Marten Walinga noch oan kop by Frysk damjen

doorfriesdammen

Marten Walinga noch oan kop by Frysk damjen

1 / 2
Marten Walinga noch oan kop by Frysk damjen


LOLLUM – Even liek it der sneon yn Lollum op dat it persoanlik kampioenskip yn it Frysk damjen al beslikke wie. Marten Walinga hie him tiisdeitejûn nei de tredde omloop allinnich oan kop set, en yn ‘e fjirde omloop wierre him ek alles mei. Sels wûn er fan syn broer Siebe. Dat wie foaral in kwestje fan stûf folhâlden; it wie al foar de twadde kear yn dit kampioenskip dat de Waaksenser in einspul fan elkmis in daam en in hout dochs winnend ôfsleat.

De konkurrinsje hie ûnderwilens al wer allegearre stekken falle litten, nota bene tsjin leger pleatste spilers. Jelle Wiersma kaam tsjin reade lantearnedrager Tsjerk Wijbenga net fierder as kamp, en Taeke Kooistra helle inselde resultaat tsjin Pieter Hoogterp. Henk Haanstra ferlear sels fan Hein de Vries. It kaam der op del dat Marten Walinga op dat stuit mar leafst oardel punt foarsprong hie op in peloton fan fiif, dat it mei it trochsneedtal fan 2 punten dwaan moast.
En dochs kaam alles wer op ‘e kop te stean. Miskien kaam it omdat nei de lange bruorrestriid by Walinga de wurgens tasloech, mar de grutske koprinder krige mar gjin fet op it spul fan Hein de Vries. De Ljouwerter stie oan syn rjochterkant op trochbrekken, en al hoe’t Walinga ek tsjinaksele, der wie gjin ferwin mear op.
En de konkurrinsje? Dy wist no dat de bûter jild jilde moast. Taeke Kooistra sette Tsjerk Wijbenga in prachtige daamslach foar de noas. Dy fan Jelle Wiersma tsjin Pieter Hoogterp wie noch moaier, ek al frege dat noch wol om sekuer fierder spyljen. It dreechste hie Henk Haanstra it, mar hy krige Siebe Walinga lang om let dochs op ‘e knibbels. Om koart te kriemen, Marten Walinga hat noch altyd in foarsprong, mar dy is sa minimaal dat foar itselde jild ien fan syn fjouwer efterfolgers oare wike yn Hartwert de kampioenskroan op ‘e holle sette kin.
Yn ‘e twadde acht wie it in grutte dei foar de pleatslike favoryt Liuwe Westra. Hy wûn twa kear, en naam dêrmei de kop oer fan Bernard Kroon, dy’t net fierder kaam as ien kampspul. Yn ‘e tredde acht bewize de beide feteranen Cor Kooistra en Kees Tijssen dat ûnderfining mooglike slytaazje fan ‘e grize sellen maklik kompinsearje kin. Se steane teminsten boppeoan, en hawwe grutte kâns dat se takom’ jier wer meidwaan meie yn ‘e twadde acht.
 
 
Utslaggen en stannen

Kampioensklasse, fjirde omloop: Tsjerk Wijbenga (Arum) – Jelle Wiersma (Wommels) 0,5-0,5; Pieter Hoogterp (De Gaastmar) – Taeke Kooistra (Hartwert) 0,5-0,5; Siebe Walinga (Aldegea-SWF) – Marten Walinga (Waaksens) 0-1; Hein de Vries (Ljouwert) – Henk Haanstra (Aldegea-SWF) 1-0.
Fiifde omloop: Wiersma – Hoogterp 1-0; Kooistra – Wijbenga 1-0; M. Walinga – De Vries 0-1; Haanstra – S. Walinga 1-0.
Stân: M. Walinga 3,5; De Vries, Wiersma, Kooistra en Haanstra 3; S. Walinga 2; Hoogterp 1,5; Wijbenga 1.

Fjirde omloop: Willem Schaap (Jirnsum) – Folkert Groenveld (Jutryp) 1-0; Fedde Wiersma (Easterein) – Dicky van der Meer (Terherne) 0-1; Liuwe Westra (Lollum) – Bauke Dykstra (De Tynje) 1-0; Bernard Kroon (Blauhús) – Frans Kingma (Jorwert) 0,5-0,5.
Fyfde omloop: Groenveld – Wiersma 1-0; Van der Meer – Schaap 0-1; Dykstra – Kroon 1-0; Kingma – Westra 0-1.
Stân: Westra 4; Schaap 3,5; Groenveld en Kroon 3; Van der Meer en Wiersma 2; Dykstra 1,5; Kingma 1.

Fjirde omloop: Cor Kooistra (Nijlân) – Willem Hoekstra (Aldegea-SWF) 0,5-0,5; Malte Schulz (Hamburg) – Hidde de Vries (Langsweagen) 0,5-0,5; Siebren Dyk (Jorwert) – Klaas Wiersma (Nijbeets) 0-1; Kees Tijssen (Reduzum) – Ype Boelens (Menaam) 1-0.
Fyfde omloop: Hoekstra – Schulz 0-1; De Vries – Kooistra 0-1; Wiersma – Tijssen 0-1; Boelens  – Dyk 0,5-0,5.


Over de auteur

friesdammen administrator