Rubryk 3-1-2025

doorfriesdammen

Rubryk 3-1-2025

Yn Wageningen wurdt de twakamp om de wrâldtitel ‘oerhoeks’ ferspile tusken Anikeev en útdager Groenendijk. Te Harns wie fan it simmer de striid om de wrâldtitel ‘oer alles’. Sechtsjin dammers hienen harren pleatst en doe moasten de heechste fjouwer noch yn in dûbeld rûn  toernooi útmeitsje wa’t winne soe: foar de tredde kear waard it Marten Walinga. Mei elkoar 68 partijen en hjirfan mar alve kear kamp, wylts it yn Wageningen oars net as kamp is. Wis dat yn it Frysk Spul de remise-kâns folle leger is. Mar wis dat ek de toppers flaters meitsje en kânsen lizze litte, dy’t Anikeev as Groenendijk net oerkomme soe. Blykt ek út de partij tusken de lettere kampioen en Willem Schaap, dammers dy’t graach in aventoerlik spul opsette. 

W.Schaap – M.Walinga, WK Harns 17-8-2024, tredde foar-omloop  

1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 16-21 5.26×17 12×41 6.46×37 11-16 7.37-31 8-12? 7-12 is de set 8.31-26, skerper is 8.33-2812-17 9.28×8 3×1210.42-37 7-11 11.39-33 8…3-8  7-11 liket better. 9.32-28 18-22 10.28×17 16×18 11.33-28 18-23 12.38-33 23×32 13.33×31 12-18 Swart hat in stove en stiet wif. 14.42-38 8-12 Wyt komt in hout foar, mar mei in wyld hout is soks noch net samar wûn. 

15.34-30 25×34 16.44×24 20×29 17.38-33 29×38 18.48×17 7×27 19.26×28 19…19-24 20.50-44 9-14 Wyt set skerp troch 21.28-22! 15-20  22.39-34 13-19 23.34-30 2-8 24.31-26 4-9 25.43-39 9-13 26.39-34 1-7 Fansels net 21-16 om 8-12 en swart hat noch de driging 20-25 27.49-43 7-11 28.26-21 11×31 29.36×27 6-11 30.30-25?? om 24-30! 30.27-21! 11×31

31.47-41? Wyt rekkene op 31. …31-36 32.22-17 36×47 33.30-25 47×7 34.25×1 en wint. Mar komt raar op ‘e kofje. 31. ..31-37! 32.41×32 24-29!! 33.34×12 19-24 34.30×19 20×49 Wyt kin ek nei de daam, mar strykt ferkeard. 35.12-7?  


35. ..14-19 36.7-1 (Wat oars?) 19-23 37.1×34 10-14 38.34×4 5×3 en it is gau dien.  35. …49-16? Swart mist dizze kâns. 36.7-1 10-15 3744-39 16-27 38.1-6 27-4 39.39-3 4-10 39…15-20 40.34-30 14-19 41.30×10 4×15  hie noch wat tsjinspul jûn. Mar no makket Schaap wol dien wurk. 40.34-2910×50 41.29-24 14×34 42.35×33 50×28 43.6×39

Problemen foar de ledderwedstriid mei twa nijen fan Stellinga-Baron. 

Nû.13 sw. 7, 11, 13, 14, 20, 21, 24, 26 wyt 22, 32, 34, 38, 41, 44, 48, 49 

Nû.14 sw. 3, 7-9, 19, 20, 25, 30 wyt 17, 21, 22, 28, 32, 33, 38, 43 

Nû. 15 sw. 2, 9, 11, 12, 20, 24, 25, 35 wyt 22, 23, 37, 38, 40, 44, 45, 49  


Nû. 16 sw. 2, 11, 13-15, 17, 19, 21 wyt 30, 31, 33, 34, 44, 46, 48, 49  

Oplossingen stjoere foar 17 jannewaris. 

Folkert Groenveld 

Riperwei 6 

8623 XH  Jutryp 

groenveldf@hotmail.com 

Over de auteur

friesdammen administrator