8ste NK FRYSK! te Harns wûn troch Hein de Vries (Ljouwert)

doorfriesdammen

8ste NK FRYSK! te Harns wûn troch Hein de Vries (Ljouwert)

Nei sân spannende omlopen wist Hein de Vries fan Ljouwert foar it earst yn syn karriêre de titel Nederlânsk Kampioen FRYSK! op syn namme te skriuwen. 

De earste set waard ferrjochte troch wethâlder Hendrik Sijtsma, dy’t de oanwêzigen yn it sin brocht dat Harns al sûnt 1234 stedsrjochten hat en in wichtich plak ynnimt yn de histoaryske havenstêden oan de Noardsee. Hy sei der grutsk op te wêzen, dat it Frysk Damjen wer op topnivo spile wurdt yn syn gemeente. Hy winske alle spilers in soad sukses en hope op in bloeiende takomst foar dizze moaie wedstriidsport, yn Harns en fier dêrbûten. 

Dy winsk waard by it toernoai al ferfolle, want it fjild bestie út 18 dielnimmers, wêrfan 9 Fryske dammers fan hûs út, en mar leafst 9 mear of minder nije spilers. Twa fan harren kamen út it bûtenlân: Patrick Casaril (België) en mearfâldich wrâldkampioen diagonaal damjen Aleksander Sjvartsman. 

De winner fan it toernoai wie nei sân omlopen Hein de Vries. De Vries heart al jierren ta de top fan it Frysk damjen, mar kaam yn de earste trije omlopen net fierder as 1½ (mei ûnder oare in nederlaach tsjin subtopper Siebren Dijk en kamp tsjin de jeugdspiler Porter Richardson), mar wist dêrnei alles te winnen, ynklusyf de lêste partij tsjin mearfâldich wrâldkampioen FRYSK! Jelle Wiersma fan Wommels. 

Benammen yn de earste helte fan it toernoai wiene der de nedige ferrassingen. Sa moast trijefâldich wrâldkampioen Frysk Damjen Marten Walinga yn it sân bite tsjin Patrick Casaril en debutant Cornelis Alderliesten (Putten). Benammen de lêste hat noch net sa’n soad wedstriidûnderfining yn it Fryske spul en kaam by einsluten op in hiel fertsjinstlik dield 10de plak út mei 3½ punt. 

De kamp fan Porter Richardson tsjin Hein de Vries yn de earste omloop is al neamd. Ek yn de rest fan it toernoai spile de jonge Richardson (dy’t mei syn jongere broer Parker en syn heit Menno Kamminga hielendal út it Súdhollânske Monster kaam wie), mei oerwinningen op Willem Hoekstra en Patrick Casaril, en kamp tsjin Jelle Wiersma, Tsjerk Wijbenga en Willem Schaap. Fan de tredde omloop ôf siet er hieltiten by de heechste spilers, en yn de lêste omloop wist er troch in oerwinning op Siebren Dijk de (dielde) twadde plak yn de wacht te slepen. In grutte prestaasje! 

Hein de Vries wurdt lokwinske troch Liuwe Westra (links) en Marten Walinga (rjochts) (foto Stifting WDF)


groepsfoto fan de dielnimmers; twadde fan links foaroan toernoaiwinner Hein de Vries (foto Stifting WFD)

Einstan:

Champion​Hein de Vries​5½ points

2-3​Porter Richardson, Tsjerk Wijbenga​5 points

4-5​Jelle Wiersma, Willem Hoekstra​4½ points

6-9​Willem Schaap, Ties Slagter, Marten Walinga, Aleksander Sjvartsman​4 points

10-12​Siebren Dijk, Auke Zijlstra, Cornelis Alderliesten​3½ points

13​Patrick Casaril​3 pionts

14-15​Liuwe Westra, Menno Kamminga​2½ points

16-17​Parker Richardson, Herbert Tulleken​1½ points

18​Niek Tolsma​1 point

Mear ynformaasje: Liuwe Westra, liuwe.westra@mensa.nl, 06 -30837586 Marten Walinga, martenwalinga@hotmail.com, 06 -34561133

Over de auteur

friesdammen administrator