Spikerhurde striid om finaleplak yn WK Frysk Damjen yn Harns

doorfriesdammen

Spikerhurde striid om finaleplak yn WK Frysk Damjen yn Harns

Moandeitejûn 19 en tiisdei 20 augustus wie de spanning om te snijen yn de riedseal fan it Harnzer stedhûs. Jelle Wiersma hie him al fersekere fan in finaleplak. Teake Kooistra moast it noch tsjin him opnimme, en hy wûn troch in feninich slachsetsje. Dêrmei wiene der al twa finalisten. Mar wa soene de oare beiden wurde? Yn teory wiene der mar leafst 8 kânshawwers, mar it tal belytse hurd. Lukasz Kosobudzki en Folkert Groenveld waarden útskeakele troch resp. Marten Walinga en Fedde Kramer, en dy twa makken no in goede kâns mei harren 4,5 punt. Spilers dy’t net fierder komme koene as 4 wiene no ek útskeakele. Mar Ties Slagter koe noch gelyk komme mei Kramer en Walinga, en hoegde dêrfoar allinnich de jongfeint Siward Walinga (0 punten) te ferslaan. Mar rûn net sa glêd fan ’e tried. Walinga jr. boude in hiel deeglik spul op, en fan it lette middenspul ôf wikselen de kânsen geduerich. Beide lieten se geregeld in fuortsetting nei winst lizze, en by einsluten like it spul op kamp út te rinnen. Mar Siward Walinga moast dan wol in lestich te finen offer spylje, folge troch in plakker, en dat die bliken tefolle te wêzen. Op it lêst rekken syn setten op en wûn Ties Slagter de partij.

Dêrmei wiene der fiif kandidaten foar de finale, dêr’t noch ien fan ôffalle moast. Dêrta spilen Marten Walinga, Ties Slagter en Fedde Kramer tiisdei 20 augustus in barraazje, hieltyd mei de helte fan de normale tinktiid, mar altyd noch goed foar twa oeren de partij. Yn de earste partij besocht Slagter definsyf te spyljen tsjin Walinga, mar hy krige in lestich gambyt foarset: in skiif foardiel yn in lestige stelling. It slagge him net om dêrút te kommen, en de ien fan it liet wie, hy waard fan it boerd reage.

Slagter hie lykwols gelok tsjin Kramer. Yn it middenspul seach dy de mooglikheid fan in skitterjende kombinaasje, mar doe’t er dizze útfiere soe, seach er ien detail oer de holle. Dat koste him in stikmannich skiven en frij rap dêrnei de partij.

Om noch hieltyd kâns te meitsjen moast Kramer no wol winne fan Walinga, mar dat foel net ta. Yn in op himsels lykwichtich ferrinnend spul seach er te let, dat syn linkerkant opsletten waard troch in minderheid fan syn tsjinstanner. Hy koe no kieze tusken domwei skiven jaan sûnder kompensaasje of in winnende kombinaasje tastean. Hy die it lêste, en sa sloech Walinga himsels oertsjûgjend yn de pûl foar de finale.

De finalisten binne dus: Jelle Wiersma, Teake Kooistra, Marten Walinga, Ties Slagter. Hja moatte elk twa kear tsjin alle oaren spylje. De earste partijen begjinne woansdei 21 augustus om 10 oere.

Einstân foaromlopen:

1-2 Jelle Wiersma, Taeke Kooistra (5,5 p.)

3-4 Marten Walinga, Ties Slagter (4,5 p.)

5 Fedde Kramer (4,5 p.)

6-9 Folkert Groenveld, Willem Schaap, Lukasz Kosobudzki, Hein de Vries (4 p.)

10 Petra Dusková (3,5 p.)

11-12 Dicky van der Meer, Auke Zijlstra (3 p.)

13-14 Porter Richardson, Aleksej Domcev (2,5 p.)

15 Malte Schulz (1 p.)

16 Siward Walinga (0 p.)

Spylskema woansdei 21 augustus 2024

Taeke Kooistra – Marten Walinga

Ties Slagter – Jelle Wiersma

Marten Walinga – Taeke Kooistra

Jelle Wiersma – Ties Slagter

Om 10.15 oere is der op ’e Bartentszwerf in iepen publykstoernoai foar elk dy’t wol yn ’e fariant FRYSK!: Frysk Damjen mei 5 skiven de spiler.

Marten Walinga (l), Ties Slagter (foto Stifting WFD)
Ties Slagter (l), Fedde Kramer (foto Stifting WFD
Fedde Kramer (l), Marten Walinga (foto Stifting WFD)

Over de auteur

friesdammen administrator