De Fryslân Kup stiet dit jier foar de njoggende kear op it aljemint. Damklup ‘De Skyfkes’ fan Blauhús hat de organisaasje. It ‘knock-out’ toernooi is de earste twa kear wûn troch Jelle Wiersma, doe twa kear Siebe Walinga en Taeke Kooistra brocht de Kup de lêste fjouwer jier nei Hartwert. De lotting fan de earste omloop mocht hy sels dwaan: in thúswedstriid tsjin Folkert Groenveld.
T.Kooistra – F.Groenveld, 3-12-2024, Hartwert, earste omloop Fryslân Kup 1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17*37 4.41*32 11-17 5.47-41 7-11 6.32-27 17*37 7.41*32 11-17 8.35-30! 8.33-28 1-7? 34-30, x24, x11, x6
8. …9-14? om 34-29, 33-29, x27 8. …18-23? om 30-24 (x30), 33-29, 34-30, x47 en ek net goed 8. ..1-7 40-35, x24 (x23), 32-28, x11, x16 (12-7), 38-32 mei better spul foar wyt. Goed is 8. …17-21 9.26×17 12×41 10.36×47 en bygelyks 10. …2-7 11.32-27 19-24! 12.34×23 25×21 8. …19-24 9.30*19 13*24 10.34*14 15*13 11.40-34 20-24 12.34*14 10*19 13.45-40 17-21 14.26*17 12*41 15.36*47 19-24 Ôfruilje troch 16.40-35 25×45 17.44-40 45×34 18.39×17 16×18 kin like goed. 16.32-27 24-30 17.40*20 25*14 18.44-40 14-20 19.46-41 13-19 40-35 is better en swart wol daalk oerdwers ôfruilje. 20.33-28 20-25 driget 18-23 en 23-29.
Ôfruilje troch 21.28-22 en 27-21 kin net om 21. …2-7 mei in daam foar swart. It bêste is 21.50-45, mar wyt nimt de ôfruil 21.38-32 18*38 22.39*37 25-30 23.40*18 8*26 mei in mindere stân. 24.43-39 9-14 25.49-43 14-20 26.39-34 2-7 27.32-28 20-24 Swart kin skerper 27. …16-21 28.28-23 (ferpl.) 3-9 28.34*14 4*24 29.50-45 16-21 30.37-32 30.41-36?! Mei de plakker 37-31 kin net. En wer is skerper foar swart 30. ..26-31 31.28-22(ferpl.) 21×23 32.41×21 5-10 30. ..24-30 31.28-23 7-11 32.41-37 driget 32-37 32. …11-16? Swart is it foardiel kwyt. 32. …1-7 wie de set. 33.42-38 21-27 34.32*21 26*17 35.43-39 17-21 36.39-34 30*39 37.38*40 21-27 38.37*17 16*29 39.40-35 5-10 40.35-30 10-14 41.30*28 14-19 en op nei it einspul.
Fan wjerskanten is der noch mar krap tinktiid. 42.45-40 3-9 43.47-42 6-11 43. …19-24 liket better. 44.42-38 11-16 45.38-33 16-21 45.28-23 wurdt kamp. 46.33-29 19*39 47.40*38 9-13 48.38-33 13-19 49.48-43 21-26 50.43-39 19-24 En ‘drave nei de daam’. 51.28-22 26-31 52.22-18 31-37 53.18-13 37-41 54.13-9 41-46 55.9-4?? 46-37. Daalk winst en de Kup-hâlder is út it toernooi. Nei 55.9-3 46-41 (56.3-25? 41-47) 56.3-12 24-30 57.33-29 30×28 58.12-26 28-33 59.39×28 41×19 as 58. …28-32 59.26-37 is it kamp en wurdt it ‘pingel-sjitten’ mei FRYSK!; fiif tsjin fiif einspul.
Fan Ties Slagter en Stellinga-Baron
Nû.13 sw. 7, 11, 13, 14, 20, 21, 24, 26 wyt 22, 32, 34, 38, 41, 44, 48, 49
Nû.14 sw. 3, 7-9, 19, 20, 25, 30 wyt 17, 21, 22, 28, 32, 33, 38, 43
Oplossingen noch net stjoere.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
Over de auteur