Tiisdeitejûn is yn Jorwert úteinset mei it iepen kampioenskip fan “Het Wapen van Baarderadeel”, yn itselde kafee mei dy namme. Meiinoar binne der 24 dielnimmers, in oantal dêr’t moai trije klassen fan acht dammers mei foarme wurde koene. Benammen de heechste klasse is dit jier wer ris hiel sterk beset. Marten Walinga wûn dy yn ‘e foarrige edysje probleemleas. Mar soe it him dit jier ek sa maklik ôfgean?
Dy fraach kin pas oare wike definityf beäntwurde wurde. Ofrûne tiisdei helle de Waaksenser wol beide punten binnen. Mar maklik hied er it net tsjin earst Willem Hoekstra en dêrnei de pleatslike favoryt Willem Dykstra. Likegoed, it resultaat telt. Der wie noch ien mei de folle winst. Folkert Groenveld skodde yn ‘e earste omloop Fedde Wiersma fan him ôf, en wûn dêrnei ek knap fan de tredde Willem. Schaap hie miskien de lêch ek wol wat út neidat er earder op ‘e jûn topfavoryt Jelle Wiersma op kamp holden hie. Dy hie dêrnei gjin muoite mear mei syn efternammegenoat Fedde.
De winner fan it toernoai sil dus wol socht wurde moatte by it trijetal Walinga, Groenveld en J. Wiersma. Al sille Dicky van der Meer en Willem Dykstra ek noch net hielendal wanhoopje. De Terhernster wûn in punt tsjin Willem Hoekstra, mar hy liet it tsjin Willem Dykstra krekt wer sitte. Willem Hoekstra en Fedde Wiersma hiene it dus dreech. Mar sy kinne har treastgje mei it idee dat der krekt ferliezers nedich binne om winners te krijen.
Yn ‘e B-klasse falt it damjen fan de Almar Stegenga op. De Aldegeaster, ferline jier kampioen fan ‘e ûnderste klasse, sette syn opmars troch mei oerwinnings op ‘e Jorwerters Jelte Dykstra en Bonne Hylkema. Dêrfoaroer liet dy oare Aldegeaster it sitte. Sietze de Jong gong ferline jier mei de grutste priis werom, mar ferlear no fuortdaliks al fan Rinze Schukken en Siebren Dyk.
Yn ‘e C-klasse is it Wommels boppe! Al hie Anne de Boer miskien wol it gelok dat er yn ‘e earste omloop de nije dammer Imaël Snijders lotte. Mei Jelle Anema, dy’t in pear jier fierder is, hied er dêrnei teminsten al aardich mear muoite. Meinte Wesselius wûn syn beide partijen ek. Tsjin Jan Nauta moast dat even oer it ynternet. De OKK-er wurdt wat minder op ‘e gong, mar dammet dit jier fan hûs út wei noch wol fleurich mei. Want sa’t in
bekend Frysk sprekwurd al seit: as it net kin sa’t it moat, dan moat it mar sa’t it kin.
Utslaggen en tuskenstannen:
A-klasse, earste omloop: Marten Walinga (Waaksens) – Willem Hoekstra (Aldegea) 1-0; Dicky van der Meer (Terherne) – Willem Dykstra (Jorwert) 1-0; Jelle Wiersma (Wommels) – Willem Schaap (Jirnsum) 0,5-0,5; Folkert Groenveld (Jutryp) – Fedde Wiersma (Easterein) 1-0. Twadde omloop: Dykstra – Walinga 0-1; Hoekstra – v.d. Meer 0-1; F. Wiersma – J. Wiersma 0-1; Schaap – Groenveld 0-1. Tuskenstân: Walinga en Groenveld 2; J. Wiersma 1,5; Dykstra en v.d. Meer 1; Schaap 0,5; Hoekstra en F. Wiersma 0.
B-klasse, earste omloop: Sietze de Jong (Aldegea) – Rinze Schukken (Hilaard) 1-0; Siebren Dyk (Jorwert) – Harry Kaspers (Jorwert) 0-1; Jelte Dykstra (Jorwert) – Almar Stegenga (Aldegea) 0-1; Emke Dykstra (Jorwert) – Bonne Hylkema (Jorwert) 0-1. Twadde omloop: De Jong – Dyk 0-1; Kaspers – Schukken 1-0; Stegenga – Hylkema 1-0; J. Dykstra – E. Dykstra 1-0.
Tuskenstân: Kaspers en Stegenga 2; Dyk, J. Dykstra, Hylkema en Schukken 1; E. Dykstra en De Jong 0.
C-klasse, earste omloop: Hindrik Terpstra (Jorwert) – Jan Nauta Bitgummole) 0-1; Doede Ottema (Jorwert) – Meinte Wesselius (Wommels) 0-1; Jelle Anema (Jorwert) – Geart Tigchelaar (Jorwert) 1-0; Imaël Snijders – Anne de Boer (Wommels) 0-1. Twadde omloop: Tigchelaar – Snijders 1-0; Ottema – Terpstra 0-1; Nauta – Wesselius 0-1; De Boer – Anema 1-0.
Tuskenstân: De Boer en Wesselius 2; Anema, Nauta, Terpstra en Tigchelaar 1; Ottema en Snijders 0.
Over de auteur