Om de hiele ploech by-in-oar te krijen falt noch net ta.

doorfriesdammen

Om de hiele ploech by-in-oar te krijen falt noch net ta.

As jo net mei sa’n soad dammers binne en der komme op in jûn sa as moandei lêstlyn nflouwer spilers net, dan sit der wol in hiel lyts groepke te damjen. Acht Stadige Strikers besochten om it punt of heale punt mei nei hûs te nimmen.

Wa dat as earste slagge, wie Jelle Wiersma. Hy fersloech mei in moaie flypflap foarsitter Cor Kooistra. De stân wie sadanich dat der wol muzyk yn siet. Foar Jelle wie dat feest en foar Cor treurmuzyk. Sa treurich wie dat no ek net wer, want it spul stie midden op it boerd. It like sa dat it alle kanten útgean koe. Jelle wist krekt de foar him foardielige kant te pakken.

De partij tusken Hennie de Haan en Sjoerd Jan Bakker gie moai gelyk op. Nei it middenspul wist Hennie it net mear en die in ferkearde streek. Dat wie ek fuort de ein fan it lietsje.

Dicky van der Meer en Bauke Bos dienen langer oer de partij. Doe’t Dicky mei in moai slachje in houtsje foar kaam, wie it eins gebeurd mei de man út Sint Nyk. Hy joech it no net fuortendaliks oer, mar mei ien hout efter hied er eins gjin kâns mear.De partij fan de jûn waard spile troch Willem Schaap en Ype Boelens. Der like sa op it earste each sa healwei de partij net folle fan te sizzen wa’t der as oerwinner út de striid komme soe. Mooglik hie Ype it gefaar fan trochbrekken nei de daamline troch Willem wat te let yn de smizen. Hoewol der moat sein wurde dat Schaap wol fakkundich te wurk gie. Doe’t hy dy wolf hie koe Ype de bakker en de slachter wol ôfsizze.

Utslaggen: Dicky – Bauke Bos 1 – 0; Hennie de Haan – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Ype Boelens – Willem Schaap 0 – 1; Cor Kooistra – Jelle Wiersma 0 – 1.

(Tekst: C. Kooistra)

Over de auteur

friesdammen administrator