24 2.33-28 3.30-24 

In goede simmer tawinske. 

Folkert Groenveld 

Riperwei 6 

8623 XH  Jutryp 

groenveldf@hotmail.com 

Over de auteur

friesdammen administrator