Op freedtejûn 1 desimber wie de boppeseal fan kafee “Het Wapen van Baarderadeel” yn Jorwert it striidtoaniel fan it miniklupkampioenskip. It wie dêr gesellich fol. Mar leafst tsien ploegen diene mei; Aldegea, Skearnegoutum en it pleatslike OKK hiene sels twa ploegen ôffurdige. Dat makke dus dat der 40 man efter de buorden kamen. It aldermoaiste wie fansels dat alle klups fertsjintwurdige wiene.
Tradysjoneel waard it kampioenskip yn twa klasse ferdamme: beide telden 5 ploegen. Dat betsjutte foar elke ploech dat der ien omloop wie dat der tsjin in tsjinstanner út ‘e oare klasse spile wurde moast. De Gaastmar wie promovearre nei de heechste groep. Dêr sieten fierder yn Hartwert, Aldegea I, Jorwert I en Skearnegoutum I. De Skearnegoutumers ha in bytsje in abonnemint op dit klupkampioenskip yn it fluchdamjen, mar ferline jier hiene se de eare oerlitte moatten oan Hartwert. De twadde klasse waard befolke troch de twadde tiims fan Aldegea, Jorwert en Skearnegoutum. Mar ek troch Blauhús, mei in ploech dy’t yn ‘e bridte sterk wie, en Lollum, dat net allinne Marten Walinga opsteld hie mar ek Foeke Tiemensma. De lêste skynt foarsichtich wer wat oan it Frysk damjen te snuven, en dêr kin it Fryske damwrâldsje allinne mar bliid om wêze.
Kampioen Hartwert hie it dreech, miskien ek omdat it krekt wat minder sterke dammers opsteld hie as ferline jier? Hoe dan ek, der koe mar ien oerwinning oantekene wurde, tsjin De Gaastmar. Tsjin Skearnegoutum en Jorwert waard it in lykspul, en de ploech ferlear fan Aldegea en Lollum. Mei twa punten gjin priis dus foar Hartwert. Oars ek net foar Jorwert, dat op 3 punten útkaam omdat it wol wûn fan in twaddeklasser. Werby’t Jorwert fansels it gelok hie dat Aldegea II ek wat minder sterk wie as Lollum. Nee, de striid om it kampioenskip gong dit jier tusken Aldegea en Skearnegoutum. It moaie wie dat dy beide ploegen pas yn ‘e lêste omloop tsjininoar moasten. By it yngean hie Aldegea in heal puntsje mear, tanksij oerwinnings op Hartwert, Skearnegoutum II en De Gaastmar en in lykspul tsjin Jorwert. Mar doe’t it der op oan kaam, koene de Aldegeasters it krekt net bolwurkje, ek al skeelde it mei in ferlies fan 1,5 tsjin 2,5 ek mar neat. Likegoed fansels in hiele knappe prestaasje fan de Skearnegoutumers, namstemear omdat se har sterkste man Jelle Wiersma troch sykte ek noch misse moasten. En promovendus De Gaastmar? Dat ferlear alles, al krige it tanksij Jorwert II noch al ien lytse treastoerwinning.
Yn ‘e twadde klasse wiene de ferskillen grut tusken de twadde tiims fan klups oan ‘e iene kant en Lollum en Blauhús oan ‘e oare. Dêrom wie it namste knapper dat Aldegea II tsjin Lollum dochs noch in lykspul út it fjoer sleepte. Mar fierders joech foaral de ûnderlinge moeting hjir de trochslach. Dy wûn Blauhús oars ek mar wer mei it lytst mooglike ferskil. Mar sa kamen de Blauhústers wol op 4,5 punt út, ien mear as Lollum, dat dêrmei de twadde priis wûn. De twadde tiims wûnen fierder alle trije ien kear fan inoar, mar tanksij Aldegea syn stunt tsjin Lollum besetten sij mei oardel punt dochs noch it tredde plak.
Utslaggen
Omloop I: De Gaastmar – Skearnegoutum I 0-4; Aldegea I – Jorwert I 2-2; Hartwert – Lollum 1,5-2,5; Jorwert II – Blauhús 1,5-2,5; Skearnegoutum II – Aldegea II 3-1.
Omloop II: Hartwert – Aldegea I 1,5-2,5; Jorwert I – De Gaastmar 2,5-1,5; Skeaernegoutum I – Blauhús 2-2; Lollum – Skearnegoutum II 3-1; Aldegea II – Jorwert II 3,5-0,5.
Omloop III: Skearnegoutum I – Jorwert I 3-1; De Gaastmar – Hartwert 1-3; Aldegea I – Skearnegoutum II 3-1; Blauhús – Aldegea II 3-1; Jorwert II – Lollum 1-3.
Omloop IV: Hartwert – Skearnegoutum I 2-2; Aldegea I – De Gaastmar 3-1; Jorwert I – Aldegea II 3-1; Lollum – Blauhús 1,5-2,5; Skearnegoutum II – Jorwert II 1-3.
Omloop V: Skearnegoutum I – Aldegea I 2,5-1,5; Jorwert I – Hartwert 2-2; De Gaastmar – Jorwert II 3-1; Blauhús – Skearnegoutum II 3-1; Aldegea II – Lollum 2-2.
Einstannen (mei tusken heakjes it tal buordpunten)
earste klasse:
Skearnegoutum I 4 (13,5)
Aldegea I 3,5 (12)
Jorwert I 3 (10,5)
Hartwert 2 (10)
De Gaastmar 1 (6,5)
twadde klasse:
Blauhús 4,5 (13)
Lollum 3,5 (12)
Aldegea II 1,5 (8,5)
Jorwert II 1 (7)
Skearnegoutum II 1 (7)
Over de auteur