Rubryk 21-11-2025

doorfriesdammen

Rubryk 21-11-2025

Noch seis kear de jierlikse Wapenpartij te Jorwert, dan belibje we de hûndertse edysje fan dizze jierlikse dammerij. Yn 1932 wie Johannes Douwe Hokwerda de earste winner fan doe noch de Baarderadiel-partij. Allinne dammers út dy gemeente kamen op ‘e list. Folle letter waard it nei in wer-yndieling de Littenseradiel-partij en wie elts wolkom. No fâlt Jorwert ûnder de gemeente Ljouwert. Mar is de namme net meigien. Kafee ‘It Wapen fan Baarderadiel’ is de lokaasje. Grif ien fan de smûkste plakken dêr’t in dammer op in rûzige jûn yn novimber wêze kin. Fjouwer spullen wurde der op twa jûnen ferdamd. Marten Walinga wie yn hâldershân mei trije winstpunten. Opponint Jelle Wiersma, folge mei twaddel punt en moast winne.

M.Walinga – J.Wiersma, Jorwert, 11.11.2025,  Wapenpartij 4-e omloop   

1.34-30 17-21 2.31-26 20-25 De hiel âlde Heegemer-iepening wurdt fan stâl helle. Meastentiids is it 1. 20-25 2.31-26 3.26*17 25*34 4.40*29 12*21 5.29-24 14*34 6.39*30 21-27 7.37*17 7*27 8.32*21 16*27 9.30-24 19*30 10.35*24 27-31 11.36*27 18-22 12.27*18 8*37 13.42*31 3-8 14.31-26 8-12 15.26-21Der wurdt omraak ôfruile. Komplikaasjes wurde noch net socht15. ..11*31 16.41*21 6-11 17.46-41 11*31 18.41*21 9-14 19.47-41 14*34 20.44*24 10-14 21.49-44 14*34 22.44*24 1-6 23.43-38 5-10 24.38-32 13-19 25.24*11 6*26 En mei in lykweardige stân giet it al op nei it einspul. 26.48-43 10-14 27.43-39 14-19 28.45-40 19-23 29.39-34 15-20? De earste stek dy’t falle litten wurdt. 29. ..2-7 hie moatten. Wyt kin no trochpakke 30.34-30 4-10 Dit is in ferplichte set. Op 30. …20-25 folget fansels 50-45 mei winst. Lykas nei 30. ..2-7 as 2-8. 31.30×10 4×15 en wint wyt dat hout.

Wyt hellet no mei in tûke slach kamp. En dat wie genôch foar toernooi-winst. 31.41-36! 26*46 32.50-44! 46*50 33.30-25 50*30 34.25*5 Swart moat der noch goed om tinke. Der steane twa houten op slach. It is kamp nei 34. ..2-7 as 2-8 en ek nei 34. ..30-13 35.5*45  Better noch foar wyt wie 32.30-25 46×28 33.25×5 2-7 (ferpl. om 33. ..28-46? 34.5×34 ferliest lykas 33. ..2-8 34.5-10 8-12 as 13 en dan wer 35.40-34) 34.5-10 28-6 Oars komt wer 40-34 35.10×32 mei goede winstkânsen. 

In wike earder troffen klupgenoaten Jelle Wiersma en Willem Schaap elkoar.  In moai spul mei wikseljende kânsen. 

J.Wiersma – W.Schaap Jorwert, 4.11.2025,  Wapenpartij 1-e omloop 

1.31-26 20-25 2.37-31 14-20 3.32-27 17*37 4.41*32 19-24 5.34*14 10*19 6.40-34 11-17 7.47-41 4-10 8.32-27 17*37 9.41*32 19-24 10.34*14 10*19 11.33-28 7-11 12.28-22 18*27 13.32*21 16*27 14.31*22 12*32 15.38*27 11-16 16.39-34 1-7 17.42-37 7-12 18.37-31 12-17 19.27*7 2*11 20.34-29 19*39 Mei 28.48-42 11-17 21.42-37 hie wyt it bettere spul hawn. 21.43*34 11-17 22.31-27 17*37 23.36*38 16*36 24.46*26 6-11 25.38-32 13-18 26.44-40 8-12 27.49-44 9-13 28.48-43 11-17 Ek hir hie wyt better 28.32-27 11-17 29.27×7 12×1 30.26-21 29.35-30 5-10 29.34-30 25×34 30.35×33 is better. 30.44-39 18-22 31.50-44 22*42 32.43*41 3-9 33.39-33 9-14 34.33-28  Swart hie no de kâns mei 34. ..13-19! 35.44-39? 19-23 36.28×19 14×23 as 35.41-36 19-24 36.30×19 14×32 37.44-39 10-14. Dan mar 35.28-23 19×28 36.44-39 en komt ek net goed. 34. ..13-18 35.28*8 12*3 36.30-24 20*29 37.34*23 14-20 Ek hjir 37. …3-8 (driget 8-13) 38.23-19 14×23 39.40-35 23-29 40.34×23 15-20 38.23-18 17*19 39.26-21 3-8 40.21-17 19-24 41.40-35 10-14 Wyt kin noch net troch nei de daam. 42.41-37 14-19 43.37-31 19-23 Troch mei 44.17-11 23-28 45.11-6 28-33 46.44-40 33-38 47.35-30! 24×44 48.45×32 8-13. Wyt kin no noch gjin daam strike om 1×10 en 15×4. Mar sil it oare hout der by helje, in twaddde daam krije en winne. Op nei kamp 44.31-27 23-28 45.27*29 24*33 46.17-11 33-39 47.44*33 25-30 48.35*24 20*38 49.11-6 38-42 50.6-1 42-47 51.1-40 8-13  

Twa problemen fan Stellinga-Baron 

Nû.9 sw. 2,4,6,7,10,11,18, 23, 28, 30, 45 wyt 15,16,25,26,31,34, 38, 39, 42, 49, 50  

Nû.10 sw. 3,5,6,10, 11, 13-15, 21, 26, 36 wyt 23, 25, 32, 33, 35, 39-41, 44, 45, 47 

Oplossingen noch net stjoere. 

Folkert Groenveld 

Riperwei 6 

8623 XH  Jutryp 

groenveldf@hotmail.com 

Over de auteur

friesdammen administrator