Kooistra lûkt stân wer gelyk nei spektakulêre achtste WK-partij

doorfriesdammen

Kooistra lûkt stân wer gelyk nei spektakulêre achtste WK-partij

Harns – Taeke Kooistra hat de achtste partij fan de wrâldtitelmatch Frysk damjen wûn en dêrmei de stân wer folslein yn lykwicht brocht. Nei in partij fol ferrassingen, yngewikkelde farianten en kânsen oer en wer luts de útdager yn it einspul oan ‘e langste ein. Mei noch trije partijen te gean is de tuskenstân 4 -4.

De seremoaniële iepeningsset waard dien troch Stephan Rekker, foarsitter fan de stichting Friese Rijwiel Elfstedentocht. Rekker is net ûnbekend mei it Frysk damspul; yn syn jeugd spile er it spul yn Winsum. Yn syn iepeningswurd stie er stil by it feit dat dizze tocht al sûnt 1912 de moaie Fryske alve stêden oan docht. De jierlikse fyts Alvestêdetocht lûkt yntusken sa’n 15.000 dielnimmers en heart dêrmei ta de grutste sporteveneminten fan de provinsje. Ek beide wrâldtitelkandidaten, Marten Walinga en Taeke Kooistra, hawwe de tocht meardere kearen folbrocht.

Mei de achtste matchpartij is de symboalyske rûte fan de WK-match yntusken oankaam yn Boalsert. Al betiid yn ‘e partij ferskynde in noch net earder fertoande fariant op it boerd, wêrtroch’t beide spilers daliks ta it uterste twongen waarden. Wat folge wie in fassinearjend taktysk gefjocht dêr’t oanfal en ferdigening inoar hieltyd yn ôfwikselen. Drigingen moasten oan beide kanten sekuer neutralisearre wurde, wylst ek yn de analysearomte koartseftich socht waard nei mooglikheden om earne in beslissend foardiel te ûntdekken. Dy bliek lange tiid net oanwêzich.

Pas yn it einspul wist Kooistra stadichoan de rezjy nei him ta te lûken. Hy boude sawol in tempofoardiel as in komfortabele foarsprong op de klok op en sette Walinga dêrmei hieltyd fierder ûnder druk.

Krekt de tiidsdruk spile de regearjend wrâldkampioen úteinlik parten. Yn in einspul mei noch elk fiif skiven ûntbruts de tiid om de iennige kampfariant te finen. Kooistra profitearre optimaal en fierde it restearjende einspul feilleas nei winst. Troch dizze oerwinning is de spanning yn de wrâldtitelmatch folslein werom.

Mei in likense stân en noch mar trije partijen te spyljen binne beide spilers noch altyd folslein yn de race foar de wrâldtitel. Alles wiist derop dat it beslút pas op de lêste spyldei falle sil, wêrtroch’t leafhawwers harren opmeitsje kinne foar in triljende ûntknoping fan dizze bysûndere twakamp.

Over de auteur

friesdammen administrator