Rubryk 14-2-2025

doorfriesdammen

Rubryk 14-2-2025

En op ‘e nij is Jelle Wiersma Frysk kampioen wurden. De acht lêste kampioenskippen wienen allegearre foar de Wommelser. Soks is by it Frysk damjen noch net earder prestearre. Wiersma hat no tolve titels, like folle as Augustinus van der Goot en twa mear as de matsjedoaren Sjoerd Tigchelaar en Dirk H. de Vries. Mar noch altiid spant Taeke Kooistra de kroan mei 18 titels. Mei noch twa omlopen te gean stie Marten Walinga lyk mei Wiersma. De ferrassende Pieter Hoogterp lei mei treddel punt mar in healtsje efter op de koprinners. En mei in op papier lichter programma soe it misskyn kinne. De Gaastmarder ferlear lykswols de lêste twa spullen. En Walinga krige yn de seisde omloop in waaier fan Taeke Kooistra om de earen.

M.Walinga – T.Kooistra,              Blauhús 8-2-2025, seisde omloop FK   

Walinga hat dreger spul en strykt  32.32-27 (41-37 hie moatten) en mei in prachtige kombinaasje wint Kooistra. 

32. ..23-28! 33.27×20 15×24! 34.35×15 16-21 35.26×17 7×38 36.43×32 4-10! 37.15×2 24-29 38.2×16 6×46 En doe’t Wiersma wûn fan Hein de Vries wie de iennige kâns foar Walinga op in barraazje om yn de lêste omloop te winnen. Mar yn it ûnderlinge treffen Wiersma-Walinga krige de wrâldkampioen gjin kâns. 

J.Wiersma – M.Walinga Blauhús 8-2-2025, sawnde omloop FK 

1.31-26 20-25  2.37-31 14-20  3.32-27 17×37  4.41×32 16-21  5.26×17 12×41 
6.46×37 11-16  7.37-31 07-12  8.42-37  As 8. …18-22 9.47-41 22×42 10.38×47 16-21 11.31×11 1×21 mei libben spul. 8. …2-7   9.47-42 7-11 10.31-26 16-21 
11.26×17 18×16  12.37-31 19-24  Ek kin 12. ..12-17 13.42-37 8-12 14.32-27 12-18 15.27×7 11×2 16.38-32 9-14   13.34×14 10×19  14.40-34 5-10 15.31-26 16-21 16.26×17 12×21 17.32-27 21×32 18.33×31 9-14  19.31-26 19-24 20.34-30 25×34 21.39×19 20×18  Better is 13×24 en net bang foar 35-30. Wyt kin no oanfalle op de lange hoeke. 22.35-30 15-20  23.30-25 11-16  24.38-33 8-12 25.33-29 13-19 Wyt driget 26-21, 36-31, 42-37 etc. 26.29×9 10×8  27.44-39 1-7  Wer dy driging 28.45-40 4-9  29.39-34  

29. ..20-24! 30.25×23 18×29 31.34×23  7-11 32.23-19 14×23 en swart is út de soargen.  29. …9-13  30.34-30 13-19Skerper is 30.34-29 13-19 31.29×9 8×10 as 30. ..14-19 31.25×23 13×24 31.30×10 14×5  32.42-37 12-17  32. ..16-21  en ôfwikkelje nei it einspul. 33.40-35 3-9  34.43-39 16-21 Wer dreech, 17-21 wikkelt ôf. Dizze ‘jehova-set’is in misser.  35.37-32 9-14 36.39-34 7-12? 8-13 hie moatten. Swart hie de kampioens-slach dwaan kind. 

37.36-31! 21×41 38.26-21! 17×26 39.32-27 26×28 40.48-42 41×43 41.49×38 28×48 42.50-45 48×30 43.35×15. Beide spilers nei de daam en nei trije daamsetten is it swarte hout ferlern. 37.34-29 19×39  38.49×29 14-20 39.25×14 18-22 40.36-31 21×41 41.50-44 22×42  42.48×46 8-13  43.14-10 5×14  44.29-24 14×34   45.44×24 17-22 Mar lykswols strûpt swart der ûnder. 
46.24-20 22-28  47.20-15 28-33 48.15-10 33-39  49.10-4 13-19  50.4-9 

Twa problemen fan Stellinga-Baron 

Nû.21. sw. 11-14, 16, 20, 21, 23, 36 wyt 25, 32-34, 38, 42, 44, 47, 50 

Nû.22. sw. 1, 2, 8, 13, 18, 26, 30, 45 wyt 6, 27, 28, 38, 43, 44, 49, 50 

Oplossingen noch net stjoere. 

Folkert Groenveld  

Riperwei 6 

8623 XH  Jutryp 

groenveldf@hotmail.com 

Over de auteur

friesdammen administrator