Skearnegoutum damklupkampioen op buordpunten

doorfriesdammen

Skearnegoutum damklupkampioen op buordpunten

Troch Siebren Dyk

EASTEREIN – Selden sil in klupkampioenskip yn it Frysk damjen in spannender ôfrin hân ha as ôfrûne sneon yn Easterein. It wie it achttal fan Skearnegoutum dat oan ‘e ein de kampioensbeker yn ûntfangst nimme mocht, en net it favorite Hartwert of it sterke Lollum. De klups einigen alle trije op twa wedstriidpunten, mar nei wat rekkenderij bliek dat De Stadige Strikers krekt even wat mear buordpunten byinoar garre hiene as de oaren. Dêr’t noch mar ris mei ûnderstreke waard dat op sa’n klupkampioenskip ek eltse dammer meitelt.

Der wie oars ek noch in fjirde klup yn ‘e kampioensklasse, Blauhús, mar dat wie mear in optreden foar spek en beane. Efterôf bliek har tsjinakseljen yn buordpunten ek net trochslachjaand. Sa hie Hartwert mei 6,5-1,5 krekt in gruttere oerwinning tsjin de Blauhústers as de Skearnegoutumers (6-2). Nee, it duel tsjin inoar yn ‘e twadde omloop hat efterôf sjoen de beslissing brocht. Skearnegoutum ferlear dat, mar wol mei it lytst mooglike ferskil: 3,5-4,5. Nei de oerwinning op Blauhús like Hartwert op dat stuit op roazen te sitten. De neiste konkurrinsje hie in punt minder, want Lollum hie yn ‘e earste omloop mei 2,5-5,5 wer fan Skearnegoutum ferlern. Hartwert soe oan in lykspul yn ‘e lêste omloop tsjin Lollum genôch hawwe.

Hartwert tsjin Skearnegoutum mei op de foargrûn Taeke Kooistra tsjin Jelle Wiersma.

Mar it betearde oars. Hartwert begûn goed mei in oerwinning fan Tsjerk Wijbenga. Mar Lollum bliek taai. De lytse klup hat him de lêste jierren fersterke mei bûtenleden, en dyen blieken goud wurdich. De “Hollânske” dammer Lolke Huitema, de Hamburger Malte Schulz en de Uterter Fries om utens Auke Zijlstra makken mei dat Hartwert al net mear winne koe. Dat Taeke Kooistra lang om let yn in stân mei op it lêst elk twa houtsjes tsjin
Marten Walinga de holle bûgje ek moast, bliek úteinlik ek net mear fan belang. Hartwert wie it klupkampioenskip kwyt, har 13,5 buordpunten koene krekt net oan ‘e 15 fan ‘e Skearnegoutumers tippe. Dy hiene nearne mear op rekkene, en op dat stuit koe men sjen dat ornaris sa rêstige dammers ek wier wol oplôgjende emoasjes ha kinne.

Underwilens rûnen de saken yn ‘e twadde klasse alhiel neffens ferwachting. It ferline jier degradearre Aldegea bliek fierstente sterk, ek De Gastmar, dat úteinliks twads wurde soe, waard mei 6-2 ferslein. De klup út Hartwert hie ek yn dizze klasse in ôfdijer. Mei inkeld in oerwinning op treddeklasser Lollum II moast it degradearje. Dy oare treddeklasser, Jorwert, koe dêrfoaroer yn ‘e kombinearre pûl aardich meikomme, en mei it dêrom takom’ jier hegerop besykje.

Utslaggen en einstannen
Kampioensklasse: Hartwert – Blauhús 6,5-1,5, Lollum – Skearnegoutum 2,5 – 5,5; Skearnegoutum – Hartwert 3,5 – 4,5, Blauhús – Lollum 3,5-4,5; Lollum – Hartwert 5,5-2,5, Blauhús – Skearnegoutum 2-6. Einstân: 1. Skearnegoutum 2 (15); 2. Hartwert 2 (13,5); 3. Lollum 2 (13); 4. Blauhús 0 (6,5).
Twadde en tredde klasse: Hartwert II – Jorwert 3-5, Aldegea II – Aldegea I 2,5-5,5, Lollum II-De Gastmar 0-8; De Gastmar – Hartwert II 6,5-1,5, Aldegea II – Lollum II 7-1, Jorwert – Aldegea I 2,5-6,5; Aldegea I – De Gastmar 6-2, Hartwert II – Lollum II 7-1, Jorwert – Aldegea II 4-4; Aldegea I Hartwert II 6,5-1,5, De Gastmar – Aldegea II 7-1, Lollum II – Jorwert 1-7; De Gastmar – Jorwert 4,5-3,5, Hartwert II – Aldegea II 2,5-5,5, Aldegea I – Lollum II 8-0. Einstân twadde klasse: 1. Aldegea I 5 (31,5); 2. De Gastmar 4 (28); 3. Aldegea II 2,5 (20); Hartwert II 1 (15,5). Einstân tredde klasse: Jorwert 2,5 (22); 2. Lollum II 0 (3).

Over de auteur

friesdammen administrator