It Dambûn Frysk Spul is oprjochte yn 1932 en doe kaam der mear rigel yn soks as it Frysk kampioenskip. En dat waarden earst trije kear Jurjen Tolsma fan Sint Jabik en doe trije kear Sjoerd Tigchelaar fan Parregea. Yn 1939 wienen beiden by de lêste fjouwer. Fan de jierren ’50 ôf binne der de no noch bekinde earste, twadde en letter ek tredde acht. Uteinlik soe Klaas Tigchelaar, jawis in broer fan, de priis pakke. Hjir besjogge we de partij tusken de twa eardere kampioenen.
J.Tolsma – Sj. Tigchelaar, 14.3.1939 Finale Frysk kampioenskip, Ljouwert
1.35-30 17-21 2.31-26 20-24 3.26×17 Hjoeddedei wurdt sa net mear iepene en dat is wol terjochte. By goed tsjinspul rint wyt it nei 1.35-30 op. Letter dammers hawwe dat, lang al foar dat der computers wienen oantoand. 1.35-30? 20-25 2.40-35 18-22 is it antwurd. Bysûnder is dat wyt nei 2. ..14-20 in daam krije kin! Troch 3.45-40! 25×45 4.30-25 15×35 5.33-28 35×22 6.31-26 45×34 7.44×15 5×25 8.36-31 16×27 9.32×5. Mar kin swart mei in skiif foar de daam wer ôfnimme. 3. ..24×35 4. 45×25 15×35 5. 50-45 11×22 6. 45×25 16-21 7.32-27 21×32 6. …22-27 7.37×17 7×27 8.32×21 16×27 En driget 9. ..1015 10.40-35 19-24 etc. 8.37×17 7×27 9.34-30 in ferplichte set En swart hellet in moaie slach út.

9. ..27-31 10.41×21 36×27? 19-24 en daam op 50 10. ..10-15 11.40-35 5-10! 12.25×5 10-15 13.5×25 18-23 14.25×22 12×45 15.44-40 45×34 16.39×30 14-20 17.30×10 4×15 De stân is noch lyk. Mar wyt syn dûbele hoeke is no bot leech. 18.38-33 19-24 19.36-31 24-30 20.46-41 30-35 21.49-44 13-19 22.43-39 19-24 Earst nei fjild 39 en dan werom nei 50. 23.44-40 35×44 24.39×50 8-12 25. 31-26 9-14 26.42-38 14-20 27.41-36 20-25 Net skowe yn de minne hoeke is de âlde wiisheid. Mar wyt wol net at swart mei 24-30, 25×45 yn it hoekje komt. 28.50-45 12-18 29.36-31 18-23 30.33×13 3×23 31.31-27 23-29 Swart komt sterk opsetten. 32.27-22 24-30 33.38-33 29×38 34.48×28 in noodset? Mar it ferrifelet swart al.

Trochsette mei 34-30 as 15-20 hie moatten. No set swart de doar iepen. 34. ….2-7? 35.28-23 22-18 is better 35. ..7-12 36.22×2 1×3 37.23-18 15-20 38.21-17 20-24 39.26-21 30-34 40.18-12 3-9? Swart is it paad bjuster. Dan mar 40. ..24-30 mei noch spul. 41.21-16 6×26 42.12-7 24-30 43.7-2 30-35 44.17-12 9-14 45.12-7 26-31 46.7-1 31-36 47.1×40 35×44 48.45×43 en wyt wint.
De earste fjouwer problemen foar de ledderwedstriid.
Nû.1 sw. 3, 7-9, 14, 20, 25, 30 wyt 17, 22, 23, 28, 31, 32, 39, 47
Nû.2 sw. 2, 6, 10, 12, 18, 20, 24, 40, wyt 16, 21, 26, 37, 39, 42, 46, 48
En twa nijen fan Stellinga-Baron

Nû.3 sw. 4, 12, 18, 19, 23, 26, 36, 45 wyt 15, 25, 38, 41, 46, 48-50

Nû.4 sw. 7, 9-11, 13, 14, 18, 22 wyt 29, 34, 36, 39-41, 43, 46
Oplossingen stjoere foar 24 oktober.
Folkert Groenveld
Riperwei 6
8623 XH Jutryp
groenveldf@hotmail.com
Over de auteur