Friezen yn eigen damfariant oan kop

doorfriesdammen

Friezen yn eigen damfariant oan kop

Ynternasjonaal damtoernoai Fryslân Iepen te Frentsjer – dei 1

FRJENTSJER – Yn it juster fan start giene ynternasjonale damtoernoai Fryslân Iepen lykje de Friezen dochs noch altyd de measte sjoege te hawwen fan it Frysk damjen. Nei trije omlopen binne allinnich Jelle Wiersma fan Wommels, Taeke Kooistra fan Hartwert en de pleatslike favoryt Foeke Tiemensma noch sûnder punteferlies. Benammen fan Tiemensma mei dat in ferrassing neamd wurde. De Frjentsjerter hat al in tal jierren it Frysk damjen op in sêft sin set, mar it die bliken, hy wie it spul noch net ferleard. De Belch Renaud Braye wie yn de earste omloop as ’t treft noch net de dreechste tsjinstanner, mar de oerwinning op Hein de Vries dêrnei mocht der wêze, en Tiemensma makke yn de tredde omloop ek Cor Kooistra lytsman.

Dat Taeke Kooistra en Jelle Wiersma har ek oan kop nestelen, lei mear yn de line fan de ferwachting. Beide hawwe de ôfrûne desennia ommers mei izeren hân oer it Frysk damjen regearre. Benammen Wiersma hie in drege lotting, al foel dy yn de earste omloop tsjin Porter Richardson dan noch wol ta. Mar yn de twadde omloop moast er dêrnei fuortendaliks oantrede tsjin it damkanon Marten Walinga. Dy wist hy mei strategysk spul te ferslaan, en dat werhelle him dêrnei tsjin Henk Haanstra. De winner fan ferline jier begûn dus mei in falske start, mar dêrnei moast er yn de twadde omloop tsjin de Brabanner Ties Slagter ek al in heal punt lizze litte.

Taeke Kooistra die ek wêr ‘t er goed yn is: winne. Yn de earste omloop wie de Litouwer Aleksej Domchev it slachtoffer, en Dicky van der Meer koe yn de twadde omloop ek net tsjin him út. Dêrnei wie Kooistra ek te sterk foar Fedde Kramer. Mei Kramer is ien fan de net-Friezen neamd dy ‘t wol deeglik ferrassend út de hoeke kamen. De Grinzer wûn yn de earste twa omlopen nammentlik fan Tsjerk Wijbenga en fan de Poal Łukasz Kosobudski. Ek de Uterter Auke Zijlstra stiet nei oerwinningen op Tsjerk Wijbenga en Marten Walinga al op twa punten. Benammen it lêste resultaat mei der wêze, ek al liket it der op dat Walinga mei mar ien punt net yn syn bêste foarm stekt.

Hjoed sette de 24 dielnimmers út fiif lannen yn Frjentsjer de striid troch, yn it sfearrike dekor fan twa histoaryske sylskippen. De acht heechstklassearre dammers kwalifisearje har foar de finale dy ‘t kommende freed en sneon ôfwikkele wurdt, ek yn Frjentsjer.

De earste set troch Elbrich Bruinsma oan it boerd fan ’e Frjentsjerter Foeke Tiemensma
(Foto Stifting WFD)
De Tsjechyske Petra Dušková tsjin Aleksej Domchev út Litouwen
(Foto Stifting WFD)

**STREAMING**

Twitch: https://www.twitch.tv/checkersonlinetv

YouTube: https://www.youtube.com/channel/UC6QAafD28ps9NZJGabgcYMg (all streams by Damian Reszka; offering each day a separate item on Fryslân Open 2024)

www.frisiandraughts.com -> LIVE ** Games with analysis mode:
www.lidraughts.org -> Watch -> Broadcast

** Standings and results:
https://toernooibase.kndb.nl/ (look up the tournament in the tournament list (‘Alle toernooien’ -> Frysk Spul -> Fryslân Open 2024, and then select ‘Alle uitslagen’ )
** General information and earlier press releases:
www.frisiandraughts.com -> Tournaments -> Fryslân Open -> FO-2024

Over de auteur

friesdammen administrator