It is in aardichheid dat it fiif tsjin fiif al sa lang yn Skearnegoutum bestiet. Tsjintwurdich hat dat spultsje de namme Frysk krigen en no wurdt it wat offisjeler brûkt en wurde der sels kampioenskippen fan holden. It bliuwt in moai einspul en de Stadige Strikers ha der altiten noch aardichheid oan. Al fjirtich jier…
Mar ek it damjen op it skaakboerd is op sokke jûnen in útdaging. No damje de measte minsken op de wrâld op it lytse boerd of te wol it skaakboerd. It Fryske spul en it oerhoekse, it ynternasjonale spul, wurdt spile op it grutte boerd. Tsjalling Goedemoed, silger, brûkte yn syn lesmetoade Frysk Spul ek it lytse boerd. Dat hat fierders net sa bot oanslein, mar it is fansels wol folle oersichtliker foar de bern. De Strikers ha har der moandeitejûn wer bot mei fernuvere. En dan fansels noch it earst kwyt. Dat is in fariant dy’t guon út de pinne behearskje. As men yn it begjin de iene nei de oare fuort jaan kin, wol dat noch net sizze dat jo de winst foar it gripen ha. It komt allegearre ferhipte krekt. Faoral as der ek noch in daam yn it spul komt. It binne fan dy spultsjes dêr’t elk wol wer sin oan hat. It giet lekker rap, want der moat ek noch in gewoan spul ferspile wurde en al dy fjouwer ferskillende spullen moatte yn tweintich minuten elk ferspile wêze.
Al mei al ha de Strikers wer in hiele gesellige spultsjejûn belibbe. De spilers wienen yn twa groepen yndield en de útslaggen seagen der sa út: groep 1: ! Willem Schaap; 2 Cor Kooistra; 3 Sjoerd Jan Bakker; 4 Ype Boelens; 5 Dicky van der Meer. Groep 2: 1 Tineke Teigeler en Bauke Bos; 3 Kees Castelein; 4 Jan Castelein. Jim kinne it fierders ek noch nei lêze op facebook Damklup de Stadige Strikers.
CK
Over de auteur