Sterke ferhalen en moai damme

doorfriesdammen

Sterke ferhalen en moai damme

Dammers binne oer it algemien earlike minsken. Inkelde dammers moasten foar de tredde kear damje tsjin mekoar en dan wurdt der keazen om it hout, lykas as men de earste kear tsjin mekoar spylje moat. De kar is net sa dreech: of wyt of swart. Mar ien spiler, ik sil de namme mar net neame,
prestearde it in kear om twa wite houtsjes yn ‘e hannen te hawwen en doe syn tsjinstanner oars neat kieze dan wyt. Mar hy wie wol sa earlik om it swarte houtsje te pakken wat er op skoat hie en doe waard it kiezen noch in kear dien, sa earlik wie er dan wol wer.

Tineke Teigeler moast it opnimme tsjin Bauke Bos. Faaks makket Tineke it Bauke tige dreech mar no kaam it der yn it midden wat nuver op te stean en rekke Bauke in houtsje foar. Dit betsjut noch net dat it spul wûn is want, sa sei se, ik tink net yn problemen mar yn oplossingen. Bauke die it net hielendal goed en kaam wer lyk. It spul einige yn kamp, of remise, it is mar hoe’t jo it neame wolle.

Jan Castelein spile tsjin Jelle Wiersma, dy’t him der in houtsje ôf pakke liet, sadat er sûnder te striken al in houtsje foar wie. Jelle moast oppasse want Jan wie tige skerp. Hy seach krekt op tiid dat er in set, dy’t er graach dwaan woe, better net dwaan koe. By in stân fan twa fan Jan tsjin fjouwer fan Jelle gyng it foar Jan net hielendal goed en dus wûn Jelle de partij. It spul fan Ype Boelens tsjin Kees Castelein hie kamp wêze moatten, mar Kees hie hinne en wer strike moatten op deselde line om it houtsje fan Ype te kearen, en dan
wie it klear, mar Kees gyng op ito are line stean en doe waard it houtsje ek in daam en wie it spul wûn foar Ype.

Bauke Bos – Tineke Teigeler ½ – ½; Jelle Wiersma – Jan Castelein 1-0; Ype Boelens – Kees Castelein 1 0

Over de auteur

friesdammen administrator