Ofrûne sneon wienen de Stadige Strikers der al hieldal op ynsteld dat se nei ûnderen gean soenen. Se stienen doe op dat stuit mei 4 – 3 efter en it like der net op dat de partij dy’t noch siet in hiele punt op leverje soe. In healtsje dat wol, mar dat wie net genôch. Grut wie dan ek de ûntlading doe’t ús dammer nei in fout fan de tsjinstanner noch de hele punt der út sleepte. Moandeitejûn waard der yn in hiele lytse groep noch oer nei praten: fan degradant nei it tredde plak.
Ja somtiden dan geane partijen oars as men ferwachtet. Dat wie foaral sa yn de partij tusken Sjoerd Jan Bakker en Cor Kooistra. De lêste iepene wol hiel oars as gewoanwei, mar dêr kaam er goed út. Allinnich hat er nei dy iepening tocht dat de gefaren geweken wienen. Hy seach dan ek hielendal neat fan de bedoelingen fan Bakker. Dy hie der in moai klassyk loopke yn breide en dêr rûn de foarsitter mei iepen eagen yn. De stân wie doe noch gelyk, mar de partij wie ferlern.
Ype Boelens joech Jan Castelein damles. Hy die dat nei’t er foar kommen wie en de partij yn syn foardiel beslist hie. Bauke Bos kaam yn de partij tsjin Willem Schaap yn de iepening al in houtsje efter en dan witte jo it wol. Willem siet tagelyk ek tsjin Kees Castelein te damjen. Kees krige krekt as syn heit ek damles. It wie al in aardichheid hoe’t dy Casteleinen de foefkes en trúkjes har eigen besochten te meitsjen.
Utslaggen: Ype Boelens – Jan Castelein 1 – 0; Cor Kooistra – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Willem Schaap – Bauke Bos 1 – 0; Willem Schaap – Kees Castelein 1 – 0.
(Tekst: CK)
Over de auteur