HARLINGEN – De striid om de wrâldtitel Frysk damjen is wer folslein yn lykwicht. Yn it monumintale stedhûs fan Harns wûn regearjend wrâldkampioen Marten Walinga tiisdei de sechsde partij fan de WK Match tsjin útdager Taeke Kooistra. Dêrmei poetste hy syn efterstân fuort en is de tuskenstân, mei noch fiif partijen te spyljen, wer folslein yn balâns.
De ferhuzing fan de match nei Harns betsjutte net allinnich in nij dekôr, mar ek in waarm wolkom. Ut namme fan de gemeente Harns hiet wethâlder Hendrik Sijtsma beide spilers en de oanwêzige besikers wolkom. Nei de seremoaniële earste set koe de sechsde partij úteinsette yn de histoaryske riedseal fan it stedhûs, dêr’t de kommende dagen beslist wurde sil wa’t him wrâldkampioen Frysk damjen 2026 neame mei.
Walinga begûn de partij mei in efterstân fan ien punt en keas fuortendaliks foar in ferrassende oanpak. Hy iepene mei de Meike-set, it âldst bekende gambiet út it Frysk damspul. Kooistra akseptearre it offer en kaam koartstoanich in skiif foar, mar lykas wenst yn dizze klassike iepening waard dat materiële foardiel al gau wer priisjûn om in spylbere stelling te behâlden.
Dêrnei ûnttearde him in strategysk kantspul dêr’t beide grutmasters djip yn rekkenje moasten. Net it tal skiven, mar benammen de ferdieling dêrfan oer beide siden fan it boerd bepaalde wa’t it inisjatyf krije soe. Walinga besocht syn tsjinstanner noch mei in raffinearre lokset te ferlieden ta in trochbraak nei daam, mar Kooistra trochseach it gefaar en neutralisearre de driging.
Stadichoan ferskode it inisjatyf lykwols nei de regearjend wrâldkampioen. De earste passive skiven op syn rjochterflank kamen ta ûntwikkeling en setten de foarútskode skiven fan Kooistra ûnder druk. Yn in besykjen dy druk te ferminderjen keas Kooistra foar in ruil nei it sintrum, mar just dêrtroch krige Walinga nije oanknopingspunten foar in oanfal. Doe’t Kooistra dêrnei sels besocht it inisjatyf te nimmen, sloech Walinga fuortendaliks werom. In logysk eagjende ferdigenjende set bliek in beslissende flater. Mei in kombinaasje forsearre de wrâldkampioen in trochbraak dy’t net mear op te hâlden wie. Kooistra seach dat fierder ferwar sinleas wie en joech fuortendaliks op.
Mei de oerwinning hat Walinga de stân wer folslein lyk lutsen. Hoewol’t de psychologyske tik foar Kooistra grut is, leit de striid om de wrâldtitel noch hielendal iepen. Mei noch fiif partijen op it programma sil elke ûnkrekt fan trochslachjouwend belang wêze kinne. Net allinne de spilers, yn ‘e gleonhjitte Riedseal, moasten it uterste fan harsels fergje. Ek de kommentatoaren fan de livestream trotsearren tropyske temperatueren yn de Burgerseal om de partijen fan saakkundich kommentaar te foarsjen. Wylst de spilers har farianten berekkene, analysearren Jouke Algra en ynternasjonaal grutmaster Alexander Shvartsman de mannichte ferburgen mooglikheden dy’t yn de komplekse stellingen ferskûle leine. Harren saakkundige kommentaar joech alle online sjoggers in unyk ynsjoch yn de strategyske rykdom fan it Frysk damspul.
De wrâldtitelstriid yn Harns duorret noch oant en mei snein. Mei de stân wer folslein yn lykwicht belooft de ûntknoping fan de WK Match ferskuorrend spannend te wurden.
Over de auteur