Hartwert. Op de earste sneon fan it nije jier organisearret damklup Hartwert e.o. al sûnt har bestean har jierlikse dampartij. Yn Hartwert wurdt der fanôf tsien oere striden op it damboerd. De measte dammers komme dizze dei om moaie partijen te damjen, omdat se leafhawwer binne fan it prachtige Fryske damspul. Mar miskien ek wol foar de hearlike snert die altyd te ferkrijen is yn it smûke doarpshûs fan Hartwert. In dammer wie sa sljocht op’e snert dat er tige nijsgjirrich wie nei it resept. No dogge se net sa dreech yn Hartwert se gunne elk in lekker miel, dus waard it resept op in papierke skreaun.
Nei elkoar de bêste winsken te jaan en efkes bij te praten, giene 18 dammers de striid mei-inoar oan. Se waarden yndield yn groepkes op wearde fan harren damkwaliteit. Der waard om raak strutsen, slein en neitocht. Sa yn it begjin fan it nije jier wol guon harren noch wol ris healwiis fersjen, mar dat barde hjoed mar in inkele kear.
Yn de A-klasse, de heechste klasse, sieten seis dammers. Elk damden trije partijen en troch lotting wie bepaalt tsjin wa. It earste plak wie foar de pleatselik favoryt Taeke Kooistra, twadde wie klupgenoat Tjerk Wijbenga en tredde waard Stadige Striker Dicky van der Meer.
De B-klasse bestie út twa groepkes. Groep 1 hie yn ‘e earste ronde fuortendaliks in bruorrestriid, al spruts ien fan de bruorren net oer striid mar oer moard. De bruorren Klaas en Fedde Wiersma (se kinne goed mei-inoar) mochten it tsjin elkoar opnimme. Op papier is Fedde de bettere dammer, mar dy liet him no ferliede troch in houtsje foar te nimmen. It wie eins te moai om wier te wêzen en dat die bliken. Klaas sloech ûnferbidlik ta, pakte in daam foarsprong en hie dermei fuortendaliks twa houten op slach. Fedde moast belies jaan. Klaas beneamde dat der sa faker wûn hie fan syn broer, hiel Hartwert kriege it te hearren. De dei, en de start fan dit nije jier, koe net mear stikken by Klaas. Hy wûn krekt as Sjoerd Kooistra twa fan de trije partijen. Op ûnderling resultaat waard Sjoerd earste en Klaas twadde.
Yn groep 2 fan de B-klasse sloech Germ Bruinsma feninich ta. As it nije jier begjint, begjint er altyd better te damjen sa’t er sels altyd seit. En dat die no ek wer bliken, mei twa kear winst en ien remize pakte hy de earste priis, folge troch Ype Boelens dy ’t allinnich ferlear fan Germ.
Yn de C-klasse liet Siebren Dyk fan him hearre. De man út Jortwert wûn twa partijen en moast allinnich yn de partij tsjin Jacob Bauke Greidanus remize tastean. De twadde priis wie foar Piet Sikma, hy ferlear allinnich syn partij tsjin Siebren, de priiswinner.
In slagge damdei yn Hartwert mei prachtige partijen. De priiswinners wûnen in amer fol itenswaren. De ferliezers giene ek net mei lege hannen nei hûs. Foar elkenien in Fryske sûkerbôle.
Folsleine útslach:
A-klasse: 1. Taeke Kooistra, 2. Tjerk Wijbenga, 3. Dicky van der Meer.
B-klasse I: 1. Sjoerd Kooistra, 2. Klaas Wiersma.
B-klasse II: 1. Germ Bruinsma, 2. Ype Boelens.
C-klasse: 1. Siebren Dyk, 2. Piet Sikma.
Over de auteur