Frysk kampioen Jelle Wiersma is op it heden yn bloedfoarm. Yn Frjentsjer by it Fryslân Open wie hy net te bedamjen. Alle acht partijen wûn en en it oanslutende grutmaster-toernooi foar de boppeste fjouwer pakte dizze matsjedoar mei in 100% skoare. We sjogge nei in pear spulfrachminten.
L.Westra – J.Wiersma, 19-2-2025 fiifde omloop Fryslân Open
Bûnsfoarsitter Liuwe Westra damde in sterk toernooi en helle in dield tredde plak mei 5,5 pt. Spitich foar him kaam hy der by de grutmasters net oan te pas. Foar Wiersma moast hy ek bûge.
18.39-34 hie moatten, mar nei 18.40-34 19-24 19.34×14 17-21 20.26×17 12×21 21.14×12 2×44 22.45×43 25×45 wie it dien.
A.Zijlstra – J.Wiersma, 20-2-2025 sawnde omloop Fryslân Open
Ek Fries om utens Auke Zijlstra fan Utert krige in waaier om de earen. Hy struts 14.44-40. Dat liket goed, mar 33-29 hie moatten.
Der folge 14. …20-25! 15.35×15 14-20 16.15×24 19×30 17.40×20 17-21! 18.26×19 9×47 19.46×48 13-19 20.20×18 8×46
Hein de Vries fan Ljouwert damde in sterk toernooi en waard kreas twads by it Fryslân Open mei de iennichste ferliespartij útsoarte tsjin Wiersma. By it lêste spul fan de grutmasters wie der de kâns om tsjin Wiersma dochs in kampspul te beheljen.
J.Wiersma – H.de Vries, 22-2-2025 Frjentsjer, tredde omloop Grutmasters
Nei deeglik spul nimt de Vries yn it einspul de ferkearde kar en ruilet ôf.
48. ..19-23? 49.28×19 20×18 50.34-30 18-23 51.50-45 De wite skiif op 23 kin net nei de daam. Wyt sil opstrike en de swarte skiif op 15 winne en sa de partij. It komt krekt, mar kamp is 48. …20-25 49.50-44 15-20 50.28-22 19-24 51.34×14 20×9 52.44-40 9-13 53.47-42 1-7 54.40-34 13-19 55.42-37 7-11 56.37-31 11-16 57.31-27 19-23 No pas ôfruilje. 58.22×24 25×23 59.34-30 23-28 Swart komt oan, mar de lêste skiif is krekt op tiid om in twadde wite daam te kearen. 60.27×29 16-21 61.29-24 21-27 62.24-19 27-32 63.19-14 32-37 64.14-10 37-41 65.10-5 47-41 as 65.20-24 41-47 66.24-19 47-36 67.10-5 36-9 en ek kamp.
De problemen fan Stellinga-Baron
Nû.21. sw. 11-14, 16, 20, 21, 23, 36 wyt 25, 32-34, 38, 42, 44, 47, 50
Nû.22. sw. 1, 2, 8, 13, 18, 26, 30, 45 wyt 6, 27, 28, 38, 43, 44, 49, 50
Nû.23. sw. 3, 9, 11, 14, 17, 19, 26, 27 wyt 23, 28, 34, 37, 46-50
Nû.24. sw. 5, 9-12, 15-17, 19 wyt 25, 29, 31, 32, 35, 39, 41, 44, 47
Oplossingen stjoere foar 14 maart.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
Over de auteur