Yn de partijen foar de Fryslân Kup wurdt ornaris krekt wat mear striid bean as yn gewoane kompetysjespullen. Dat seagen de Strikers moandeitejûn ek wer. By de Stadige Strikers wie Hein de Vries fan de Hartwerter klup oanskood. Hy moast it opnimme tsjin Dicky van der Meer.
Njonken it damgeweld foar de Kup waard der ek in hiele moaie partij spile
tusken Bauke Dykstra en Willem Schaap. De beide hearen makken der in
prachtige partij fan en it like frij gelyk op te gean, mar yn it middenspul hie
Willem de kâns om in houtsje ta daam te promofearjen. Dat stelde er noch in pear streken út en doe sloech er ta. Foar Bauke wie doe de lol der ôf. In
fatsoenlike en goeie set koe er net mear fine. Hy koe net oars om him oer te
jaan.
Jan Castelein joech himsels ek net sa mar fuort. Nee der waard hiel goed
damme troch Jan en syn tsjinstanner Ype Boelens. Op it lêst wûn Ype omt er in set mear hie as Jan. Op ‘e set ôf wûn, sizze wy dan. Ek wie der sa’n partij tusken Sjoerd Jan Bakker en Bauke Bos. De lêste begûn sterk oan syn wurk en it like der suver wol op dat it kamp wurde soe. Mar dêr wie Bakker it net mei iens en hy wûn ek omdat er krekt in set te gau by de daam wie. Te gau foar Bauke wol te ferstean.
Hennie de Haan begûn sa moai útein tsjin Cor Kooistra en doe ynienen die se in ôfruil nei de midden. Dat is oan de ein fan in spul faak in goeie fuortsetting, mar no wie dat te betiid. Nei in pear streken wie det foar har gjin kearen mear oan.
En dan de Kup. De beide mannen setten in moai spul op it boerd. Der waard
net oer ien nacht iis gongen, nee der waard omraak neitocht oer de strategy.
Ien ding wie foar de taskôgers en it omsittend laach wol dúdlik dat dizze beide mannen der alles út helje woenen. In hiel soad dammers stapten al yn de auto of op de fyts omdat it harren te lang duorre. Mar wat ie it moai om te sjen hoe’t it potsje yn elkoar stuts.Op in bepaald stuit gyng der suver in lytse huvering troch guon dammers dy’t mienden dat se wat seagen. It is fansels altiten: mûltsje ticht, jo meie net iens hum sizze. De gril dy’t guon oer de lea gie, kaam fierders net ta uting op it boerd. Nee Dicky hie it oars yn de holle. En nei in pear streken seagen de omsteanders wat dat wie. Yn dy pear streken kaam er ta in prachtich ein: In ôfruil dy’t deadlik wie. “Dat hie ik net oan kommen sjoen!” sei Hein. Nei de partij waard it spul noch wol in stik of tsien kear wer opsetten. Prachtich.
Utslaggen: Sjoerd Jan Bakker – Bauke Bos 1 – 0; Jan Castelein – Ype Boelens 0 – 1; Bauke Dykstra – Willem Schaap 0 – 1; Cor Kooistra – Hennie de Haan 1 – 0; Fryslân Kup: Dicky vander Meer – Hein de Vries 1 – 0.
(C. KOOISTRA)
Over de auteur