Troch Cor Kooistra
Nei alle wedstriden yn it ramt fan de persoanlike kampioenskippen koenen de Strikers mei-inoar de resultaten dêrfan wer ris even oereidzje. Mei nocht mochten se stelle dat de Strikers it noch net sa min dien hienen. Jelle kampioen en Willem Schaap koe him hanthavenje yn de kampioensklasse. En fierders waard yn de oare achten ek noch wol aardich goed presteard.
Ek waard der fansels wer damme. Ype Boelens wie wer op dreef. Hy liket sa njonkenlytsen wol wat in angstgegner te wurden foar de foarsitter Cor Kooistra. It wie sûnder mis in moaie en wylde partij. Mar úteinlik koe Kooistra dat net hâlde en ferlear. Bauke Bos moast it ek al belije. Hy koe it net hâlde tsjin Tineke Teigeler. Kom ik ek wer ris thús mei de winst sei se.
Jelle Wiersma sels moast tsjin Sjoerd Jan Bakker. Dat like sa op it earste each in frij gelykweardige partij. Mar de nije Frysk kampioen liet wol even sjen dat er net foar neat kampioen wurden is. Doe’t de omstanners mooglik noch tochten dat der in kampke yn siet, bliek dat Jelle dêr hiel oars oer tocht en de partij winnend útmakke.
Willem Schaap damme tsjin de beide Casteleinen. Dat nivoferskil is te grut en dat die ek wol bliken út de útslaggen. Dochs ha de mannen noch drok en mei nocht dwaande west mei moaie stantsjes en slachjes.
Dicky van der Meer siet yn Aldegea om te damjen om de Fryslân Kup. Hy moast dêr damje tsjin Willem Hoekstra, de man yn topfoarm. Dochs die letter op de jûn bliken dat Dicky it prima dien hie en Willem ferslein hie. Hy sit no yn de finale!
Utslaggen: Ype Boelens – Cor Kooistra 1 – 0; Jelle Wiersma – Sjoerd Jan Bakker 1 – 0; Bauke Bos – Tineke Teigeler 0 – 1; Kees Castelein – Willem Schaap 0 – 1; Willem Schaap – Jan Castelein 1 – 0. Fryslân Kup: Dicky wint fan Willem Hoekstra.
Over de auteur