Jelle Wiersma wrâldkampioen FRYSK!

doorfriesdammen

Jelle Wiersma wrâldkampioen FRYSK!

Ynternasjonaal damtoernoai Fryslân Iepen te Frentsjer – dei 5

FRJENTSJER – As ûnderdiel fan it toernoai Fryslân Open waard yn Frjentsjer ôfrûne wykein ek it wrâldkampioenskip FRYSK! organisearre. Op sneon wie der in kwalifikaasjetoernoai. De bêste spilers dêrfan en de heechstpleatsten fan it reguliere toernoai mochten snein yn it âlde stedhûs fan Frjentsjer meidwaan oan de finale. Dy waard by einsluten wûn troch Jelle Wiersma fan Wommels, nei in beslissingswedstriid tsjin Taeke Kooistra.

FRYSK! folget de spulregels fan it Frysk damjen, mar in partij begjint net mei 20 skiven, mar mei 5, dy ‘t earst allegearre oan de basisline opsteld stean. Likegoed is de kâns op kamp noch altyd lyts. It kampioenskip wie foaral in wedstriid stuorkewikseljen. Nei fjouwer omlpen stie Kooistra noch boppe-oan, folge troch in peloton fan fjouwer: Marten Walinga, Tsjerk Wijbenga, Jelle Wiersma en de Litouwer Aleksej Domchev. Dêrnei ferlear Kooistra fan Domchev, en naam dy syn plak as koprinner yn omdat de oaren allegear kampspilen. Mar Domchev ferlear yn de sechsde omlop wer fan Walinga. Dy kaam op syn bar oan kop, mei Jelle Wiersma, dy ‘t Wijbenga fersloech. Yn de lêste omloop liet Walinga it lykwols hielendal sitte tsjin de stadich omheechklommen Italiaanske kampioen Andrea Peirano, mar Wiersma kaam tsjin Hein de Vries ek net fierder as in lykspul. Hy bleau dêrmei wol oan kop, mar moast no Taeke Kooistra neist him ferneare, dy’t yn de lêste omloop Henk Haanstra fan him ôfskodde hie. Der wie dus in barraazje nedich. Wiersma wûn in skiif en nei de nedige druk ek de partij, ûnder tafersjoch fan in hage fan taskôgers, ûnder wa ek de Fryske kommissaris fan de Kening Arno Brok. Dy hold as ôfsluting fan it toernoai in koarte taspraak, wêryn ‘t er it Frysk Damjen priizge as ien fan de pearels fan de Fryske kultuer, wêrnei ‘t er de ferskate winners har prizen oerlange.

Einútslach WK FRYSK!

1 Jelle Wiersma, 5 p. + 1
2 Taeke Kooistra, 5 p. + 0
3 -5 Aleksej Domchev, Marten Walinga, Hein de Vries, 4,5 p.
6 Andrea Peirano, 4 p.
7 -10 Henk Haanstra, Foeke Tiemensma, Porter Richardson, Willem Schaap, 3,5 p.
11 Tsjerk Wijbenga, 3 p.
12-14 Yassin Ghodbhani, Łukasz Kosobudzkim Petra Dušková, 2,5 p.
15-16 Teije Stor, Renaud Braye, 2 p.

De barraazje tusken Jelle Wiersma (l.) en Taeke Kooistra ûnder tafersjoch fan kommissaris Arno Brok (Foto Stifting WFD)
De beide toernoaiwinners Jelle Wiersma (l.) en Foeke Tiemensma (Foto Stifting WFD)

Over de auteur

friesdammen administrator