It komt hast nea foar dat der gjin froulju meidogge op de damjûnen fan de Strikers.

doorfriesdammen

It komt hast nea foar dat der gjin froulju meidogge op de damjûnen fan de Strikers.

C. KOOISTRA

Alle kearen is it wer in lust dat der safolle dammers en damsters nei it
Swettehûs komme om harren potsje te damjen foar de kompetysje. Beide
froulju wienen ek fan de partij en dat is moai, nee hartstikkene moai. Wy
leauwe net dat der mear klups binne dêr’t ek froulju oan harren kompetysje meidogge. De Strikers binne der fansels wakker grutsk op dat it by harren wol it gefal is.

Moandeitejûn moast Tineke Teigeler tsjin Jelle Wiersma en dan witte jo yn it foar wol dat soks gjin probleem foar Jelle wêze sil. Sa wi e dat no ek, mar wat opfoel wie dat Tineke en Jelle der wakker nocht yn hienen, yn dat spultsje. Ek yn it neidamjen kamen alle mooglikheden noch even oan bod.

Hennie de Haan moast it opnimme tsjin Bauke Bos. De resultaten út it ferline binne gjin garânsje foar de útslach fan no. Gewoanwei wie dizze striid tusken De Haan en Bos altiten in spannende oangelegenheid. En moandeitejûn like it der op dat it wer sa’n potsje wurde soe. Nee dus. Bauke dy’t aardich yn it damfel sit, kaam ridlik gau in houtsje foar. Doe wie der eins foar Hennie gjin salve mear oan te striken en ferlear se.

De partij tusken Sjoerd Jan Bakker en Jan Castelein wie fan in oare oarder. De partij rûn prachtich lyk op en der wie oant in stân mei elk seis houtsjes op it boerd noch neat fan te sizzen. It waard ek fiif om fiif en doe kaam de yn it damsâlt bebiten Bakker der krekt even better út en hy wûn op de set ôf.

Dicky van der Meer en Cor Kooistra spilen ek in tige nijsgjirrige partij. De stân wie op in bepaald stuit sadanich dat Kooistra mei ien hout efterstân op daam komme koe. Dat stantsje bleau in hele tiitd yn stân. Beide dammers seagen dat wol, mar seinen fansels neat. Nei noch in setmannich besocht Kooistra dochs mei de behelle daam op winst te kommen. Mar sa maklik wie dat net. It einspul waard noch wakker moai en spannend. De winst siet der foar beide net mear yn en sa koenen se elkoar lokwinskje mei kamp.

Utslaggen. Jelle Wiersma – Tineke Teigeler 1 – 0; Hennie de Haan – Bauke Bos 0 – 1; Jan Castelein – Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Dicky van der Meer – Cor Kooistra ½ – ½.

Over de auteur

friesdammen administrator