Troch Bauke Bos
Der wiene dizze jûn mar in lyts protsje dammers, mar fiif. Mar dit makke it net minder gesellich. Foaral doe’t der in man fan it korps, dy’t yn in oare seal op moandeis harren spyljûn hat, binnen kaam mei gebak. Se hiene skynber wat te fieren en tochten dêrby ek oan ús. Dit waard fansels tige wurdearre. Mar it earste spul wie doe al út, it spul tusken Tineke Teigeler en Sjoerd Jan Bakker. De stikjeskriuwer hearde op in stuit dat Tineke nei in hout efterstân wer lyk kaam en seach efkes by it spul en doe helle Tineke der in slachje út wêrby Bakker in daam helle en Tineke twa houtsjes oer hie. It kaam krekt, mar foar Sjoerd Jan kaam it krekt goed út en hy wûn de partij.
Willem Schaap doarde it oan om wer ris tsjin twa tagelyk te spyljen, Wyt tsjin Jan Castelein en swart tsjin Bauke Bos. De mannen waarden goed oan it tinken set, mar Willem moast sels ek goed oplette. Foaral by it spul tsjin de skriuwer fan de klub. Jan Castelein kaam al ga uien achter mar hy hood noch lang partij. Bauke Bos hie in set krekt net goed troch rekkene en rekke in houtsje achter. Dochs waard it noch in moaie partij, wêrby beide mannen der goed om tinke moasten. Willem wûn beide partijen, en wylst syn earste partij al út wie, liet er Jan noch wat moaie stantsjes sjen en it is moai dat dizze man sa’n aardichheid hat oan it Fryske damspul, wat foar in pear jier lyn noch folslein ûnbekend wie.
Utslaggen: Tineke Teigeler–Sjoerd Jan Bakker 0-1; Willem Schaap- Jan Castelein 1- 0; Bauke Bos- Willem Schaap 0-1
Over de auteur