Rubryk 31-1-2025

doorfriesdammen

Rubryk 31-1-2025

Damklup ‘De Stadige Strikers’ fan Skearnegoutum wie okkerwyks de ferrassende winner fan it klupkampioenskip. Nei twa omlopen wie Hartwert yn hâldershân mei winst op Blauhús en Skearnegoutum. Mar it taaie Lollum wûn fan Hartwert. En doe’t de Strikers fan Blauhús wûnen, earder ek fan Lollum, kaam it op de boerdpunten oan: De Strikers 15, Hartwert 13,5 en Lollum 13. De lêste partij yn de twadde omloop, tusken de earste-boerd-spilers fan Skearnegoutum en Hartwert wie mei beskiedend. Hartwert wûn mei 4,5-3,5. Mar nei in dramatysk slot wie it lêste boerdpunt foar de Strikers  

Jelle Wiersma-Taeke Kooistra,  Easterein 18-1-2025, twadde omloop, earste boerd Skearnegoutum-Harwert 

1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17×37 4.41×32 16-21 5.26×17 12×41 6.46×37 11-16 7.37-31 7-12 8.42-37 1-7 9.47-42 19-24 as 7-11 10.34×14 10×19 11.40-34 7-11 11.35-30 kin ek. 12.31-26 16-21 13.26×17 18×16 14.37-31 16-21 15.42-37 21×41 16.37×46 11-16 Op wyt syn lange hoeke oan. 17.32-27 19-23 Om 17-22 foar te wêzen. Mar nei de ôfruil hawwe beide spilers it hout goed te plak. 18.27-21 16×27 19.35-30 20×29 20.33×31 12-17 21.31-26 13-19 22.36-31 8-12 23.38-32 19-24 24.48-42 12-18 25.42-37 24-29 26.39×19 18×20 Wyt hat no in hout mear oan de linkerkant en set dêr troch. 27.32-27 3-8 28.27×7 2×11 29.26-21! 11-16 30.31-27 9-13 31.37-31 8-12 32.31-26 16×36 33.46×26 13-18 

En op elkoar oan, oan de rjochterkant. 34.44-39 20-24 35.39-33 24-29 In ferplichte ôfruil foar swart. 35. ..18-23? 36.33×11 6×37 37.43-38 etc. as 35. …24-30 as 5-10 36.21-16 6-11 37.16×7 12×1 38.33-28 18×38 39.43×32 mei oermacht oan de linkerkant.36.33×24 25×23 37.21-16? 15-20 Wyt kin better 37.43-39 as 50-44. 38.43-39 23-28! In set earder ek al. 39.27×29 18-22 Driget 22-27 mei trochbraak. 40.16-11 6×17 

Wer de driging 22-27. Bêste foar wyt 41.39-34 22-27 42.26×28 17-21 43.28-23 12-17 44.34-30 20×40 45.50×30 en beide dammers sille in daam helje.41.49-43? 20-25  42.43-38 25-30 Fansels, 42.39-34 hie moatten. Swart komt foar, mar de tinktiid is krap. 43.38-33 30×28 44.45-40 4-10 45.50-45 10-14 46.40-34 12-18 47.45-40 In winnend spul útstrike ûnder grutte spanning is dreech. 47 …14-20 en wat sil wyt noch? 47. …28-32 48.33×31 18-23 49.40-35 5-10 50.34-30 23-29 51.39×19 14×23 52.30-25 10-14 Lykswols komt wyt oan.  53.35-30 23-29 54.30×28 22×33 55.31-27 17×37 56.26-21 37-41 Oan alle kanten wûn foar swart. Mar doe foel de klok en gie it punt nei de Strikers. 

Nû. 17 sw. 2, 4, 9, 11, 15, 17, 36 wyt 13, 24, 29, 30, 41, 42, 47  

Nû. 18 sw. 4, 7, 8, 11, 14, 17, 18, 20 wyt 26, 28, 29, 35, 36, 38, 43, 44 

Fan Ties Slagter en Stellinga-Baron 

Nû. 19 sw. 2, 6-8, 10, 11, 15, 18 wyt 16, 29, 34, 37, 39-41, 43 

Nû. 20 sw. 4, 12, 18, 19, 36 wyt 20, 30, 38, 41, 49 

Oplossingen stjoere foar 14 febrewaris. 

Folkert Groenveld 

Riperwei 6 

8623 XH  Jutryp 

groenveldf@hotmail.com 


Over de auteur

friesdammen administrator