Troch Siebren Dyk
Aldegea SWF — Yn ‘e earste twa omlopen fan it persoanlik kampioenskip yn it Frysk damjen is der noch net folle tekening yn ‘e striid kaam. Sa einigen de moetings yn ‘e kampioensklasse de moarns allegearre yn remize. En soks mei wol yn ‘e krante, want it is by it Frysk damjen al hiel útsûnderlik as in partij gjin beslissing hat, mar alle fjouwer wedstriden yn ien omloop, dat sil lang lyn west hawwe.
It wie by twa partijen oars ek mar in knikker op ‘e kant, en yn beide gefallen hong in sensaasje yn ‘e loft. Henk Haanstra hie de op papier sterkere Marten Walinga hielendal yn ‘e skjirre, oant dy as in duvel út in doaske mei in ûnferwachtse kombinaasje op ‘e lappen kaam, en sa dochs noch in heal punt byskriuwe koe. By de regearjende kampioen Jelle Wiersma gong it stadiger. Oan ‘e ein krige er tsjin Pieter Hoogterp in daam, mar nei it nedige gewraksel koe dy oan twa fan sokke kroandragers komme. Op papier hie de Gastmarder it dus winne moatten, mar it spulreglemint skriuwt foar dat soks dan wol binnen sân setten barre moat. Hoogterp naam dêrby yn it begjin fan ‘e rûte de ferkearde ôfslach en doe hied er acht setten nedich, dat sa kaam de wichtichste titelkandidaat dochs noch oan in heal punt.
De middeis koe de titelferdigener it tsjin Henk Haanstra ek al net winne. Nei in lykopgeande striid waard besletten om yn in stân fan elk in daam en twa houten de punten mar te dielen. Dat joech oare titelkandidaten de gelegenheid om dochs in lytse foarsprongop Wiersma te nimmen. Walinga hie, al wer mei in prachtige kombinaasje, Pieter Hoogterp te pakken, en Taeke Kooistra makke yn it einspul tsjin Willem Schaap tûk gebrûk fan ‘e mearslachregel. Hein de Vries kaam ek mei oan ‘e kop, meidat tsjinstanner Folkert Groenveld himsels yn it einspul opsleat.
Yn ‘e twadde acht binne Siebe Walinga, Liuwe Westra en Tsjerk Wijbenga noch sûnder puntferlies. By de tredde garnituer hat Willem Hoekstra fan Aldegea (SWF) ferrassend de kop naam, mar de sitewaasje is dêr ûnoersichtlik omdat twa wedstriden ústeld wurde moasten.
Utslaggen en stannen
Kampioensklasse, earste omloop: Pieter Hoogterp (De Gastmar) – Jelle Wiersma (Wommels) 0,5-0,5, Henk Haanstra (Aldegea SWF) – Marten Walinga (Waaksens) 0,5-0,5, Willem Schaap (Jirnsum) – Hein de Vries (Ljouwert) 0,5-0,5, Folkert Groenveld (Jutryp) – Taeke Kooistra (Hartwert) 0,5-0,5; twadde omloop: Wiersma – Haanstra 0,5-0,5, Walinga – Hoogterp 1-0, De Vries – Groenveld 1-0, Kooistra – Schaap 1-0.
Stân: Kooistra, De Vries en Walinga 1,5; Haanstra en Wiersma 1; Groenveld, Hoogterp en Schaap 0,5.
twadde acht, earste omloop: Fedde Wiersma (Easterein) – Siebe Walinga (Aldegea SWF) 0-1, Dicky van der Meer (Terherne) – Tsjerk Wijbenga (Arum) 0-1, Kees Tijssen (Reduzum) – Bernard Kroon (Blauhús) 0-1, Cor Kooistra (Nijlân) – Liuwe Westra (Lollum) 0-1; twadde omloop: Walinga – Van der Meer 1-0, Wijbenga – Wiersma 1-0, Kroon – Kooistra 0,5-0,5, Westra – Tijssen 1-0.
Stân: Walinga, Westra en Wijbenga 2; Kroon 1,5; Kooistra 0,5; Van der Meer, Tijssen en Wiersma 0.
tredde acht, earste omloop: Hidde de Vries (Langsweagen) – Bauke Dijkstra (Nijbeets) útsteld, Klaas Wiersma (Nijbeets) – Marcel Altena (Blauhús) 1-0, Sjouke Attema (De Gastmar) – Willem Hoekstra (Aldegea SWF) 0-1, Rein Jan Walinga (Aldegea SWF) – Siebren Dyk (Jorwert) 1-0; twadde omloop: Dijkstra – Wiersma útsteld, Altena – De Vries 0-1,Hoekstra – Walinga 1-0, Dyk – Attema 0-1.
Stân: Hoekstra 2-2; De Vries en Wiersma 1-1; Attema en Walinga 2-1; Dijkstra 0-0; Altena en Dyk 2-0.
Over de auteur