Takom’ jier febrewaris mei Tsjerk Wijbenga fan Arum wer oantrede yn de earste acht. Faker kaam hy werom yn dizze kampioensklasse en wa wit hellet er in eareplak. Twadde fan Fryslân wie oant no ta syn heechste. De promoasje wie oertsjûchjend. Allinne tsjin de ferrassende Frâns Kingma fan Jorwert ferpierewaaide Wijbenga him. Wylts it him op de Hartwerter klup al sa faak sein is: ‘Efterstrike kin net!’ Nei 27. … 5-10 28.50-44 16-21 29. 26×17 7×38 30.39×37 kaam swartspiler Wijbenga mei de efterstreek 30. 25-30??
Kingma pakte it kadootsje út mei 31.40-34 (39-34 koe ek noch) 30×26 32.35-30 en doe wie it gau dien. Alle oare spullen sette Wijbenga om yn winst. Ek de partij fan de slotrûnte tsjin Pieter Hoogterp fan De Gaastmar. Beiden wienen al wis fan promoasje.
T.Wijbenga – P.Hoogterp, 7-e omloop PK 2-e acht, De Gaastmar, 11-2-2023 1.32-27 17-21 2.31-26 21×32 3.33×31 16-21 4.26×17 18×16 5.34-30 19-24 5.31-26 as 38-32 en gjin ôfruil 6.30×19 9×29 7.39×19 13×24 8.38-32 20-25 9.31-26 14-20 10.32-27 12-17 11.43-39 24-30 12.35×24 20×29 13.39×19 25-30 14.40×20 15×13 15.37-31 17×37 16.41×32 16-21 17.26×17 7×38 18.42×33 13-19 Sa giet it al gau op in lykweardich middenspul ta. Mei hoeden strike om de posysje. 19.44-40 3-9 20.33-29 19×39 21.40×38 11-16 22.38-32 9-14 23.32-27 8-12 24.49-44 14-20 25.44-40 10-15 26.46-41 20-25 27.48-43 5-10 28.43-39 15-20 29.39-34 1-7 30.31-26 10-15 De spilers komme elkoar wer ‘op ‘e lea’. 31.27-21 16×27 32.26×28 7-11 33.36-31 11-16 34.28-22 12×32 35.31×33 Wyt hat twa kear ferrassend oerdwers ôfruile 35. ..16-21 36.33-28 20-24 37.34×14 4×24 38.40-34 24×44 39.45×43 2-8 It giet hurd op it einspul ta. 40.41-37 15-20 41.43-39 25-30 42.28-23 41. ..20-24 is folle better. Wyt beset no it sintrum. 42. ..8-12 43.37-31 21×41 44.47×36 12-17 45.36-31 17-21 46.31×11 6×17 47.50-44?
Swart lit de kâns op kamp slûpe. 47. ..20-24! 48.23×34 17-21 49.34-30 21-27 50.30-25 27-31 51.25-20 31-37 52.20-14 37-42 53.14-10 42-48 47. ..30-35? 48.39-33 17-21 No 48. ..20-24 ferliest. Wyt sil mei de daam de lange line besette en de houten steane goed. 49.23-18 21-26 50.18-12 26-31 51.12-7 31-37 52.7-1 37-41 52. ..37-42 53.1-45 42-48! 54.45×29 (45×24 is kamp om 48-39) 48-31 55.33-28 jout mear tsjinspul. 53.1-45 20-25 54.33-28 41-46 55.28-22 46-10 56.22-17 10-28 57.17-12 28×50 58.12-8 50-39 59.8-3 39-48 60.3-20 25×14 61.45×50
Fjouwer problemen fan Ties Slagter.
Nû.1 sw. 1, 3, 7, 9, 14, 17, 22, 25, 30 wyt 26, 28, 29, 36-39, 48, 50
Nû.2 sw. 2, 4, 7, 10, 15, 16, 18, 20, 40 wyt 27, 32, 33, 38, 41-43, 47, 49
Nû. 3 sw. 2, 4, 6-10 wyt 16, 18, 26, 27, 33, 37, 43
Nû. 4 sw. 3, 6, 10, 14, 16, 20, 25, 30 wyt 17, 22, 23, 26-28, 44, 47
Oplossingen stjoere foar 3 novimber.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
Over de auteur